Australyske somprôt
| Australyske somprôt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Rattus lutreolus | ||||||||||||
| Gray, 1841 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Australyske somprôt of Australyske moerasrôt (wittenskiplike namme: Rattus lutreolus), ek wol bekend as de eastlike somprôt of eastlike moerasrôt, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist is endemysk yn eastlik Austraalje. It is in relatyf lytse rôt, dy't sawol nachts as oerdeis aktyf is en in omnivoar dieet hat. De IUCN klassifisearret de Australyske somprôt as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske somprôt is endemysk yn Austraalje. Hy komt dêr foar yn in brede stripe by de east- en súdeastkust fan it fêstelân lâns, fan it Kaap-Yorkskiereilân yn noardlik Queenslân fia Nij-Súd-Wales, it Australysk Haadstedsk Territoarium en Fiktoaria oan it midsuden fan Súd-Austraalje ta. Dêrnjonken libbet dit bist ek op Tasmaanje en guon lytsere eilannen foar de kust, lykas Fraser Island, en yn 'e Bass-strjitte, lykas Flinders en King Island.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske somprôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 16 sm, mei in sturtlingte fan 11 sm en in gewicht fan 120 g. Dêrmei is er oan 'e lytseftige kant foar in echte rôt. It bist is fierders gnobsk boud, mei in swart-brune pels en lytse earen dy't soms suver beskûl geane ûnder it hier. De yn ferhâlding ta it lichem koarte sturt is dûnkergriis fan kleur, skobbich en mar krap behierre.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske somprôt jout, wat biotoop oanbelanget, de foarkar oan tichtbegroeide kriten by rivieren en beken lâns en yn sompen. Eilantsjes foar de kust dy't in tichte fegetaasje hawwe en der by floed net ûnder strûpe, foldogge ek. Australyske somprotten kinne ek libje yn heide, dunen dy't begroeid binne mei strewelleguod en yn mear iepen gebieten begroeid mei lange gerzen of siggen. Drûge fegetaasje mei it risiko op natoerbrannen wurde mijd.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Australyske somprotten meitsje op grûnnivo rillen troch de opgeande fegetaasje om fluch fan it iene nei it oare plak te kommen en teffens om oan rôfdieren ûntsnappe te kinnen. Se binne foar in diel nachts en foar in diel oerdeis aktyf. It tinken mank soölogen is dat it eins wol nachtdieren binne, mar dat se nachts net genôch fretten garje kinne om op tarre te kinnen, sadat se ek oerdeis noch foerazjearje moatte.
De Australyske somprôt hat in tige sterke rooksin, wêrmei't er rôfdieren faak al gewaarwurdt ear't sy him opmurken hawwe.
De peartiid begjint foar de Australyske somprôt yn oktober en rint de hiele simmer (op it súdlik healrûn) troch, oant en mei maart. De draachtiid duorret 23–25 dagen, wêrnei't it wyfke 1–11 jongen smyt. Dy binne tsjin augustus allegearre geslachtsryp, sadat se binnen in jier oan 'e fuortplanting dielnimme kinne.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske somprôt hat ornaris in fierhinne herbivoar dieet dat bestiet út reiden, sieden en de stâlen fan gerzen dy't yn sompen groeie. Yn 'e simmer follet er dat fretten oan mei ynsekten en poddestuollen. By 't maityd (tink derom: septimber–desimber) wurde lykwols inkeld sieden iten, om't dy der dan yn oerfloed binne en mooglik ek om't se in hege fiedingswearde hawwe yn wat de peartiid fan 'e Australyske somprôt is.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Australyske somprôt binne ferskate soarten rôffûgels, ûlen en slangen, mar ek de dingo (Canis lupus dingo) en de foks (Vulpes vulpes), dat yn Austraalje in ynvasive eksoat is.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske somprôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 3 (stân fan saken yn 2025) erkende ûndersoarten fan 'e Australyske somprôt (Rattus lutreolus):
- R. l. lacus (guon isolearre stikken heech lein tropysk reinwâld yn 'e neite fan Atherton yn noardwestlik Queenslân)
- R. l. lutreolus (by de east- en súdeastkust fan it fêstelân fan Austraalje lâns, fan noardlik Queenslân oant sintraal Súd-Austraalje)
- R. l. velutinus (Tasmaanje en de eilannen yn 'e Bass-strjitte)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

