Australyske keningsparkyt
| Australyske keningsparkyt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Alisterus scapularis | ||||||||||||
| Lichtenstein, 1816 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Australyske keningsparkyt (Alisterus scapularis) is ien fan 'e trije soarten keningsparkiten yn it skaai keningsparkiten (Alisterus) út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mantsjes ha in helderreade kop en foarkant. De mantelfearren binne grien. Oer de wjuk rint in smelle, ljochtgrien streek. De fûgel hat in in smelle bân op 'e oergong fan 'e nekke nei de mantelfearren, in blaufiolette stút en in brede swarte sturt. De snaffel is read en de iris goudgiel. Wyfkes ha oare kleuren en ha in griene kop en in grien boarst. Allinnich de búk is read. Har snaffel is donkergriis oant swart. Op har wjukken ûntbrekt de streek of dy bestiet heechút út in pear ljochtgriene fearkes.
Jonge fûgels ha deselde kleuren as it wyfke, mar binne te ûnderskieden troch in ljochtgiele snaffel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk yn Austraalje en libbet yn it eastlike diel fan it kontinint yn Queensland, Nij-Súd-Wales en Fiktoaria.
Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
- Alisterus scapularis scapularis: fan it eastlike diel fan Sintraal-Queensland oant súdlik Fiktoaria (nominaatfoarm).
- Alisterus scapularis minor: noardeastlik Queensland.
De Alisterus scapularis minor is lytser en donkerder as de nominaatfoarm.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske keningspapegaai wurdt yn bosken en tunen oantroffen. De fûgel siket iten yn fruchtbeammen en wurdt faak by fûgelfoerbakken sjoen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrfandinne is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasje is net bekend, mar der is habitatferlies en dêrom wurdt oannommen dat de oantallen tebekrinne. De fûgels komme noch frij algemien foar en de Australyske keningsparkyt wurdt troch de IUCN as net bedrige op 'e Reade list klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
