Australyske jakana
| Australyske jakana | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Irediparra gallinacea | ||||||||||||
| Temminck, 1828 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Australyske jakana (Irediparra gallinacea) is in fûgel út 'e famylje jakanafûgels. It is de iennige soarte yn it skaai Irediparra.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Australyske jakana hat lykas oare soarten in lange hals, lange poaten mei tige lange teannen en in ekstra lange eftertean. Opfallend is de reade kaam foar op 'e kop. De krún, rêch en it boarst binne swart. De rest fan 'e kop, de búk en de kiel binne wyt. Om 'e eagen en op 'e kiel is ek wat oranjebrún te sjen. De wjukken binne brún. In juvenyl liket op in folwoeksen fûgel, mar hat in donkerreade oant swarte kop en nekke. Boppedat is de kaam folle lytser en donkerder fan kleur.
Mantsjes en wyfkes binne hast itselde, mar it mantsje is aardich lytser. It mantsje wurdt ynklusyf sturt likernôch 20 oant 22 sm lang, wylst it wyfke sa'n 24 oant 27 sm lang wurde kin. De spanwiidte fariëarret fan 39 oant 46 sm.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guon behannelje de fûgel as monotypysk, oaren ferdiele de fûgel yn ûndersoarten:
- I. g. gallinacea – súdlik Borneo, Sulawesi, Mindanao, de Molukken en de Lytse Sûnda-eilannen
- I. g. novaeguinae – noardlik en sintraal Nij-Guineä, Misool en de Arû-eilannen
- I. g. novaehollandiae – súdlik Nij-Guinea, D'Entrecasteaux-eilannen en noardlik en eastlik Austraalje
Syn habitat bestiet út grutte swietwettersompen, wiete greiden en marren mei in oerfloed oan driuwende fegetaasje, lykas wetterleeljes of wetterhyasinten, dy't as matten op it wetteroerflak funksjonearje wêrop't er rinne kin.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel rint stadich en bewust en wurdt faak yn kloften sjoen. By fersteuring fljocht er leech oer it wetter en lânet wer op iepen begroeiïng.

Lykas oare soarten yn it skaai is de fûgel polyandrysk. De fûgel begjint te brieden yn it reinseizoen as der genôch iten is en bout in nêst op driuwende of opkommende fegetaasje, wêryn't it wyfke fjouwer glânzgjende, ljochtbrune aaien mei swarte spikkels leit. Allinnich mantsjes briedt de aaien út. De jongen komme goed ûntwikkele út en ferlitte it nêst al gau .
Australyske jakana's ite sied en wetterynsekten, dy't er sammelet fan driuwende fegetaasje op it wetteroerflak.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is seldsum en lokaal oanwêzich. Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje en it is likemin bekend hoe't de soarte him ûntwikkelet, mar yn syn ferspriedingsgebiet is der sprake fan habitatsferneatiging. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2025) op 'e Reade list klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
