Springe nei ynhâld

Australyske flaggesturtiisfûgel

Ut Wikipedy
Australyske flaggesturtiisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai flaggesturtiisfûgels (Tanysiptera)
soarte
Tanysiptera sylvia
Gould, 1850
IUCN-status: net bedrige

De Australyske flaggesturtiisfûgel (Tanysiptera sylvia) is ien fan 'e njoggen fûgelssoarten fan it skaai flaggesturtiisfûgels (Tanysiptera) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Fûgel yn Queensland.

De Australyske flaggesturtiisfûgel is in kleurrike fûgel mei twa lange wite sturtpinnen en in felreade snaffel. De kop en wjukken binne blau mei in swarte eachstreek en se ha in wite streek oer de rêch. Jonge fûgels ha koartere sturtpinnen en in swarte snaffel.

Simmerdeis briedt de fûgel yn 'e fochtige tropen fan it noardeasten fan Queensland en it súdeasten fan Nij-Guineä. Fûgels út Queensland trekke healwei it jier nei Nij-Guineä. Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:

  • Tanysiptera sylvia sylvia: Queensland (noardeastlik Austraalje).
  • Tanysiptera sylvia salvadoriana: súdeastlik Nij-Guineä.

Earder waard de swartkopflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera nigriceps) ek ta de sylvia rekkene en guon dogge dat noch jimmeroan.

It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar de soarte is lokaal seldsum oant algemien. De fûgels binne ôfhinklik fan bosk en it foar de fûgel geskikte areaal bosk nimt ôf. Dêrom wurdt fan in lichte tebekgong fan 'e oantallen útgien. De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: