Australyske dûkein
| Australyske dûkein | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
jerk wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Aythya australis | ||||||||||||
| Eyton, 1838 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Australyske dûkein (Aythya australis) is in fûgel fan it skaai jollings (Aythya) út de famylje einfûgels (Anatidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Australyske dûkeinen binne lytser as de measte einen en wurde meast net folle langer as 45 sm. Se binne oer it generaal ek rûner fan foarm as de measte oare einen. Jerken en wyfkes binne op it boppebealchje brún en ha readbrune flanken en in wite búk, dy't meast net te sjen binne as de ein swimt. De efterrânen en hast de hiele ûnderkant fan 'e wjukken binne wyt. De eagen fan it mantsje binne opfallen wyt, de eagen fan it wyfke binne brún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Australyske dûkeinen binne algemien yn it súdeasten fan Austraalje, fral yn it Murray-Darling-bekken, mar ek yn 'e wietere gebieten oan 'e kust. Yn normale jierren trekke se net hiel fier, mar as der hiele drûge tiden oanbrekke, kinne se fier trekke. Dan kinne gruttere groepen ek op Nij-Seelân, Nij-Guineä en de Pasifisytske eilannen sjoen wurde. Se kinne dêr dan in skoft bliuwe, somtiden wol twa briedseizoenen.
De soarte hat in foarkar foar gruttere marren, sompen en rivieren mei djip, stilsteand wetter. Se binne ek wol te sjen yn lytsere rivieren, op splis lân en dobben. Oer it generaal binne se net oan'e kust te sjen. Se wurde meast op wetter en komselden op it lân waarnommen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas oare soarten dûkeinen sykje se iten troch djip te dûken, wêrby't se faak wol in minút ûnder wette bliuwe kinne. Se litte harren ûnder wetter gliidzje troch harren kop te sakjen en mei harren krêftige swimfluezen dûke se nei djipper wetter om in breed skala oan lytse wetterdierkes te iten, oanfolle mei planten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se ha in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje is stabyl. De IUCN beöardielet de soarte op 'e Reade list as net bedrige. Yn 2023 waard de populaasje tusken 100.000 oant 1.000.000 fûgels rûsd, itjinge likernôch 66.700 oant 667.000 folwoeksen fûgels betsjut. Yn Austraalje is de ein in jachtfûgel.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Hardhead
|
