Springe nei ynhâld

Australeilannen

Ut Wikipedy
Australeilannen
emblemen
polityk
soarte gebietarsjipel
lân Frankryk
oerseesk gebiet Frânsk-Polyneezje
haadplakMata‘ura
grutste plakMoerai
heechste berchPerahu
wichtichste eil.Tupua‘i, Rūrutu, Rimatara,
Ra‘ivāvae, Rapa Iti
sifers
ynwennertal6.592 (2022)
oerflak147,8 km²
befolkingstichtens44,6 / km²
heechste punt650 m
tal eil.7 (wêrfan 5 bewenne)
oar
tiidsôneUTC –10
simmertiidgjint
koördinaten23°88′ S 147°67′ W
kaart
Australeilannen (Frânsk-Polyneezje)
Australeilannen
De lizzing fan 'e Australeilannen yn
Frânsk-Polyneezje.

De Australeilannen (Frânsk: Îles Australes (útspr.: [ˈil oːˈstʁal], likernôch: "yl oo-stchal") binne in arsjipel yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. De eilannen hearre geografysk ta de gruttere regio Polyneezje en falle bestjoerlik ûnder Frânsk-Polyneezje, dat in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk is. Der binne sân eilannen, wêrfan't fiif bewenne wurde, ferdield oer twa groepen: de Tupua‘i-eilannen en de Basseilannen. Se binne fan fulkanyske oarsprong en hawwe in tropysk klimaat. Polynezyske seefarders setten har der oan it begjin fan it twadde milennium nei wenjen. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waard de arsjipel kolonisearre troch Frankryk. It haadplak is Mata‘ura, op it eilân Tupua‘i. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 wenje der tsjintwurdich krapoan 6.600 minsken op 'e eilannen.

De namme 'Australeilannen' komt fan it Grykske wurd australis, dat "súdlik" betsjut (krekt as Austraalje, dat dêr ek fan ôflaat is). De namme ferwiist nei de súdlike lizzing fan 'e eilannen yn ferhâlding ta Tahity en de Genoatskipseilannen.

De Australeilannen binne in arsjipel dy't rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan leit, ter hichte fan 'e Stienbokskearkring. De eilannegroep heart geografysk ta de gruttere regio Polyneezje, dêr't û.m. Tonga, Samoä, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ek ûnder falle. Bestjoerlik meitsje de Australeilannen yn 'e mande mei de Genoatskipseilannen, de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen en de Gambiereilannen diel út fan Frânsk-Polyneezje, dat in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is. De Australeilannen binne de súdlikste fan dy fiif arsjipellen en lizze sa'n 650 km besuden it eilân Tahity, dêr't Papeete leit, de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje.

In lânkaart fan 'e Australeilannen.

De Australeilannen lizze yn in langwerpige kloft fan it súdeasten nei it noardwesten. De arsjipel falt geografysk útinoar yn twa dielen: de eigentlike Australeilannen yn it noardwesten, dy't nei it wichtichste eilân ek wol de Tupua‘i-eilannen (Frânsk: Îles Tubuai) neamd wurde, en de Basseilannen (Frânsk: Îles basses) yn it súdeasten.

De Tupua‘i-arsjipel bestiet út it ûnbewenne atol Maria yn it uterste noardwesten en de bewenne hege fulkanyske eilannen Rimatara, wat mear nei it suden, en Rūrutu, Tupua‘i en Ra‘ivāvae op in min ofte mear rjochte line nei it súdeasten. Dan komt der sa'n 500 km iepen oseaan, wêrnei't yn it súdeasten de Basseilannen folgje, dy't besteane út it bewenne Rapa of Rapa Iti en it ûnbewenne Marotiri, ek bekend as Bass Rocks (Îlots de Bass). It grutste eilân fan 'e Australeilannen is Tupua‘i. Mei-inoar hawwe de eilannen in oerflak fan net mear as 147,8 km². It heechste punt op 'e Australeilannen is de berch de Perahu op Rapa, mei in hichte fan 650 m boppe seenivo.

Utsein Maria, dat in atol is, binne de Australeilannen fan fulkanyske oarsprong. Se binne skepen troch de Macdonaldhotspot, in fulkanyske hotspot dêr't yn geologyske termen oan ien wei troch magma opboarrelet út 'e djipten fan 'e ierde, mei as gefolch it ûntstean fan fulkanen dy't lang om let sa heech wurde dat se boppe de seespegel út stykje en eilannen foarmje. Troch de tektoanyske beweging fan 'e Pasifyske Plaat yn noardwestlike rjochting wurde dy eilannen hieltyd dy kant út fuortfierd, wêrnei't der boppe de hotspot wer in nij eilân ta wêzen komt. Op dy wize binne alle fulkanyske Australeilannen foarme. De iennichste aktive fulkaan is de ûnderseeske berch de Macdonald, wêrfan't de top anno 2025 op in djipte fan 40 m ûnder de seespegel leit.

Prekoloniaal tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de prekoloniale tiid fan 'e Australeilannen taast men noch fierhinne yn it tsjuster, mei't der op 'e eilannen noch mar skraachoan argeologyske opgravings ferrjochte binne. De ierste bewenners wiene Polynezyske seefarders, dy't yn it ramt fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren oer in perioade fan ferskate tûzenen jierren út Súdeast-Aazje wei almar fierder de Stille Oseaan op teagen. Wannear't dyselden har foar it earst op 'e Australeilannen nei wenjen setten, is ûndúdlik. Omreden fan 'e ôfhandige lizzing fan 'e arsjipel yn 'e perifery fan Polyneezje geane saakkundigen der lykwols fan út dat de kolonisaasje fan 'e eilannen frij let plakfûn hawwe moat, wierskynlik earne oan it begjin fan it twadde milennium, tusken 1000 en 1200. De earste bewenners kamen nei alle gedachten fan 'e Genoatskipseilannen en de Cookeilannen, mei't der dúdlike kulturele en taalkundige bannen besteane tusken dy beide arsjipellen en de Australeilannen.

Utstalling fan deistige gebrûksfoarwer-pen út it prekoloniaal tiidrek fan 'e Austral-eilannen.

De prekoloniale maatskippij wie op 'e Australeilannen, krekt as op 'e measte oare plakken yn Polyneezje, sterk stratifisearre, mei klassen fan eallju, preesters, hantwurkslju en krigers dy't strikt faninoar skaat wiene. Oarspronklik lykje de lju yn delsettings oan it strân wenne te hawwen, mar omreden fan oanboazjende tribale oarlochfiering waarden dy lokaasjes, wierskynlik yn 'e santjinde of achttjinde iuw, ferlitten, wêrnei't der sterk fortifisearre doarpen op heuveltoppen yn it binnenlân fan 'e eilannen boud waarden. Op Rapa allinnich al binne de restanten fan fyftjin fan sokke delsettings weromfûn. De ferneamde Noarske argeolooch Thor Heyerdahl, dy't de Australeilannen yn 1956 besocht yn it ramt fan in wittenskiplike ekspedysje, rûsde de âldens fan it doarp op 'e Moronga Uta-heuvel op Rapa tusken de 200 en 300 jier, wylst neffens him it fortekompleks fan Hatututi, op Ra‘ivāvae, datearre út omtrint 1700. Troch de ûnophâldlike oarloggen, dy't wierskynlik mank giene mei in oereksploitaasje fan natuerlike helpboarnen, wie de oarspronklike befolking fan 'e arsjipel nei alle gedachten sels foar it earste kontakt mei de Jeropeänen al drastysk belune.

Tiidrek fan 'e Untdekkingsreizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rūrutu wie it earste eilân fan 'e Australarsjipel dat troch Jeropeänen "ûntdutsen" waard, doe't it yn 1769 besocht waard troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook. Dyselde arrivearre op 14 augustus, liet syn marineskip, de HMS Endeavour, foar de kust foar anker gean, en stjoerde de oare moarns in sloep ûnder befel fan luitenant-op-see John Gore nei it eilân ta. Doe't op it strân in grutte kliber bewapene krigers gearklofte, keas Gore derfoar en kear om, mei't er fan Cook befel krigen hie om konfliktsitewaasjes út 'e wei te gean. Cook sylde dêrnei fuort sûnder fierder besocht te hawwen om kontakt te meitsjen mei de eilânbewenners.

In tinkteken op it plak fan it âlde Fort George op Tupua‘i, dêr't yn it Frânsk (boppe) en it Australeesk (ûnder) op werjûn stiet dat de delsetting op 10 july 1789 boud waard troch de opstannelingen fan 'e HMS Bounty ûnder lieding fan Fletcher Christian.

Ra‘ivāvae waard ûntdutsen troch de Spanjert Tómas de Gayangos, dy't dêr op 5 febrewaris 1775 besocht inkele bemanningsleden lânje te litten. Mar harren sloep waard yn 'e Mahanatoabaai tsjinkeard troch ferskate oarlochskano's. James Cook ûntdiek Tupua‘i yn maart 1777, op syn trêde ekspedysje nei de Stille Súdsee, mar koe dêr likemin foet oan 'e wâl krije.

Cook syn ferslach fan dat barren wie lykwols bekend by Fletcher Christian, de lieder fan 'e opstannige bemanningleden fan 'e HMS Bounty. Nei't se op 28 april 1789 yn 'e Tûamotû-arsjipel kaptein William Bligh en dy syn fertroulingen oerboard set hiene yn in sloep, sylden se nei Tupua‘i, dêr't se mar in wike bleaune ear't se weromkearden nei Tahity. Mei foarrieden en Tahitiaanske froulju dy't harren by har jûn hiene, giene se doe wer nei Tupua‘i mei de bedoeling om har dêr nei wenjen te setten yn in delsetting dy't se Fort George neamden. Mar ûnderlinge ûniennichheden en bloedige konfrontaasjes mei de Australezen, wêrby't troch it moderne wapenreau fan 'e opstannelingen 66 eilânbewenners sneuvelen, makke dat se nei in fearnsjier wer skipgiene op 'e Bounty en fuortsylden nei it easten, dêr't se úteinlings de ûnbewenne Pitcairneilannen fûnen en kolonisearren.

Rapa, ek bekend as Rapa Iti, waard yn 1791 ûntdutsen troch de Ingelske ûntdekkingsreizger George Vancouver, wylst George Bass yn 1800 it ûnbewenne Marotiri yn sicht krige. Rimatara waard pas yn 1811 ûntdutsen troch de Britsk-Tahitiaanske keapman Samuel Pinder Henry. It bestean fan it ûnbewenne atol Maria, ta einbeslút, rekke net earder as yn 1824 bekend, doe't George Washington Gardner, in Amerikaanske walfiskfarder út Nantucket, it by tafal yn it each krige.

Koloniaal tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Pōmare-dynasty yn 'e 1810-er jierren syn hearskippij oer Tahity konsolidearre hie mei de stipe fan 'e kalvinistyske Ingelske sindelingen fan it Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS), fette kening Pōmare II it idee op om 'e ynfloedssfear fan it Keninkryk Tahity út te wreidzjen nei oare eilannen (wêrfan't it bestean op Tahity altyd al bekend west hie). De Amerikaanske brik fan in kaptein Lewis waard hierd, en dêrop waard de kening mei syn hofhâlding en ferskate sindelingen yn oktober 1819 nei de Australeilannen ta fearn.

By oankomst die bliken dat op ferskate eilannen tusken de clans ûnderling oarlochfierd waard. Mei it grutte oansjen fan in Polynezyske foarst wist Pōmare II de partijen derfan te oertsjûgjen en los harren konflikten ûnder syn bemiddeling op diplomatike wize op. Doe't er wer op hûs oan gie, liet de kening as in soartemint steedhâlder ien fan syn Tahitiaanske haadlju efter. Dyselde klearre it paad foar de sindelingen fan it LMS dy't in jier letter oerkamen fan Mo‘orea. De kerstening fan 'e Australeilannen ferrûn freedsum, mei't de haadlju har gewillich dope lieten by wize fan oplossing fan 'e oanhâldende oarlochssitewaasje. De Australeilannen waarden fan dy tiid ôf troch de Pōmare-dynasty ta it Keninkryk Tahity rekkene, hoewol't de bewenners fan 'e eilannen dat wierskynlik oars seagen.

Fan 1862 oant en mei 1864 hiene de Australeilannen slim te lijen ûnder blackbirding, in praktyk wêrby't Súdsee-eilanners ta slaaf makke waarden en op Westerske skippen ûntfierd waarden om slave-arbeid te ferrjochtsjen yn (yn dit gefal) Súd-Amearika. De dieders wiene Perûvianen en Silenen, dy't yn totaal mear as 3.500 Australezen finzen namen en ôffierden.

Net alle konfrontaasjes einigen lykwols itselde. Yn 'e Ahureibaai by it eilân Rapa giene yn desimber 1862 fiif skippen foar anker, wêrnei't der in kliber swierbewapene slavehellers op it strân lâne. Mar de Rapanen loeken har werom yn harren heuvelforten, en de slavehellers moasten har ôfjaan sûnder wat bedijd te hawwe. In pear dagen letter arrivearre by it eilân de Cora, in Sileenske skoender, ek mei as doel om slaven te heljen. Trettjin ynlânske haadlju besleaten de lapen gear te smiten en mei-inoar te besykjen om it skip te feroverjen. In groepke krigers gloep by nacht oan board en naam de kaptein yn gizeling, wêrnei't de bemanning har sûnder ferset oerjoech. De Cora waard dêrnei mei bemanning en al nei Tahity fearn en dêre oan 'e Frânske autoriteiten oerdroegen. Fiif fan 'e bmanningsleden hiene der lykwols foar keazen om op Rapa te bliuwen. Doe't letter de brik Misti by Rapa arrivearre mei itselde doel as de eardere skippen, seach de kaptein dêr fanôf doe't er fan 'e fiif efterbliuwers te hearren krige wat der mei de Cora bard wie.

De keninklike famylje en haadlju fan Rūrutu, fotografearre yn 1889, it jier dat it eilân troch Frankryk anneksearre waard.

Underwilens wie it Keninkryk Tahity yn 1842 in protektoraat fan Frankryk wurden. Yn namme wie it noch in selsstannich lân mei yntern selsbestjoer, mar feitliks wie it al in koloanje en hie keninginne Pōmare IV net folle mear yn te bringen. De oanboazjende Frânske ynfloed naam op 'e Australeilannen foar it earst fêste foarm oan doe't Frankryk yn 1874 in protektoraat oer Tupua‘i ôfkundige. Tahity sels waard yn 1880, nei de abdikaasje fan 'e lêste kening, Pōmare V, ek formeel in Frânske koloanje. Keninginne Tamaeva IV fan Rimatara en kening Teuruari‘i IV fan Rūrutu seagen it swurk driuwen en lobbyden yn 1888 om 'e nocht om Britske beskerming te krijen. It resultaat wie dat se yn 1889 troch Frankryk anneksearre waarden. Ra‘ivāvae en Rapa waarden yn 1900 en 1901 ek opslokt.

Sa kamen alle Australeilannen by de saneamde Établissemants de l'Océanie (de "Oseänyske Fêstigings") te hearren, sa't de Frânske koloanje yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan doe hiet. Yn 1903 waard de namme fan 'e koloanje feroare yn Établissements françaises d'Océanie ("Frânske Fêstigings yn Oseaanje"), ôfkoarte ta EFO. Nei ôfrîn fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard it gebiet yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle bewenners fan 'e Australeilannen de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings. De namme fan it gebietsdiel waard yn 1957 offisjeel feroare yn Polynésie française ("Frânsk-Polyneezje").

De ekonomy fan 'e Australeilannen stipet foar it meastepart op selsfoarsjennende lânbou. De tige fruchtbere grûn en it waarme en fochtige klimaat meitsje it mooglik om grienten, taro, yams en tropysk en subtropysk fruit te ferbouwen. De produkten wurde yn haadsaak troch de bouboeren sels konsumearre, wylst it bytsje oerskot (bgl. in diel fan 'e pleatslik produsearre kopra) eksportearre wurdt nei Tahity. Poer foar de eksport wurde inkeld wat kofje (op Ra‘ivāvae en Rūrutu) en fanylje (op Rūrutu) ferboud. Fierders wurdt der foar eigen gebrûk ek fiskerij en feehâlderij (fan hinnen en bargen) bedreaun.

Toerisme hat oant no (2025) ta gjin faktor fan belang west yn 'e regionale ekonomy, en de toeristyske ynfrastruktuer stiet op 'e Australeilannen sadwaande noch yn 'e berneskuon. De eilannen binne te berikken mei de regulier farrende befoarriedingsboaten fan Tahity ôf en mei ynterne flechten binnen Frânsk-Polyneezje, fersoarge troch de loftfearmaatskippij Tahiti Air, fanôf de Ynternasjonale Lofthaven Fa‘a‘ā by Papeete op Tahity. Om 'e fleanmasinen ûntfange te kinnen, binne der fleanfjilden op Rimatara, Rūrutu, Tupua‘i en Ra‘ivāvae.

It gemeentehûs fan Tupua‘i.

Bestjoerlik hearre de Australeilannen, yn 'e mande mei de Genoatskipseilannen, de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen en de Gambiereilannen, ta Frânsk-Polyneezje. Dat is gjin selstannich lân, mar in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM).

Binnen Frânsk-Polyneezje foarmje de Australeilannen ien fan 'e fiif saneamde 'bestjoerlike ûnderferdielings' (Frânsk: subdivisions administratives). Oan it haad fan sa'n gebiet stiet in 'ryksbestjoerder' (administrateur de l'état), dy't soms ek 'haad fan 'e bestjoerlike ûnderferdieling' (chef de la subdivision administrative) neamd wurdt. Sokken binne oanstelde amtners ûnder de hege kommissaris fan 'e republyk en de presidint fan Frânsk-Polyneezje. De administrateur de l'état hat syn sit yn Mata‘ura op Tupua‘i, dat om dy reden as it haadplak fan 'e Australeilannen oanwiisd wurde kin.

De Australeilannen en trije fan 'e oare bestjoerlike ûnderferdielings foarmje elts ek in desintralisearre ûnderferdieling fan it regear fan Frânsk-Polyneezje, in saneamd 'distrikt' (circonscription). Oan it haad fan sa'n distrikt stiet in 'territoriaal bestjoerder' (administrateur territorial), dy't lykwols almeast oantsjut wurdt mei de Tahitiaanske term tavana hau. Dyselde fiert pleatslik de besluten út fan it regionale regear en rapportearret streekrjocht oan 'e presidint.

De bestjoerlike ûnderferdielings binne sels wer bestjoerlik ûnderferdield yn gemeenten (communes). Yn it gefal fan 'e Australeilannen giet it dêrby om fiif gemeenten, dy't fierhinne gearfalle mei de fiif bewenne eilannen. It ûnbewenne atol Maria heart ta de gemeente Rimatara, wylst it ûnbewenne Marotiri ûnder de gemeente Rapa falt.

De reade Tupua‘i-hibiskus (Hibiscus rosa-sinensis).

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 hiene de Australeilannen doe 6.592 ynwenners. Dat komt del op 2,4% fan 'e hiele befolking fan Frânsk-Polyneezje. De befolkingstichtens fan 'e Australeilannen bedroech 44,6 minsken de km² (wêrby't allinnich lân meirekkene is). Fan 'e sân eilannen binne fiif bewenne: Rimatara, Rūrutu, Tupua‘i, Ra‘ivāvae en Rapa (ek bekend as Rapa Iti). It grutste plak op 'e Markesaseilannen is Moerai op Rūrutu, dêr't yn 2017 987 minsken wennen, oftewol 15% fan 'e hiele befolking fan 'e Australeilannen. It haadplak is Mata‘ura, op Tupua‘i, dat yn 2017 929 ynwenners hie en dêrmei yn grutte it twadde plak fan 'e arsjipel wie.

Oars as yn oare dielen fan Frânsk-Polyneezje is de befolking fan 'e Australeilannen sûnt de midden fan 'e 1990-er jierren allinne mar belune. (Yn 2012 wennen der bygelyks noch 6.820 minsken op 'e eilannen.) De reden dêrfoar is it gebrek oan wurk en dêrom ek takomst op 'e isolearre eilannen, mei as gefolch dat benammen de jongere generaasjes fuorttsjogge nei Tahity of oare dielen fan Frânsk-Polyneezje, of sels nei Frankryk, op 'e siik nei bettere foarútsichten.

It meastepart fan 'e befolking fan 'e Australeilannen bestiet út etnyske Australezen. Dy foarmje in Polynezysk folk, dat nau besibbe is oan 'e oare etnyske groepen yn Frânsk-Polyneezje, lykas de Tahitianen fan 'e Genoatskipseilannen, de Tûamotûanen fan 'e Tûamotû-eilannen, de Markeezjers fan 'e Markesaseilannen en de Mangarevanen fan 'e Gambiereilannen. Yn 2017 wiene der sa'n 6.300 etnyske Australezen yn Frânsk-Polyneezje, wat delkaam op 2,3% fan 'e doetiidske totale befolking. De Basseilannen hawwe sa'n ôfhandige lizzing dat de bewenners in aparte etnyske groep foarmje, de Rapanen. Fan harren wiene der yn 2017 omtrint 700 yn Frânsk-Polyneezje, wêrmei't se 0,3% fan 'e befolking útmakken. Der libje mar in hiel lyts bytsje lju fan oare etnyske groepen op 'e Australeilannen, benammen Tahitianen en in hantsjefol Frânsen.

Der wurde twa lânseigen talen sprutsen op 'e Australeilannen: it Australeesk fan 'e Tupua‘i-eilannen en it Rapaansk fan 'e Basseilannen (eins allinnich fan Rapa Iti). Beide talen hearre ta de Polynezyske taalkloft fan 'e Austronezyske supertaalfamylje. It Australeesk wurdt ta de Tahityske talen rekkene en is sadwaande nau besibbe oan û.o. it Tahitiaansk fan 'e Genoatskipseilannen, it Tûamotûaansk fan 'e Tûamotû-eilannen, it Maoary fan Nij-Seelân en it Cookeilânmaoary fan 'e Cookeilannen. Nei it Rapaansk is noch mar sa'n bytsje ûndersyk dien dat dy taal almeast wat apart holden wurdt fan 'e oaren, hoewol't party taalkundigen it poer op grûn fan geografy as in dialekt fan Australeesk behannelje.

De Ahureibaai op Rapa.

Neffens sifers út 2007 hie it Australeesk doe 5.000 sprekkers (79,4% fan 'e etnyske groep) en it Rapaansk 300 sprekkers (66,7% fan 'e befolking fan Rapa, mar 42,9% fan 'e etnyske groep). De iennichste offisjele taal yn Frânsk-Polyneezje (en dus ek op 'e Australeilannen) is lykwols it Frânsk.

Frijwol de hiele befolking fan 'e Australeilannen bestiet hjoed de dei út kristenen, wat it gefolch is fan 'e yngeande kerstening fan 'e arsjipel yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw. De mearderheid fan 'e Australezen wurdt opmakke troch leden fan ferskate protestantske denominaasjes. In minderheid heart ta de Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't op 'e Australeilannen fjouwer tsjerkegebouwen hat: twa op Tupua‘i, ien op Rūrutu en ien op Ra‘ivāvae. De roomsen op 'e eilannen falle ûnder it Aartsbisdom Papeete.

De noardwestlike Australeilannen hawwe in tropysk klimaat, dat lykwols relatyf koel is yn ferhâlding ta it (ek tropyske) klimaat fan 'e folle noardliker leine Genoatskipseilannen. De simmers binne hjit en near, mei in oerfloed oan delslach dy't oanfierd wurdt troch eastlike winen. Yn febrewaris en maart, de waarmste moannen, leit de trochsneed temperatuer oerdeis op 28,6 °C. De (súdlike) winter is waarm en fochtich, mei temperatueren dy't mar in pear graden leger lizze. Yn augustus, de kâldste moanne, berikt it kwik oerdeis trochinoar in hichte fan 24,4 °C. Yn totaal krije de eilannen jiers 1.826 mm oan reinwetter. De súdwestlike Basseilannen hawwe ek in tropysk klimaat, mar de temperatueren lizze dêr leger: 26,4 °C oerdeis yn 'e waarmste moanne (febrewaris) en 20,4 °C yn 'e kâldste moannen (augustus en septimber), mei in jierlikse delslach fan 2.575 mm.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.