Springe nei ynhâld

Australyske gint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Australazyske gint)
Australyske gint
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljegintfûgels (Sulidae)
skaaiginten (Morus)
soarte
Morus serrator
G.R. Gray, 1843
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Australyske gint (wittenskiplike namme: Morus serrator), ek wol de Pasifyske gint neamd of de Australazyske gint (ferwizend nei Australaazje), is in fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus). Dit bist komt foar yn Austraalje en Nij-Seelân. It is in grutte fûgel, dy't de oare beide soarten út it skaai fan 'e ginten kwa uterlik net wanlyk is. De Australyske gint libbet boppe see, dêr't er jaget op fisk. Hy briedt yn massale koloanjes, ornaris op rotsige eilantsjes ticht foar de kust. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as net bedrige.

De Ingelske botanikus sir Joseph Banks, in lid fan 'e earste ekspedysje fan James Cook, skeat op 24 desimber 1769 trije Australyske ginten by de Trijekeninge-eilannen foar de kust fan Nij-Seelân. De fûgels waarden slachte en op earste krystdei troch de seelju fan 'e ekspedysje opiten. Daniel Solander beskreau de fûgel, wêrby't er benammen oandacht skonk oan 'e ferskillen mei de (gewoane) gint (Morus bassanus). Mei't doedestiden noch tocht waard dat de gintfûgels (Sulidae) nau besibbe wiene oan 'e pilekaanfûgels (Pelicanidae), betocht er de wittenskiplike namme Pelecanus chrysocephalus, dy't er trochskraste en ferfong troch Pelecanus sectator. Sydney Parkinson yllustrearre de fûgel ûnder dy namme, mar dy skreau er blykber ûndúdlik, want lettere ornitologen liezen it as Pelicanus serrator, fan serra, "seage", dat ferwize soe nei de kartele rânen fan 'e snaffel.

In Australyske gint driuwt op it wetter fan 'e see nei in dûk.

In jildige wittenskiplike beskriuwing foar de Australyske gint waard foar it earst yn 1841 opsteld troch de Ingelsk-Australyske ornitolooch John Gould. Dyselde basearre him op spesimina dy't ôfkomstich wiene fan 'e rivier de Derwent op Tasmaanje en fan it eilân Actaeon foar de Tasmaanske kust. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Sula australis, dat oerset wurde kin as "súdlike gint", hoewol't it skaai Sula tsjintwurdich reservearre is foar de tropenginten. It die lykwols bliken dat de namme Sula australis troch James Francis Stephens al ferjûn wie oan 'e readpoatgint. Mei't de readpoatgint eins al yn 1766 troch Carolus Linnaeus beskreaun wie as Sula sula, wie Sula australis in jonger synonym. Gould gie dêrom troch mei it brûken fan 'e namme foar de Australyske gint, mar de Ingelske soölooch George Robert Gray beskreau de fûgel yn 1843 as Sula serrator, en dat waard meitiid de gongbere wittenskiplike namme.

Foarhinne waard de Australyske gint, krekt as de besibbe Kaapske gint (Morus capensis), wol beskôge as in ûndersoarte fan 'e (gewoane) gint (Morus bassanus), dy't foarkomt boppe de noardlike Atlantyske Oseaan. Tsjintwurdich is dúdlik dat de trije fûgels ferskillende, sij it nau besibbe, soarten fertsjintwurdigje.

Algemiene fersprieding en dwaalgasten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e Australyske gint rint fan Steep Point, healwei de westkust fan it Australyske kontinint, by de súdwestlike, súdlike en eastlike kusten lâns oant de neite fan Rockhampton yn Queenslân. It beslacht ek de Bass-strjitte tusken it Australyske fêstelân en Tasmaanje, de hiele kust fan Tasmaanje, de Tasmansee tusken Austraalje en Nij-Seelân, de kusten fan Nij-Seelân en de eilannen Norfolk en Lord Howe tusken Austraalje en Nij-Seelân yn. Dwaalgasten binne waarnommen op 'e Crozeteilannen yn 'e súdlike Yndyske Oseaan (ûnderdiel fan 'e Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen), en yn Súd-Afrika, dêr't har krusings foardwaan soene mei de Kaapske gint (Morus capensis).

De briedkoloanje te Muriwai, by Auckland, yn Nij-Seelân.

De briedkoloanjes fan 'e Australyske gint befine har foar it meastepart op rotsige lytse eilantsjes foar de kust, hoewol't der sawol yn Austraalje as Nij-Seelân inkele briedkoloanjes op it fêstelân binne. De lokaasje fan 'e koloanjes hat te krijen mei de temperatuer fan 'e see, dy't op syn beurt de oanwêzigens fan fisk bepaalt. It protte koloanjes binne sterk beheind yn romte, en as in koloanje groeit, moatte fûgels fan needs útwike nei oare plakken deunby. Op dat punt ûntstiet der gauris in oanbuorjende koloanje op 'e kust fan it fêstelân.

Yn 'e Australyske steat Fiktoaria besteane fjouwer briedkoloanjes: Lawrence Rocks, Point Danger, Pope's Eye en Port Phillip. Dêrfan is Lawrence Rocks, by Portland, it âldst. Dy koloanje woeks oan fan 200 briedpearen yn 1873 ta 3.100 briedpearen yn 1996, en doe wie alle romte op it eilantsje op. Yn 1995 begûnen fûgels de nacht troch te bringen op Point Danger, it neiste diel fan it fêstelân. Dêrop waard dat diel fan 'e kust ôfsletten mei in stek dat de fûgels ûnberikber makket foar roppige foksen. Dêrfan gebrûk meitsjend doarsten de earste Australyske ginten it yn 1996 oan om der te brieden. Tsjin 2000 nêstelen dêre 660 briedpearen. Pope's Eye, 5 km noardeastlik fan Portsea, is in leechleine, keunstmjittige, rûne weachbrekker. Dêr nêstelen yn 2000 194 briedpearen. De Wedge Light, in fjoertoer yn Port Phillip, by Melbourne, waard yn 1966 troch Australyske ginten yn gebrûk nommen as briedkoloanje, doe't der trije briedpearen op 'e toer nêstelen. Yn 2000 wiene der 507 briedpearen dy't op 'e fjoertoer en op sân oare troch minsken makke struktueren om 'e baai hinne nêstelen.

Yn Tasmaanje binne der briedkoloanjes op Eddystone Rock en Pedra Branca foar de súdkust, op Black Pyramid Rock foar de noardwestkust en op Cat Island yn 'e Bass-strjitte tusken Tasmaanje en it Australyske fêstelân yn. De koloanje op Eddystone Rock bestie yn 1947 út 20 briedpearen en yn 1998 út 189 briedpearen. Dy op Pedra Branca groeide fan 1.000 briedpearen yn 1939 nei 3.300 yn 1995. Mar beide lokaasjes oan 'e súdkust sitte smoarfol. De koloanje op Black Pyramid Rock groeide fan 500 briedpearen yn 1961 ta 12.300 yn 1998. Op Cat Island gie de koloanje troch predaasje efterút fan 10.000 briedpearen yn 1908 nei mar in hantsjefol yn 2000.

In pearke Australyske ginten begroetsje inoar.

Yn Nij-Seelân binne fierwei de measte briedkoloanjes sitewearre op it Noardereilân. Op it Ginte-eilân (Gannet Island), 19 km út 'e kust fan Kawhia, dat dy namme yn 1770 krige fan 'e Ingelske ûntdekkingsreizger James Cook fanwegen it grutte ta Australyske ginten dêre, waarden yn 1981 8.003 briedpearen teld. De Trijekeninge-eilannen, 55 km út 'e kust fan Kaap Reinga, omfetten yn 1981 9.855 briedpearen ferdield oer 5 oanbuorjende koloanjes. In telling út 'e loft wei kaam yn 2015 net fierder as 6.402 briedpearen. It Wite Eilân, dat 48 km út 'e kust yn 'e Baai fan Oerfloed leit, omfettet fiif dielkoloanjes, dy't fan 6.662 briedpearen yn 1981 belunen ta 5.306 briedpearen yn 2015. De koloanje op 'e Untfierderskaap yn 'e Hawkebaai waard nei alle gedachten omtrint 1850 stifte. Dêr wiene yn 1885 100 briedpearen, yn 1981 5.186 en yn 2020 mear as 6.500. Dêrmei is it wrâlds grutste en tagonklikste briedkoloanje fan 'e Australyske gint op it fêstelân. De koloanje te Muriwai, by Auckland, bestiet út twa dielkoloanjes: ien op it fêstelân by Okatamiro Point mei 1.385 briedpearen yn 2016, en ien op it rotseilantsje Pillar Rock mei, yn datselde jier, 187 briedpearen. Yn 2007 waard in nije koloanje stifte op Nine Pin Rock yn 'e Eilannebaai, dêr't yn 2017 70 briedpearen nêstelen. Yn 2011 waard troch minsklik yngripen ek in lytse nije koloanje fêstige op 'e kaap Young Nick's Head. Dêrby waarden lokfûgels dy't der útseagen as ginten op dat plak pleatst en waarden opnommen roppen fan ginten ôfspile oant passearjende ginten har dêrtroch oerhelje lieten om in koloanje te begjinnen. Ek yn reservaten op it eilân Motuora waard dy technyk mei súkses tapast. In selde besykjen op it eilân Mana mislearre yn 2015.

Op it Sudereilân fan Nij-Seelân begûnen de earste Australyske ginten pas yn 1983 te nêsteljen. Dat diene se oan 'e ein fan 'e Farewell Spit, op 'e Skulpebanken (Shellbanks), in 2 m boppe seenivo lizzend gebiet fan skulpen en driuwhout ôfwiksele mei lege fegetaasje. Mei't dêr suver altyd in sterke wyn stiet, kinne de fûgels dêr maklik fuortfleane (hoewol't ginten dêr op plat lân oars yn 'e regel muoite mei hawwe en harsels leaver lansearje fan in steil klif ôf). De koloanje op 'e Skulpebanken wurdt by floed fan 'e rest fan it Sudereilân ôfsnien troch it opkommend tij, wat in beskermjende faktor is foar de fûgels, mar by stoarmen kin it hiele gebiet derûnder strûpe. Yn 2009 waarden op 'e Skulpebanken 3.900 briedpearen teld. It eilantsje Lyts Solander yn 'e Foveauxstrjitte tusken it Sudereilân en it eilân Stewart, is de súdlikste briedkoloanje yn Nij-Seelân. Fan 1948 oant 1986 waarden dêr ornaris likernôch 20 briedpearen teld; de útsjitter nei 62 briedpearen yn 1984 liket mooglik op in flater te berêsten.

In Australyske gint op 'e wjuk lit de swarte markearrings op 'e wjukken en de sturt sjen.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Australyske gint hat trochinoar in totale lichemslingte fan 84–91 sm, mei in spanwiidte fan 170–200 sm en in gewicht fan trochinoar 2,3 kg. Dêrmei is er de lytste fan 'e trije gintesoarten, al skeelt dat net folle. Der bestiet frijwol gjin seksuele dimorfy yn it foarkommen fan 'e Australyske gint, hoewol't in fjildûndersyk dat yn 2015 útfierd waard by de briedkoloanjes fan Pope's Eye en Point Danger yn Fiktoaria as útkomst hie dat wyfkes 3,1% (Pope's Eye), resp. 7,3% (Point Danger) swierder wiene as mantsjes. Fierders is de piipbonke by wyfkes justjes langer, wylst by mantsjes de snaffel krekt eefkes langer is.

De eagen binne grizich blau, mei in swarte râne fan keale hûd deromhinne. De ljochtgrize snaffel is lang en skerp, mei in punt dy't justjes nei ûnderen ta bûcht. De snaffelsrânen binne swart en kartele. Om 'e snaffel hinne sit in swarte râne, dy't by de eagen gearrint mei de eachrâne. Krekt as by oare gintfûgels sitte de noasters by de Australyske gint oan 'e binnenkant fan 'e snaffel. Dêrtroch kin er net sykhelje kin sûnder de snaffel te iepenjen, mar it komt foar dat by it dûken seewetter yn 'e noas kringe kin. De swarte poaten hawwe fjouwer teannen dy't mei-inoar ferbûn binne troch in swimflues.

It fearrekleed is foar it meastepart wyt, mei in bêzje oant gielige kop, swarte wjukseinen en swarte flechtflearren oan 'e rest fan 'e wjukken, wylst by de sturt de middelste fearren swart binne. De Australyske gint is it maklikst te ûnderskieden fan syn neiste sibben, de (gewoane) gint (Morus bassanus) en de Kaapske gint (Morus capensis) troch nei de sturt te sjen. Dy is nammentlik by de (gewoane) gint hielendal wyt, en by de Kaapske gint hielendal swart.

Juvenilen hawwe de earste jierren in spikkelbûnt grizich brún fearrekleed.

Australyske ginten binne seefûgels yn 'e algemiene sin, mei't se net nau besibbe binne oan 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae), dêr't û.o. de miuwen (Larus) ta hearre. Lykwols libje Australyske ginten net echt yn 'e pelagyske sône, mei't se foar it meastepart yn in stripe ûnder de kust bliuwe dy't mar in pear hûndert kilometer breed is. Nettsjinsteande dat kinne se har op iepen see poerbêst rêde. De briedkoloanjes binne fêstige op rotsige, dreech berikbere eilantsjes, dêr't potinsjele natuerlike fijannen der net of hast net by kinne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Australyske ginten libje it meastepart fan it jier in solitêr bestean op see, hoewol't se inoar dêrby wol út 'e fierte wei yn 'e rekken hâlde. As ien fan harren in iezing fisk ûntdekt, komme dêr al rillegau soartgenoaten op ôf. Mar yn 'e briedtiid kloftsje Australyske ginten gear yn massale briedkoloanjes dy't geartroppe binne op 'e faak hiel lytse oerflakken fan rotseilantsjes of kliffen. Se binne ornaris stil as se op see binne, mar fokalisearje oerdeis yn in briedkoloanje oanhâldend en lûdroftich. Dat giet bytiden ek nachts troch. De meast hearde rop klinkt as arra-arra of urra-urra, dy't utere wurdt by it lânjen yn 'e koloanje of as drigemint nei buorlju ta. By wyfkes is de rop leger fan toan as by mantsjes.

De Australyske gint libbet fan fisk en jaget troch al fleanend op in hichte fan likernôch 70 m boppe see iezings op te spoaren dy't relatyf deun ûnder it see-oerflak swimme. Fan in hichte fan minimaal 1–2 m oant maksimaal 20 m ôf dûkt er dan suver rjocht del yn see, wêrby't er, krekt foar't er it wetter rekket, de wjukken hielendal tebek teart en in "torpedo-foarm" oannimt. Yn ûndjip wetter fan minder as 3 m djip dûkt er skeaner om foar te kommen dat er de boaiem rekket. As in fûgel by in dûk net daliks in fisk te pakken hat, brûkt er sawol syn wjukken as syn mei swimfluezzen tariste poaten om ûnder wetter de efterfolging yn te setten op syn proai. Dêrby kin er oant wol 20 m djip dûke.

Baltsgedrach fan 'e Austraalyske gint.

Australyske ginten binne monogame fûgels; se foarmje pearkes dy't gauris ferskate briedseizoenen en soms libbenslang byinoar bliuwe. Dat wol sizze: yn 'e briedtiid. Oan 'e ein dêrfan geane se útinoar om trijefearns jier solitêr op see te libjen, wêrnei't se oan it begjin fan it folgjende briedseizoen har fêste partner wer opsykje. It weromsjen giet mank mei komplekse begroetingsrituelen, wêrby't de fûgels de hals útrekke en de snaffel skean omheech stekke, wêrnei't se dy hoeden tsjin 'e snaffel fan 'e partner oan tikje. Dit baltsgedrach wurdt troch ornitologen wol "skermjen" neamd. It wurdt ûnderbrutsen troch bûgings foarinoar te meitsjen, mei de snaffel nei de grûn rjochte. Nei't se it "skermjen" beëinige hawwe, begjinne de partners mei har snaffel inoars fearren te fersoargjen. De pearing fynt pas plak nei't alle rituelen yngeand ôfwurke binne.

De briedtiid falt foar de Australyske gint oer it algemien fan july oant febrewaris, mei opfallende ferskillen tusken ûnderskate briedkoloanjes. Yn guon koloanjes yn Nij-Seelân keare de fûgels mids juny al werom en lizze se har aaien tusken mids july en begjin augustus. Yn Fiktoaria wurde de aaien lein tusken begjin septimber en desimber. Ek binnen deselde briedkoloanje bestiet frijwat reklikheid oangeande de briedtiid. It tinken mank ornitologen is dat soks foar de Australyske gint mooglik is om't der yn syn ferspriedingsgebiet troch it ûnbrekken fan sterk troch de jiertiden bepaald waar net sa'n beheind "finster" foar it brieden bestiet as dat de gint (Morus bassanus) yn it noarden fan 'e Atlantyske Oseaan hat.

It nêst fan in pearke Australyske ginten is tsjelkfoarmich, mei in likernôch 30 sm hege râne. It is makke fan seewier, op lân groeiende planten, ierde en oanspielde rommel út see. De mantsjes fandelje ornaris it boumateriaal gear en drage dat oer oan 'e wyfkes, dy't it nêst bouwe. Australyske ginten lizze mar ien inkeld aai, hoewol't se in twadde aai ta ferfanging lizze wannear't it earste aai of de pyk, as dy noch gjin 8 dagen âld is, ferlern giet. It aai is bleek blauwich en mjit 6,5–8,9 sm by 35–53 sm, mei in gewicht fan 84–125 g. It brieden wurdt foar it meastepart troch it wyfke dien en duorret 37–50 dagen. Om't Australyske ginten gjin keal briedplak op it ûnderliif hawwe, dêr't se it aai tsjin har lichem oan lizze kinne om har lichemstemperatuer dermei te dielen, sitte se mei de waarme, want goed trochblette, swimfluezzen boppe-op it aai om it te ynkubearjen.

In folwoeksen Australyske gint mei in pyk.

De swarthûdige pyk komt keal en blyn út it aai, en hat dan in gewicht fan trochinoar 73,2 g. Syn eachjes geane mei 2–3 dagen iepen, en mei 14 dagen is er oerdutsen mei in tsjûke laach wyt dûns. Dat wurdt fan 43–47 dagen ôf stadichoan ferfongen troch echte fearren. De piken fan Australyske ginten wurde fuorre mei heal-fertarde fisk dy't fongen is troch de âlden, en dy't opkoarre wurdt út 'e âlderlike mage yn it krop, dêr't de pyk it dan mei de snaffel úthellet. Mei likernôch 50 dagen weaget de pyk mear as syn âlden, en tsjin 'e tiid dat er mei 95–109 dagen útfljocht, hat er in gewicht fan 3,1 kg berikt.

Juvenilen bringe har earste jierren op see troch en keare pas mei 3 jier foar it earst werom nei de briedkoloanjes. Dêr hingje se dan wat oan 'e râne om. Se nimme pas mei 4–7 jier foar it earst diel oan 'e fuortplanting. Australyske ginten hawwe in libbensferwachting fan rûchwei 20 jier. By de maksimale âldens dy't foar dizze soarte dokumintearre is, gie it om in eksimplaar dat yn jannewaris 1955 as pyk ringe wie yn 'e koloanje op 'e Untfierderskaap yn Nij-Seelân, en 30 jier en mear as 8 moannen letter, yn septimber 1985, dea oantroffen waard by Tangalooma yn Queenslân.

De Australyske gint fret frijwol útslutend fisken en pylkinketfisken mei in lingte fan minder as 30 sm dy't yn iezings deun ûnder it see-oerflak swimme. Wat fisken oanbelanget, dy't fierwei it grutste part fan it dieet foarmje, giet it benammen om soarten as de Sileenske pelser (Sardinops sagax), de Australyske ansjofisk (Engraulis australis) en de wite slangmakriel (Thyrsites atun). Oare fiskesoarten dy't wolris op it menus steane, binne de Australyske salm (Arripis trutta), de gieleachharder (Aldichetta forsteri), de Westaustralyske salm (Arripis truttaceus), de reade hjerring (Emmelichthys nitidus), de grienrêchhoarsmakriel (Trachurus declivis), de gielsturthoarsmakriel (Trachurus novaezelandiae), de streke trompetter (Latris lineata) en de Nijseelânske blaurêchsprot (Sprattus antipodum).

In âlderfûgel fuorret in pyk dy't hast oan it útfleanen ta is.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Australyske gint hat hast gjin natuerlike fijannen; allinnich fan 'e súdlike reuzemok (Macronectes giganteus) is dokumintearre dat er wolris in folwoeksen eksimplaar deadet troch it ûnder wetter te hâlden en te ferdrinken om it dêrnei op te iten. Aaien en piken binne kwetsber foar mear rôfdieren. Dêrby giet it om miuwesoarten lykas de kelpmiuw (Larus dominicanus) en de grousnaffelmiuw (Larus pacificus), en yn briedkoloanjes op it fêstelân fan Austraalje ek om 'e foks (Vulpes vulpes), dy't dêr foarkomt as in ynvasive eksoat.

De Australyske gint hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. De wrâldpopulaasje fan 'e Australyske gint is sûnt 1950 oan ien wei troch oanwûn, hoewol't guon briedkoloanjes ferdwûn en oaren yn grutte belune binne. Tusken 1980 en 2000 woeks de populaasje yn Austraalje oan fan 6.600 briedpearen ta 20.000 briedpearen. De resintste alomfetsjende sifers út Nij-Seelân datearje fan 1981, doe't der 46.600 briedpearen wiene. Dat oantal wie yn 2006 oanwûn ta nei skatting 55.000 briedpearen.

Relaasje mei minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Maoary, de oarspronklike bewenners fan Nij-Seelân, bejagen gintepiken foar it fleis. De wite fearren brûkten se om har kano's mei te fersieren en teffens waarden dy droegen troch notabelen. De bonken waard ark fan makke om gesichtstatoeaazjes mei oan te bringen.

Guon briedkoloanjes fan 'e Australyske gint op it fêstelân fan sawol Austraalje as Nij-Seelân binne útwoeksen ta toeristyske attraksjes, lykas dy op 'e Untfierderskaap yn Nij-Seelân en dy te Point Danger yn Fiktoaria.

De Australyske gint is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.