Aurora Jolie

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Aurora Jolie
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
AN Aurora Jolie 1.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Nikara, Nicara
echte namme Nicara Corteza Caston
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 25 jannewaris 1988
berteplak Napels (Itaalje)
etnisiteit Flagge fan Latino's (FS).png Latino
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.clubaurorajolie.com

Aurora Jolie, echte namme: Nicara Corteza Caston (Napels, 25 jannewaris 1988), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Latino-komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme (eins har eigen foarnamme) Nicara, mar dan yn 'e regel stavere mei in k, as Nikara. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 62 kg en hat se natuerlike grutte boarsten mei kupmaat 34D.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aurora Jolie waard yn 1988 berne yn it Italjaanske Napels, dêr't har âlden, dy't allebeide yn it Amerikaanske Leger tsjinnen, doe stasjonearre wiene. Hja groeide grutdiels op yn 'e steat Firginia, en waard strang kristlik grutbrocht. Se makke de middelbere skoalle ôf oan 'e John Burrough High School yn it Súdkalifornyske Burbank, ûnder de reek fan Los Angeles. Neitiid wurke se in hoartsje yn in krudenierswinkel, mar nei eigen sizzen wie se dêr tige ûngelokkich, mei't se derfan dreamde om model te wurden en yn 'e Playboy te stean.

Sadwaande reägearre Jolie op in advertinsje wêryn't frege waard om figuermodellen. Fan it iene kaam it oare, en yn augustus 2006, doe't se achttjin jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film Dirty Debutantes 361. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn krapoan 120 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Red Light District, Evil Angel, Platinum X Pictures, Black Ice, Jules Jordan Video, Devil's Film, Anabolic Video, Digital Playground, Hustler Video, Pure Play Media, Zero Tolerance, Diabolic Video, Vivid Entertainment, West Coast Productions en Adam & Eve. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as BangBros en Reality Kings.

Jolie stiet bekend om har bûtenproporsjoneel grouwe stuten en teffens om har bewearing dat se faginaal noch faam is. Nei eigen sizzen bewarret se harsels op dat mêd foar de wiere Jakob, of alteast foar in wiere leafde. Jolie spilet dan ek inkeld yn orale en anale sênes, wat har grutte populariteit opsmiten hat. Yn 2008 wûn se in Urban X Award en waard se nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornoyndustry) foar bêste anale sekssêne foar de film Cum in My Booty. Yn 2009 waard by Jolie de genetyske hertsykte hypertrofyske obstruktive kardiomyopaty (HOCM) fêststeld.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 NightMoves Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
2008 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Brian Pumper) Cum in My Booty
FAME Award nominearre bêste anale gonzosêne (mei Jenna Haze en Flower Tucci) Lord of Asses 10
nominearre favorite anale stjer n.f.t.
Urban X Award wûn bêste anale sekssêne (mei Brian Pumper) Cum in My Booty

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: