Springe nei ynhâld

Auke de Vries

Ut Wikipedy
De Vries by syn keunstwurk yn wetterpartij Zuiderpolder, Haarlim (1994)

Auke de Vries (Burgum, 27 oktober 1937) is in Nederlânsk byldhouwer dy't yn De Haach wennet en wurket. Hy krige syn oplieding oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende keunsten yn De Haach (1956) en waard dêrnei ynearsten grafikus. Yn de rin fan de tiid hat er him mear talein op byldhouwen en tekenjen.

Sûnt 1986 hat hy as dosint en professor ferbûn west oan de Ryksakademy yn Amsterdam. Sûnt 1999 hat er ek gastprofessor west oan de "School of Architecture" yn Kopenhagen.

Skulptueren fan him binne meast fan metaal en op in protte plakken yn Nederlân te finen, mar ek yn Dútslân, Skotlân en yn Barseloana.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: