Springe nei ynhâld

Auke Kok

Ut Wikipedy
Auke Kok
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
berne27 oktober 1956
berteplakHaarlim
wurk
taalNederlânsk
sjenrenon-fiksje: oer sport, oarloch, biografy
jierren aktyf1990 - no
offisjele webside
Offisjele webside

Auke Kok (Haarlim, 27 oktober 1956) is in Nederlânske sjoernalist, skriuwer en skiedkundige.

Kok studearre maatskippijskiednis oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Dêrnei wurke er as redakteur fan de Haagse Post en moanneblêd Quote. Tusken 1990 en 2000 wie Kok redakteur, adjunkt-haadredakteur en haadredakteur ad interim fan opinywykblêd HP/De Tijd. Dêrnei stapte er as redaksjesjef oer nei it Radio 1 Sjoernaal.
Yn 2004 fêstige Kok him as selsstannich sjoernalist en boekeskriuwer. Oarloch, skiednis en sport binne weromkommende tema's yn syn wurk, dat him trochstrings ûnderskiede lit troch sterke aksinten op de tiidgeast en in ferheljende, empatyske skriuwstyl.
Fanwegen syn sporthistoaryske kennis treedt Kok geregeldwei op yn radio- en telefyzjeprogramma's. Hy is ûnder oare meiwurker fan NRC Handelsblad, it wykblêd Vrij Nederland en de VARAgids. Syn fuotbalkollums yn HP/De Tijd binne yn 2000 bondele as boek ûnder de titel Balverliefd. De kollums dy't er skreau as stedskroniqueur fan Het Parool binne yn 2014 as boek ferskynd (De eenzaamste vrouw van Amsterdam).

Kok is troud mei Dido Michielsen en hat twa dochters.[1]

Bibliografy (kar-út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1995: De verrader. Leven en dood van Anton van der Waals (nominaasje Dr. L. de Jong-priis)
  • 2000: Balverliefd
  • 2004: 1974. Wij waren de besten (Nico Scheepmaker Beker foar it bêste sportboek fan 2004; nominaasje M.J. Brussepriis foar it bêste sjoernalistike boek)
  • 2006: Onze jongens. De nieuwe helden van Oranje
  • 2007: Dit was Veronica. Geschiedenis van een piraat
  • 2008: 1988. Wij hielden van Oranje (nominaasje Nico Scheepmaker Beker foar it bêste sportboek fan 2008)
  • 2009: Lisa & Lin. Vijf weken terug in China (mei Dido Michielsen)
  • 2010: Oorlogsliefde. (oer de widdo Van der Waals)
  • 2011: Holleeder. De jonge jaren (nominaasje M.J. Brussepriis foar it bêste sjoernalistike boek)
  • 2013: Tussen Godenzonen. Een jaar lang Ajax
  • 2014: De eenzaamste vrouw van Amsterdam
  • 2015: De redding van de familie Van Cleeff (mei Dido Michielsen)
  • 2016: 1936. Wij gingen naar Berlijn (Nico Scheepmaker Beker foar it bêste sportboek fan 2016; nominaasje M.J. Brussepriis foar it bêste sjoernalistike boek)
  • 2019: Johan Cruijff. De biografie (nominaasje Nico Scheepmaker Beker foar it bêste sportboek fan 2019)[2]
  • 2026: Mussert (biografy)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: