Springe nei ynhâld

Auguste François Biard

Ut Wikipedy
Auguste François Biard
keunstner
Auguste Biard yn 1880
Auguste Biard yn 1880
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFrançois Thérèse Biard
nasjonaliteit Frânsk
berne29 juny 1799
berteplakLyon
stoarn20 juny 1882 (82 jier)
stjerplakSamois-sur-Seine
wurkpaad
wurksum askeunstskilder
jierren aktyfLyon (1813-1835), Parys (1835-1882)
prizenChevalier de la Légion d'honneur
Yndianen út it Amazônegebiet oanbidde de Sinnegod

Auguste François Biard, berne mei de namme François Thérèse Biard (29 juny 1799 – 20 juny 1882) wie in Frânske keunstskilder, bekend fan syn aventoerlike reizen en de wurken dy't syn ûnderfiningen útbylden.

Hy waard berne yn Lyon. Hoewol't syn âlden fan doel wiene dat hy by de geastlikheid gean soe, brocht er it measte fan syn tiid troch mei it learen fan skilderjen, ynearsten by in behangfabryk yn Lyon. Uteinlik koe er nei de École des Beaux-Arts, dêr't hy oant 1818 mei Pierre Révoil wurke, en dêrnei studearre er by Fleury François Richard, nei't hy it direkteurskip oernaam. Hy studearre lykwols mat út en troch en hy learde in protte op eigen manneboet. Hy wurdt dêrom faak oantsjut as "autodidakt".

Hy reizge ek nei Italië, Grikelân en it Midden-Easten. Syn earste tentoanstelling yn de Salon fan 1824 waard goed ûntfongen. Datselde jier joech it aartsbisdom opdracht foar fjouwer skilderijen fan Révoils âld-learlingen, dêr't Biard by wie. Yn 1827 reizge er op'e nij en besocht Malta, Syprus en Egypte. Letter krige er de stipe fan de julymonargy, dy't ferskate wurken kocht. Yn 1838 waard er ûnderskieden mei it Legioen fan Eare.

Yn 1839 die er mei oan in wittenskiplike ekspedysje, laat troch Joseph Paul Gaimard, dy't nei Spitsbergen en Laplân gie. Hy waard beselskippe troch syn ferloofde, de skriuwster Léonie d 'Aunet, dy't yn 1854 in ferslach fan de reis publisearre mei de titel Voyage d' une femme au Spitzberg. Syn sketsen tsjinnen as ynspiraasje foar fjouwer grutte panielen yn it Nasjonaal Natuerhistoarysk Museum.

Hy troude mei Léonie yn 1840. Trije jier letter waard se de minneresse fan Victor Hugo. Yn 1845 waard se mei him op'e die trappearre yn in hotel. Se waard arrestearre foar oerhoer, mar Hugo waard net berjochte om't de lulke kening Loadewyk Filips I net woe dat de tiid fan de Keamer fan Folksfertsjintwurdigers yn beslach naam waard troch in frivole saak; Biard waard omkocht troch in ûnbetinklike opdracht om muorreskilderingen te meitsjen foar Versailles. Léonie waard nei de finzenis fan Saint-Lazare brocht, siet dêr twa moanne en waard dêrnei foar noch in pear moanne yn in kleaster pleatst. Hugo krige te hearren dat er út'e stêd moast. It houlik waard neatich ferklearre yn 1855.

Om 1858 hinne hold er twa jier yn Brazilië ta, dêr't er oan it hof fan keizer Pedro II wurke. Mei Rio de Janeiro as útfalsbasis makke er ferskate ekskurzjes nei it plattelân en it Amazônegebiet, dêr't er ien fan de earste skilders wie dy't de lânseigen befolking ôfbylde. Hy krige in baan oanbean as learaar oan de Keizerlike Akademy foar Skiene Keunsten, mar hy wegere en woe fierder reizgje. Foardat er weromkaam nei Frankryk, makke er in omwei troch Noard-Amearika en skildere er in pear sênes oer de slavernij. Yn 1862 waard syn ferslach fan syn reizen yn Brazilië, mei 180 gravueres, publisearre troch Hachette ûnder de titel Deux années au Brésil.

Biard syn skilderijen mei anekdoatyske ûnderwerpen wiene populêr by it Salonpublyk en hy waard soms bekritisearre foar it ynfoegjen fan humor oars serieuze skilderijen.

Biard ferstoar op 20 juny 1882 yn Samois-sur-Seine.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: