Springe nei ynhâld

August Wilhelm Heinrich Blasius

Ut Wikipedy
August Wilhelm Heinrich Blasius

Wilhelm Blasius (Braunschweig yn Hartochdom Braunschweig, 5 july – dêre, 31 maaie 1912) wie in Dútske fûgelkundige. Hy waard benammen bekend om de beskriuwingen fan nije fûgelsoarten út de Yndyske Arsjipel.

Blasius wie de twadde soan fan de soölooch Johann Heinrich Blasius. Doe't er noch op it gymnasium siet, gie er al te kuierjen yn it Harzberchtme, it Weserberchtme, Sleeswyk en op it waadeilân Sylt.

Hy studearre medisinen yn Braunschweig, Göttingen en Zürich en makke syn stúdzje yn 1868 ôf. Yn 1871 folge er syn heit op as direkteur fan it natuerhistoarysk museum en de botanyske tún yn Braunschweig. Yn 1872 waard er heechlearaar yn de plant- en dierkunde oan de technyske hegeskoalle yn Braunschweig. Hy sette him yn foar it behâld fan sawol de fauna as it ymmateriële kulturele erfgoed (geakunde). Hy bestudearre de prehistoarje fan Nedersaksen en Saksen-Anhalt dêr't hunebêden yn de buert fan Haldensleben by wiene.

Hy wie fan 1873 oant 1875 sekretaris fan it Deutsche Ornithologen-Gesellschaft. Fierder stribbe er nei ynternasjonaal oansjen fan it natuerhistoarysk museum mei de oankeap fan en ruilhannel yn balgen. Ta syn oanwinsten hearden de samlingen fan Adolph Nehrkorn, Friedrich Grabowsky, Carl Constantin Platen en Hugo Storm. De topstikken fan it museum komme benammen út de Filipinen, Sulawesi, de Molukken en út Bolivia.

Yn 1907 reizge Blasius nei Boston as ôffurdige nei it 7e Ynternasjonale Soölogyske Kongres.

  • 1883: Vögel von Borneo. (mei Friedrich Grabowsky)
  • 1884: Zur Geschichte der Ueberreste von Alca impennis Linn. – J. Ornithol 32, 58–176.
  • 1891: Die faunistische Litteratur Braunschweigs und der Nachbargebiete mit Einschluss des ganzen Harzes.
  • 1900: Die anthropologische Litteratur Braunschweigs und der Nachbargebiete mit Einschluss des ganzen Harzes.
  • 1903: Der Riesenalk, Alca impennis L. Yn: Naumann, Naturgeschichte der Vögel Mitteleuropas
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel of in eardere ferzje dêrfan is in oersetting fan it artikel op de Dútsktalige Wikipedia: de:Wilhelm Blasius.