Springe nei ynhâld

Gehoar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Auditive)
In fideo dy't sjen lit hoe't lûden fan 'e boarne by jins harsens komme.

It gehoar, of auditive waarnimming of auditive persepsje, is it fermogen fan in organisme om lûden waar te nimmen, foar it meastepart rjochtingsgefoelich foar de lûdsboarne oer. Gehoar is ien fan 'e sintugen. Waarnimme mei it gehoar hjit hearre. It orgaan dêr't mei heard wurdt, is it ear. Dêr hawwe organismen oer it algemien twa fan, dy't yn 'e holle ynboud binne (it útwindige part fan it ear makket gjin diel út fan it orgaan). Yn it ear wurde lûdsweagen omset nei aksjepotinsjalen yn 'e gehoarsenuwen, dy't fia dy senuwen nei de harsens laat wurde. It net hearre kinnen troch in oanberne of oprûne oandwaning is dôvens. It mei muoite hearre kinnen hjit staffens.

De tûke fan 'e wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de stúdzje fan it gehoar is de audiology, dy't ûnder de otology falt, de stúdzje fan it ear. Dat is wer in dielmêd is fan 'e otorinolaryngology, dêr't ek de rinology (stúdzje fan 'e noas) en de laryngology (stúdzje fan 'e kiel) ta hearre.

De funksje fan it gehoar is it opfangen en lokalisearjen fan lûdsboarnen, it kommunisearjen mei oare lyksoartige organismen, en it weromkennen fan lûden makke troch oarsoartige organismen.

It lokalisearjen fan lûdsboarnen is nedich foar oriïntaasje fan it organisme middenmank de foarwerpen yn syn om-en-by, ynsafier't dy foarwerpen lûden meitsje of wjerkeatse. Soks kin fan libbensbelang wêze yn it gefal fan gefaren as ferkear, lawines, fallende rotsblokken of oare fallende foarwerpen, ensfh.

De funksje fan it kommunisearjen mei lyksoartige organismen is benammen ferlet fan foar it ûnderhâlden fan 'e sosjale ferbannen mei de eigen groep. Dêrfandinne dat de measte organismen spesjalisearre binne yn it werkennen fan lûden mei in lûdsterkte en -hichte dy't oerienkomt mei de normale lûdsterkte en -hichte fan 'e ûnderlinge kommunikaasje fan 'e soarte dêr't it organisme ta heart, lykas spraak by de minske. Ek foar de fuortplanting is lûd in kommunikaasjemiddel dat in protte brûkt wurdt tusken potinsjele partners fan it tsjinstelde geslacht en troch rivalen fan itselde geslacht. Yn it gefal fan fûgelsang is it bygelyks faak it mantsje dat it moaist sjongt dat it bêste of de measte wyfkes kriget.

Dêrnjonken is it werkennen fan lûden dy't troch oare soarten organismen makke wurde, in funksje dy't by in protte bisten needsaaklik is om itsij proaien, itsij rôfdieren, itsij beide lokalisearje te kinnen. Sa helpt it gehoar in rôfdier om jacht te meitsjen op proaien, wylst it proaien helpt om oan rôfdieren te ûntkommen.

Types waarnommen lûdsprikels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lûdsprikels wurde opwekke troch lûdstrillings dy't troch de lucht of troch it wetter (as men jin ûnder wetter befynt) it trommeflues fan it ear berikke. Krekt as alle trillings hawwe ek lûdstrillings in amplitudeferrin en in klank.

Yn it algemien kin steld wurde dat it minsklik gehoar by steat is om lûdsfrekwinsjes waar te nimmen fan 20 hertz oant 20 kHz, mitsdat it lûdsnivo heger is as de gehoardrompel. Dat kin lykwols fan persoan ta persoan ferskille, en hinget mei ôf fan leeftyd, sûnens en mooglike gehoarskansearrings troch lykfol hokker oarsaak ek. Guon minsken kinne bygelyks toanen oant 22 kHz waarnimme, wylst oaren net fierder komme as 16 kHz. Frekwinsjes dy't binnen it berik fan it minsklik gehoar lizze, wurde faak oantsjut mei de term 'audio'. Hegere frekwinsjes binne ultrasoan, en legere frekwinsjes hjitte ynfrasoan. Bisten hearre faak mear of oare lûden as minsken. Hûnen en flearmûzen kinne bygelyks beskate ultrasoane lûden hearre dy't foar minsken ûnhearber binne, en itselde jildt foar oaljefanten mei beskate ynfrasoane lûden dy't minsken net hearre kinne.

De yn aksjepotinsjalen fia de gehoarssenuwen trochjûne trillingsfrekwinsje wurdt troch de harsens ynterpretearre as in toanhichte. De resonânsjefrekwinsje fan 'e gehoargong leit om 'e 4 kHz hinne. Lûden mei dy frekwinsje wurde fuortsterke trochjûn oan it trommeflues. Dat is gjin tafal. Om dy frekwinsje hinne binne de measte minsklike en dierlike lûden waar te nimmen.

Dêrnjonken hawwe lûdstrillings in yntinsiteit mei in foar de minske waarnimbere lûdsdruk tusken de gehoardrompel fan 0,00002 (twa hûnderttûzenste) pascal en de pinegrins fan 200 Pa. De yn aksjepotinsjalen omsette trillingsamplitude wurdt troch de harsens as lûdsterkte ynterpretearre. Om't de waarnommen lûdsterkte net lineêr mar logaritmysk ferrint (bygelyks: in fjouwer kear sa hege lûdsdruk wurdt as twa kear sa lûd heard), wurdt ornaris de skaal fan 'e logaritmyske desibel (dB) brûkt om lûdsterkte wer te jaan. Op dy skaal heart de minske fan –6 dB oant 140 dB. In lûd mei de sterkte fan 0 dB is dus gjin absolute stilte, mar de lytst hearbere yntinsiteit by in toan fan 1 kHz, te witten: 1 pW/m², wat oerienkomt mei in lûdsdruk fan 0,02 mPa.

By lûden dy't lûder binne as 120 dB wurde de pinesenuwen yn it ear aktivearre. Foar de minske (of hokker oar organisme it ek mar om giet) in teken om te sjen om by de boarne fan it pynlike lûd wei te kommen. Yn Nederlân jout de Arbeidsomstannichhedewet oan dat by bleatstelling fan 8 oeren deis op 5 dagen yn 'e wike by in lûdsnivo fan >80 dB gehoarbeskerming brûkt wurde moat, lykas in gehoarbeskermer (earkleppen) of eardopkes. Hâldt men jin dêr net oan, dan kin men gehoarskea oprinne, lykas tinnitus (it hearren fan in oanhâldende piiptoan of in oanhâldend rûzjen, dat gjin lûd is, mar feroarsake wurdt troch it ûnbetwingber triljen fan ynterne dielen fan it ear). Soks komt gauris foar by minsken dy't faak fierstente lûde muzyk beharkje yn nachtklubs of op 'e radio yn 'e auto.

Rjochtingsgefoelich gehoar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trochdat lûdsweagen dy't fan in sydkant ôf komme, net tagelyk beide earen berikke, is it mooglik om út it tiidsferskil ôf te lieden út hokker rjochting in lûd komt. Dat wurdt rjochtingshearren neamd. Minsken dy't oan ien ear dôf binne, hawwe dêrmei ek it fermogen ta rjochtingshearren ferlern. Stereolûd makket gebrûk fan it minsklike fermogen ta rjochtingshearren troch oan beide earen lûd oan te bieden dat deselde tiidsferskillen befettet. Dêrtroch wurdt de yllúzje wekke dat it lûd fan alle kanten komt. Rjochtingshearren is by de echolokaasje fan flearmûzen en walfiskeftigen yn ekstreme mjitte perfeksjonearre.

Lûd kin net allinnich fia de gehoargong en de gehoarbonkjes waarnommen wurde, mar it kringt ek streekrjocht fia de plasse de holle binnen. Dat ferskynsel hjit bonkelieding. Under wetter fynt hearren benammentlik plak troch bonkelieding, mar dit ferskynsel kin ek boppe wetter ienfâldich útprebearre wurde troch op jins plasse te tikjen of te klopjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.