Aucklandeilannen
| Aucklandeilannen | ||
| geografy | ||
| lân | ||
| algemien | ||
| ynwennertal | ûnbewenne | |
| sifers | ||
| oerflak | 570 km²[1] | |
| heechste punt | 705 m hege Mount Dick | |
| webside | ||
| Dep. of Conservation | ||
| kaart | ||
De Aucklandeilannen (Maoary: Motu Maha, "in soad eilannen") binne in subantarktyske arsjipel dy't by Nij-Seelân heart. Se lizze 465 km súdlik fan 'e havenstêd Bluff op it Nij-Seelânske Sudereilân. De eilannen binne net bewenne en it klimaat is koel, fochtich en krebûstich. De boaiem fan 'e eilannen is oer it algemien earm en de leger lizzende gebieten besteane út strûklân.
De eilannen waarden yn 1998 troch UNESCO oan it wrâlderfgoed tafoege ûnder de namme Nijseelânske Subantarktyske Eilannen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Polynezyske ûntdekkingsreizgers ûntdutsen de eilannen en argeologen fûnen fan harren 13e-iuwske delsetting oerbliuwsels op Enderby Island. Op 18 augustus 1806 ûntduts de walfiskfarder Abraham Bristow de no ûnbewenne eilannen wer en neamde se Lord Auckland's Islands nei in freon fan syn heit, William Eden, 1e baron fan Auckland. It Feriene Keninkryk easke in jier letter de eilannen op. Yn 1839 en 1840 besochten resp. de ûntdekkingsreizgers Jules Dumont d'Urville en James Clark Ross de eilannen.
Healwei de 19e iuw waard besocht de eilannen de kolonisearjen, mar dat mislearre. De earste groep stie ûnder lieding fan it Maoaryhaad Ngati Mutunga fan 'e Chatham-eilannen mei in groep Maoary en Moriory's oankamen. De twadde dy't nochris besocht om him op 'e eilannen te festigjen wie Charles Enderby yn 1850. Dy twa groepen libben tusken 1850 en 1852 min ofte mear njonken elkoar op 'e eilannen. Charles Enderby woe dêr in basis opsette foar de walfiskfangst, mar troch de swakke finansjele posysje fan it bedriuw en de sterke ôfnamme fan it oantal walfisken yn 'e omjouwing moast de saak opjûn wurde. Al nei twa jier ferliet de teloarstelde Enderby syn delsetting yn Port Ross. De walfiskfangst en lânbou dêr't de mienskip it fan ha moast, wiene gewoan net rendabel genôch, mar Enderby Island draacht noch altyd syn namme.

De Aucklandeilannen binne ek bekend om in grut oantal skipswrakken oan en foar de kust. Grêven en tinktekens steane as stille tsjûgen ferspraat oer de eilannen. It skip Grafton sonk yn 1864 foar de kust fan 'e eilannen en yn 1866 fûn ien fan 'e meast beruchte maritime rampen yn 'e skiednis fan Nij-Seelân plak doe't de General Grant foar de westkust fan 'e Aucklandeilannen sonk. In oare ramp fûn plak yn 1907, doe't foar de kust fan Disappointment Island de Dundonald sonk, wêrby't tolve man omkamen. Om't it risiko op skipsrampen om 'e eilannen hinne sa heech is, hie it regear in needdepot foar skipbrekkelingen yn Port Ross oprjochte.
Yn 1863 naam it Britske parlemint it beslút om 'e Aucklandeilannen op te nimmen yn it útwreidingsgebiet fan Nij-Seelân. Sûnt dy tiid binne de eilannen ûnderdiel fan Nij-Seelân.
Tusken 1942 en 1945 stie op de Aucklandeilannen in meteorologysk stasjon. It stasjon waard bemanne troch wittenskiplike frijwilligers en stie, om feiligensredenen, bekend as "The Cape Expedition".
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Aucklandeilannen foarmje in natuerreservaat foar mear as 500 lânseigen planten en bisten. Dêrûnder binne mear as 100 soarten dy't nearne oars yn 'e wrâld te finen binne. Ynfierde wylde bargen, wylde katten en mûzen brochten grutte skea oan 'e lokale natuer. 32 fûgelsoarten wurde net mear op it haadeilân fûn, wylst planten en bosken ferdwûnen of krompen. Nij-Seelân is fan doel om de oarspronklike natuer safolle mooglik te werstellen en hat dêrom it Maukahuka-projekt opset.

De meast opfallende fertsjintwurdigers fan 'e floara fan 'e eilannen binne de saneamde megaherbs, mearjierrige bledferliezende bloeiende planten út 'e famylje Compositae. It binne grutte planten mei ûnbidich grut blêden en tige grutte gearstalde blommen mei aparte kleuren. Yn 'e 19e iuw feroarsake weidzjend fee grutte skea oan 'e plantewrâld, sadat in soad planten yn 'e 20e iuw drigen út te stjerren. Yn 1993 waard in begjin makke mei it weiheljen fan fee en sûnt giet it de lânseigen floara wer better. Yn 'e legere dielen op plakken dy't mear yn 'e lijte lizze komt ek bosk foar, it súdlikste bosk fan 'e wrâld. Opfallende soarten binne dêr Metrosideros umbellata, Dracophyllum, Coprosma en Myrsine spp.
De Aucklandeilannen wiene eartiids it wichtichste ferspriedingsgebiet fan 'e no útstoarne Nijseelânske seachbek (Mergus australis, útstoarn sûnt 1901). Hjoed-de-dei foarmje de Aucklandeilannen in reservaat foar bedrige fûgels, lykas de gieleachpinguïn (Megadyptes antipodes), de Chathamparkyt (Cyanoramphus forbesi) en in ûndersoarte fan 'e readkroanparkyt (Cyanoramphus novaezelandiae). De Aucklandsjilling (Anas aucklandica) en de Aucklandral (Lewinia muelleri), fûgels dy't net fleane kinne, waarden hast útrûge troch yntrodusearre katten en wurde allinich noch op guon fan 'e lytsere eilannen oantroffen. De Aucklandielgoes (Leucocarbo colensoi), in endemyske ielgoesfûgel, is in oare bedrige soarte.
Op 'e eilannen libje mar twa lânseigen sûchdieren: de Nijseelânske seeliuw (Phocarctos hookeri) en de Nijseelânske seebear (Arctocephalus forsteri).
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar referinsjes skiednis: en:Auckland Islands
|
