Springe nei ynhâld

Attila Petschauer

Ut Wikipedy
Attila Petschauer
sporter
Attila Petschauer, 1928
Attila Petschauer, 1928
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAttila Petschauer
nasjonaliteit Hongaarsk
bertedatum14 desimber 1904
berteplakBûdapest
stjerdatum20 jannewaris 1943
stjerplakDavidovka flagge fan de Sowjetuny
sportive ynformaasje
sportSkermjen
O.S.Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x Olympyske Spullen 1928, 1932
Sulver grut sulver 1x Olympyske Spullen 1928

Attila Petschauer (Bûdapest, 14 desimber 1904 - Davidovka Sovjet Uny, 20 jannewaris 1943) wie in Hongaarsk skermer.

Hy die twa mei kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam en Los Angeles Olympysk kampioen mei it Hongaarske sabel team yn Amsterdam wûn hy ek noch in yndividuele sulveren medalje.

Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden de measte Hongaarske Joaden deportearre nei konsintraasjekampen, mar Petschauers status as topsporter stelde him dêr ynearsten fan frij. Yn 1942 waard er dochs deportearre nei it konsintraasjekamp Davidovka.
Attila Petschauer ferstoar op 20 jannewaris 1943, yn 'e âldens fan 38 jier, oer de krekte oarsaak fan syn ferstjerren geane ferskate ferhalen om.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: