Atitlándûker
| Atitlándûker | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| † Podilymbus gigas | ||||||||||||
| Griscom, 1929 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Atitlándûker (Podilymbus gigas), ek wol bekend as de reuzedûker, is in útstoarne soarte dûkerfûgel. Hy wie in nauwe sibbe fan 'e tsjoksnaffeldûker en wie endemysk yn 'e Atitlánmar (Lago de Atitlán) yn Gûatemala op in hichte fan 1.700 meter. De soarte waard yn 1929 beskreaun troch Ludlow Griscom op basis fan in eksimplaar dat al yn 1926 sammele wie, mar oer de holle sjoen wie. De Amerikaanske ekologe Anne LaBastille observearre de efterútgong fan dizze soarte oer in tiidrek fan 25 jier. Om 1990 hinne waard de fûgel offisjeel útstoarn ferklearre.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Atitlándûker waard likernôch 46 oant 50 sm lang. It lûd en it uterlik hiene in soad wei fan 'e folle lytsere tsjoksnaffeldûker. De snaffel wie grut en bûnt en wie wyt yn 'e maityd oant brún yn 'e rest fan it jier. It fearrekleed wie benammen donkerbrún mei wytspikkele flanken en griis by de earen. De ûnderkant wie donkergriis mei wite spikkels. De kop wie hast swart en de nekke glânzjend, mei donkerbrune spikkels yn 'e maityd en wite spikkels winterdeis. De poaten wiene laaigriis. De snaffel hie in opfallende swarte fertikale bân yn 'e midden en de irissen wiene brún. De fûgel hie lytse wjukken en koe net fleane.
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Atitlándûkers leinen 4 oant 5 wite aaien. Beide âlders dielden it fersoargjen fan 'e piken.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tebekgong fan 'e Atitlándûker begûn yn 1958 en ek yn 1960 nei't de lytsbekbears (Micropterus dolomieu) en grutte bekbears (Micropterus nigricans) yntrodusearre waarden yn 'e Atitlánmar. Dizze ynvasive soarten soargen derfoar dat de fiskjes en kreefteftigen dêr't de fûgel fan libbe ôfnamen. De fisken fongen boppedat ek de piken fan 'e Atitlándûker. De populaasje fan 'e Atitlándûker sakke fan 200 eksimplaren yn 1960 nei 80 yn 1965. Troch it krewearjen fan Anne LaBastille waard der yn 1966 in taflechtsoard oprjochte dêr't de soarte wer opbloeide en de populaasje groeide wer oant 210 eksimplaren yn 1973.
Nei de ierdskodding fan 1976 yn Gûatemala skuorde de boaiem fan 'e mar en begûn der wetter wei te lekken, mei as gefolch dat it wetterpeil sakke. Op 'e nij folge in drastyske delgong fan 'e populaasje. Yn 1983 wiene der noch mar 32 fûgels oer, wêrfan't it grutste part hybriden wiene mei de gewoane tsjoksnaffeldûker. De lêste twa fûgels waarden yn 1989 sjoen, en neidat dy ferdwûnen waard de Atitlándûker definityf as útstoarn ferklearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
