Astrology en astronomy yn natoerreligys

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Astrology en astronomy binne yn natoerreligys in algemien ferskynsel.

Astrology, en dan fral it út ’e stân fan ’e himellichems foarsizzen fan takomst of lot, is yn ferbân mei natoerreligys in tige algemien ferskynsel. It kin beskôge wurde as it âldste besykjen fan ’e minsk om yn kontakt te kommen mei it boppenatoerlike.

Astronomy, de eksakte wittenskip fan waarnimming fan himellichems, is eat dat by natoerfolken folle minder foarkaam, of foarkomt. De grins mei astrology is by natoerreligys lykwols net sa fêst as dy yn de wrâld fan de wittenskip trokken wurdt.

Tradysjonele astrology en astronomy ûnder natoerfolken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ornaris waard, en wurdt, de kennis dy’t opdien is troch it beoefenjen fan astrology en astronomy yn natoerreligys brûkt om immens lot te foarsizzen en om ’e krekte tiid te witten foar wichtige religieuze feesten of seremoanjes. De Malagassi fan Madagaskar, bygelyks, leauwe yn Vintana dêr’t immen syn lot by ôflaat wurde kin út syn berteplak en -tiid. Dit begryp kin trouwens foar in part werom fierd wurde op ’e ynfloed fan ’e Islam, Yn tsjinstelling mei it lot yn de Islam, is it lot yn Vintana alhiel net fêststeand of ûnferoarlik.

Vintana slacht fierders op snuorjes fan lok of ûngelok yn immens libben en ek op ’e positive en negative konnotaasjes fan beskate tiden fan ’e dei en dagen fan ’e wike. Dy konnotaasjes diktearje de bêste tiid foar in wichtich barren, lykas berte, besnijenis, boask en begraffenis. De moarnsdage is bygelyks in tige geunstige tiid foar sokke saken, wylst besocht wurde moat foar te kommen dat by middernacht saken ôfhannele wurde moatte dy’t fierrikkende gefolgen hawwe kinne. De freed wurdt assosjearre mei adel en is dêrom in geunstige dei, wylst tongersdei ferbûn is mei tsjinstberens en dêrom minder geunstich is. Bern dy’t op tongersdei of om middernacht berne binne, moatte sadwaande oan beskate rituelen ûnderwurpen wurde om foar te kommen dat de negative ynfloeden dêrfan bestean bliuwe.

Utsûnderlike gefallen fan astronomy ûnder natoerfolken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In tal fan natoerreligys hat, sa't liket mei primitive middels, in tige presyse kennis fan guont stjerren en stjerrebylden ûntwikkele, dat de moderne wittenskip der iuwen oer dien hat om dat belykje te kinnen.

De Dogon en de Hûnsstjerre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de Dogon, fan súdlik Maly, is de stjer dy’t yn it Westen bekendstiet as Sirius of de Hûnsstjerrre in tige wichtich symboal. De Dogon binne by steat en foarsis de periodike ferskining fan Sirius op in punt boppe de hoarizon, en hawwe Sirius by minskewitten al beskôge as trije stjerren, twa tichtebyinoar en ien dy’t fan ’e ierde ôf ûnsichtber is. De bewegings fan dizze stjerren jouwe foar de Dogon ûnder mear de tiid oan dêr’t it tige wichtige Sigui-festival op holden wurde moat, eat dat mar ienris yn ’e sechstich jier bart. De lêste kear wie yn 1966, wylst de earstfolgjende kear is yn 2026 wêze sil.. Hoewol’t moderne astronomen al langere tiid witten hawwe dat Sirius eins út twa stjerren bestiet, wie it net oant yn 1995 dat se in sa krêftige radiotilleskoop ûntwikkele hienen dat se ta har ferheardens fêststelle koenen dat de Dogon gelyk hienen en dat der yndie noch in trêde, lytsere stjerre by stie.

De kalinder fan ’e Maya’s[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De godstsjinst fan ’e Maya’s, fan Belize, Gûatamala en súdlik Meksiko, kaam wierskynlik fan oarsprong fuort út in ienfâldige ferearing fan natoerferskynsels, mar ûntwikkele him stadichoan ta in tige yngewikkelde en esotearyske religy, dy’t yn haadsaak basearre wie op in fergodliking fan himellichems en it dêrmei ferbânhâldende begryp tiid. Dat late ta in sterke neidruk op foarbestimming en ta in tige komplekse astrology en in heech ûntwikkele astronomy.

De kalinder fan ’e âlde Maya’s wie yn guon aspekten sekuerder as de Gregoriaanske kalinder, dy’t wy hjoed de dei brûke. Sûnder ús moderne technology wienen Mayaanske astronomen by steat en stel de lingte fan it sinnejier, de lunêre moanne en it Venusjier fêst. Harren berekkenings stelden har by steat en foarsis eklipsen mei in geweldige presizens. Harren moannesyklus wie op sân minuten nei gelyk oan dy dy’t mei de tsjintwurdige atoomkloktechnology fêststeld is en harren Venussyklus wykte mar twa oeren ôf op ’e fiifhûndert jier.

De Maya’s makken fierders in dúdlik ûnderskie tusken it kalinderjier en it sinnejier. De Maya-kalinder hie in jierlikse syklus (tonalamatl of tzolkin) fan 260 dagen (kin). Neffens de Quiché-Maya fan noardlik Gûatemala, dy’t de kalinder foar in part noch altyd yn eare hâlde, is dy basearre is op ’e draachtiid fan in bern yn it liif fan ’e mem. Yn sa’n Maya-jier binne der trettjin getallen en tweintich tekens; in dei kin bygelyks 6 Slange of 8 Aap wêze. Guon fan sokke oantsjuttings binne geunstich en oare ûngeunstich. Dêrút komme de hillige wiersizzerij en de beswarrings fan ’e saneamde kalinderpreesters fuort. De hillichste fan alle Maya-dagen is Wahxakib Batz, “Acht Aap”. Op ’e moarn fan dy dei komme de kalinderpreesters gear yn Momostenango, om rituelen út te fieren dy’t de goaden en foarâlden geunstich stimme moatte en om nije sjamanen yn te wijen, sadat dy it “dragen fan ’e tiid” fuortsette kinne.

In oare tiidstelling fan ’e Maya’s levere fia 18 moannen (uinal) fan elk 20 dagen (kin) in sinnejier (tun) fan 360 dagen op. In katun wie in syklus fan 20 sinnejierren en in baktun in syklus fan 20 katuns oftewol presys 394 jierren neffens ús Gregoriaanske kalinder. De âlde profesijen foarseinen dat nei eltse syklus fan trettjin katuns, 256 of 257 fan ús jierren, de Maya’s in katastrôfe oerkomme soe - en dy foarsizzings lykje út te kommen, yn alle gefallen de lêste fiif kear, fan ’e tsiende iuw ôf. Sa waard yn 1697, presys oan ’e ein fan in syklus fan trettjin katuns, yn ien dei it lêste ûnôfhinklike Maya-keninkryk, it eilânbastion Tayasal yn ’e Petén-mar, troch de Spanjerts oerweldige en ferneatige, en fûn yn 1954, presys 257 jier letter, de troch de Feriene Steaten stipe militêre steatsgreep yn Gûatemala plak, dy’t foar de Maya’s in wier skrikbewâld ynlette en de grutste ramp út ’e moderne skiednis wie. Oan ’e oare kant soe men der fansels fraachtekens by sette kinne ynhoefier’t it needlot yn alle gefallen dizze lêste pear kear help fan bûtenôf krigen hat, want de Maya-profesijen wienen fansels ek bekend oan ’e Spanjerts en de Amerikanen.

Trettjin baktuns, 5125 fan ús jierren, foarmen in saneamde Grutte Syklus. De ein fan sa’n Grutte Syklus wie in tige wichtige, ûnfoarsisbere en gefaarlik tiid, dy’t mooglik grutte rampen of sels de ein fan ’e wrâld bringe koe (de tsjintwurdige Grutte Syklus begûn op 11 augustus 3114 f.Kr. en sil einigje op 23 desimber 2012). De Maya’s rekkenen ek yn sels nòch gruttere tiidsienheden: de pictun (20 baktuns of 7885 jier), de calabtun (20 pictuns of 157.705 jier), de kinchiltun (20 calabtuns of 3.154.091 jier) en de alautun (20 kinchiltuns of 63.081.809 jier). De besteande wrâld wie net mear as ien út in ûneinige opienfolgjende rist fan wrâlden dy’t foarbestimd wie om te einigjen yn in kataklysmyske apokalyps en opfolge te wurden troch in nije wrâld. Troch dizze syklyske natoer fan ’e dingen koe de takomst foarsein wurde troch nei it ferline te sjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • D. Else en oaren, West Africa, Hawthorn, 1999.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • C. Fuentes, De Spaanse erfenis - Vijf eeuwen Spaanse invloeden in Latijns Amerika, Houten, 1992.
  • P. Greenway, Madagascar & Comoros, Hawthorn, 1997.
  • G. van Westen, Mali, Amsterdam/Den Haach, 1996.
  • M. Wood, Op Zoek naar de Bronnen van Onze Beschaving, Utert, 1993.