Springe nei ynhâld

Astrilden

Ut Wikipedy
Astrilden
Sint-Helena-astrild
Sint-Helena-astrild
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
famylje:prachtfinken (Estrildidae)
skaai:astrilden (Estrilda)
Swainson, 1837

It skaai astrilden (Estrilda) omfiemet in groep lytse, tropyske fûgels út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De soarten fan it skaai wurde yn it Frysk ornaris oantsjut as astrilden. Se komme foaral foar yn Afrika besuden de Sahara yn sawol drûge savannes as fochtige gerslannen en boskrânen.

Astrilden binne bekend om harren fyn tekene fearrekleed, mei faak dwersstreekjes en opfallende reade aksinten, lykas op 'e stút, flanken of in streek troch it each. De measte soarten binne sosjaal en libje bûten de briedtiid yn lytse oant grutte kloften.

It binne lytse fûgels fan meastentiids 9 oant 11 sintimeter lang. De snaffel is koart en kegelfoarmich (faak read of swart), in slank lichem mei in faak fyn streke fearrekleed. Der is ornaris mar in lyts ferskil tusken mantsjes en wyfkes.

Astrilden libje benammen fan gerssied en yn 'e briedtiid ek fan lytse ynsekten. It nêst is bolfoarmich mei in yngong oan 'e sydkant. By guon soarten komt ek it ferskynsel fan in skynnêst foar, in nêst boppe it echte nêst om nêstrôvers te ferrifeljen.

It ferspriedingsgebiet leit yn West-, Sintraal- en East-Afrika mei in oantal soarten ek yn súdlik Afrika.

De taksonomy fan it skaai Estrilda is yn beweging. Ut molekulêr ûndersyk die bliken dat it tradisjonele skaai Estrilda net yn alle gefallen in natuerlike (monofyletyske) groep foarmet. In oantal soarten ferhûze de lêste jierren nei oare skaaien (lykas Glaucestrilda) of waarden opwurdearre as aparte soarten.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeStatus / trend
Anambra-astrildEstrilda poliopareiahast bedrige
stabyl[1]
KandtastrildEstrilda kandtinet bedrige
stabyl[2]
Non-astrildEstrilda nonnulanet bedrige
stabyl[3]
OranjewangastrildEstrilda melpodanet bedrige
stabyl[4]
Sint-Helena-astrildEstrilda astrildnet bedrige
stabyl[5]
Somp-astrildEstrilda paludicolanet bedrige
stabyl[6]
SwartkopastrildEstrilda atricapillanet bedrige
stabyl[7]
SwartmaskerastrildEstrilda nigrilorisnet genôch bekend
[8]
SwartstútastrildEstrilda troglodytesnet bedrige
stabyl[9]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: