Springe nei ynhâld

Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana

Ut Wikipedy
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck
Yndianereservaat fan Montana
IngelskAssiniboine and Sioux of the
   Fort Peck Indian Reservation of
   Montana
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Montana
haadkertierPoplar (Montana)
etnisiteitWestlike Dakota, Eastlike Dakota,
Lakota, Assiniboin
ledetal11.000 (2013)
oprjochting1871
statusfederale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaatFort Peck Yndianereservaat
lokaasjenoardeastlik Montana
oerflak8.5191/2 km²
ynwennertal10.300 (2000)
offisjele webside
www.fortpecktribes.org
kaart
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (Montana)
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Montana.

De Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (Ingelsk: Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Montana.

De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1871, hat 11.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Poplar, yn Montana. De leden besteane út etnyske (Sioux) en Assiniboin. Dêrby kinne de Sû, sa'n 8.600 yn oantal, fierder opdield wurde yn Eastlike Dakota fan 'e Sisseton- en Wahpeton-stammen, Westlike Dakota fan 'e Opper-Janktonai-substamme fan 'e Janktonai, en Lakota fan 'e Hûnkpapa-stamme. De Assiniboin fan Fort Peck, dêr't der likernôch 2.400 fan binne, hearre ta de Hudesabina-, Wadopabina-, Wadopahnatonwan-, Sahiyaiyeskabi- en Inyantonwanbina-substammen.

It reservaat fan 'e Assiniboin en Sû is it Fort Peck Yndianereservaat (Fort Peck Indian Reservation) fan noardeastlik Montana. Dêr wennen yn 2000 likernôch 10.300 minsken, wêrûnder sa'n 6.000 Yndianen. It reservaat hat in oerflak fan goed 8.500 km², wêrfan't lykwols mar 3.750 km² yn Yndiaanske hannen is, mei't de rest ferkocht is oan blanken doe't de reservaatgrûnen ûnder druk fan 'e Amerikaanske oerheid tusken 1913 en 1930 frijjûn waarden foar kolonisaasje. Likegoed hat it stammeregear sizzenskip oer de measte aktiviteiten dy't binnen de grinzen fan it reservaat plakfine. Sa hat de stamme-organisaasje in eigen rjochtbank, tichthûs, sikehûs en krante. Yn 2012 wiene de Assiniboin en Sû fan Fort Peck ien fan 'e earste stammen dy't op 'e nij wylde bizons útsetten yn harren reservaat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota Westlik Dakota) Lakota (Noardlik Lakota Sintraal Lakota Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton Sisseton Wahpekûte Wahpeton Westlike Dakota: Jankton Janktonai (Neder-Janktonai Opper-Janktonai) Lakota: Titon (Brulee Hûnkpapa Minnikonzjû Oglala Sâns Arks Swartfuotten Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme Crow Creek Sû Stamme Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota Jankton Sû Stamme Neder-Brulee Sû Stamme Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota Rosebud Sû Stamme Santy Sû Naasje Sisseton en Wahpeton Sû Stamme Spirit Lake Stamme Standing Rock Sû Stamme) Neder-Sû Yndianemienskip Opper-Sû Mienskip Prairie Island Yndianemienskip Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip Mendota Mdewakanton  Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje Canupawakpa Dakota Naasje Dakota Plains Wahpeton Naasje Dakota Tipi Earste Naasje Sioux Valley Dakota Naasje Standing Buffalo Dakota Naasje Wahpeton Dakota Naasje White Bear  Earste Naasjes Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River Crow Creek Flandreau Fort Peck Jankton Lake Traverse Neder-Brulee Neder-Sû Opper-Sû Pine Ridge Prairie Island Rosebud Santy Shakopee Spirit Lake Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek Birdtail Hay Lands Dakota Plains Dakota Tipi Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Fishing Station Oak Lake 59A Oak Lake 59B Sioux Valley Standing Buffalo Wahpeton White Bear Whitecap Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje Grutte Sû Reservaat Lakota Frijheidsdelegaasje Nakota Republyk Lakota