Asirekster
| Asirekster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pica asirensis | ||||||||||||
| Bates, 1936 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Asirekster (wittenskiplike namme: Pica asirensis) is in fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e eksters (Pica). Dit bist komt foar yn in tige beheind ferspriedingsgebiet yn it súdwesten fan it Arabysk Skiereilân. It wurdt dêrom ek wol de Arabyske ekster neamd. Hiel lang waard oannommen dat de Asirekster in ûndersoarte fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica) wie, mar nij ûndersyk brocht yn 2018 oan it ljocht it om in selsstannige soarte giet. De IUCN klassifisearret de Asirekster as bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Asirekster waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1936 troch de Amerikaanske ornitolooch George Latimer Bates. Dizze fûgel waard mear as 170 jier lang oansjoen foar in ûndersoarte fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica), dy't yn Jeropa en dielen fan Aazje foarkomt. Pas yn 2018 kaam by molekulêr fylogenetysk ûndersyk oan it ljocht dat de Asirekster en trije oare 'ûndersoarten' fan 'e ekster eins selsstannige soarten binne.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Asirekster is endemysk yn Saûdy-Araabje, dêr't er foarkomt yn 'e regio Asir, yn it súdwesten fan it lân, noardlik fan 'e grins mei Jemen.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Asirekster hat trochinoar in totale lichemslingte fan 45–60 sm, dêr't de lange sturt mear as de helte fan útmakket. It gewicht bedraacht rûchwei 240 g. Krekt as oare eksters hat dizze fûgel in swartbûnt fearrekleed. De kop, snaffel, nekke en rêch, it boarst, de stuten, de sturt en de poaten binne allegearre swart, en datselde jildt foar it grutste part fan 'e wjukken. De grutte fearren oan 'e wjukseinen binne wyt, krekt as de bealch. Yn ferliking mei de (gewoane) ekster (Pica pica), dêr't er gâns op liket, hat de Asirekster in wat langere snaffel en teffens lykje de swarte parten fan it fearrekleed dûnkerder, om't der minder glâns oerhinne leit. Der bestiet by de Asirekster gjin seksuele dimorfy dy't it neamen wurdich is.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Asireksters komme benammen foar yn 'e bergen boppe in hichte fan 2.150 m boppe seenivo. Foar biotoop jouwe se de foarkar oan wâlden fan folwoeksen jeneverbeibeammen dy't gâns skaad spriede, of oan tichte mingde wâlden. Se libje ornaris op 'e súdlike berchskeanten, mar mije deldrachten fan mear 30° en plakken dêr't in protte minsklike aktiviteit is. Ut en troch kinne Asireksters waarnommen wurde as se by wegen lâns oan it foerazjearjen binne op hichten fan 1.800 m of heger.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Asirekster kin goed fleane, mar hy liket him winliken leaver rinnend te ferpleatsen of mei sydlingse hupkes. As er al fljocht, docht er dat mei flugge wjukslaggen. Sweve docht er net faak.
Foar it foerazjearjen foarmje Asireksters lytse groepkes fan 3–5 fûgels. Yn 'e peartiid kloftsje pearkes gauris gear yn groepen fan likernôch 8 yndividuën. Om harsels te beskermjen tsjin rôffûgels, bouwe se har nêst yn beammen dy't groeie yn dellings mei in protte fegetaasje dy't ta beskûl tsjinje kin. De piken binne nêstbliuwers, dy't nei it útkommen fan 'e aaien noch wikenlang troch de âlden fersoarge wurde moatte.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Asirekster is in omnivoar, waans dieet fariëarret nei spesifyk habitat en nei de tiid fan 't jier. By 't simmer fret er foar it meastepart dierlik guod, lykas ynsekten en oare wringeleazen, mar ek hagedissen, kikkerts en de aaien en piken fan oare fûgels. Fan 'e hjerst oant en mei de maityd bestiet it menu benammen út sieden en oar plantaardich materiaal. Asireksters frette ek wol ôffal dat troch minsken efterlitten is, mar dat iensidige dieet liedt ta malnutrysje, wêrby't de fûgels wol in folle mage hawwe, mar net genôch fiedingsstoffen binnenkrije.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Asirekster binne ferskate soarten haukfûgels en ûlen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Asirekster hat de IUCN-status fan "bedrige", want it ferspriedingsgebiet is tige lyts, mei in oerflak dat yn 2018 belune wie ta 42.700 km². It is boppedat ek noch tige fersnipele. Doe't George Latimer Bates dizze fûgel yn 1936 beskreau, rikte it areaal noch oer in ôfstân fan 400 km fan Tayf yn it noarden nei Abha yn it suden. De hjoeddeistige hege graad fan habitatfragmintearring is it gefolch fan 'e groei fan 'e toeristyske sektor en fan 'e útwreiding fan stêden. De hiele wrâldpopulaasje fan dizze soarte waard yn 2018 rûsd op 270 eksimplaren.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Asirekster is in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

