Springe nei ynhâld

Arthur Guinness

Ut Wikipedy
Arthur Guinness
Arthur Guinness (1759)
Arthur Guinness (1759)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Iersk
berne24 septimber 1725
berteplakClonoughlis Celbridge, County Kildare
stoarn23 jannewaris 1803 (77 jier)
stjerplakDublin
wurkpaad
berop/amtbierbrouwer
jierren aktyf1755−1799
reden
  bekendheid
Stifter fan Guinness

Arthur Guinness wie in Ierske bierbrouwer, ûndernimmer, en filantroop. Hy wie de útfiner fan Guinness stout en stifte de Guinness Brewery by St. James's Gate yn Dublin yn 1759.

Guinness syn hûs yn Thomas Street, Dublin

Arthur syn heit wie lânhear fan Arthur Price, aartsbiskop fan Cashel, en dêrtroch krige er de eare om te brouwen foar de arbeiders op it bûten. Hy krige in neilittenskip fan Price fan £ 100 dy't er ynvestearre yn in brouwerij yn Leixlip, op mar in pear kilometer fan Dublin. Yn 1759 liet er dit bedriuw oer oan syn jongere broer en ferhuze fuortendaliks nei Dublin. Dêr hierde er in brouwerij by St. James's Gate fan Mark Reinsford mei in hierkontrakt fan 9000 jier tsjin in hier fan £ 45 it jier. Yn 1761 troude er mei Olivia Whitmore mei wa't er úteinlik 21 bern krije soe. Mar tsien fan dy bern berikten de folwoeksenens en makken diel út fan de ferneamde Guinness-dynasty.

Njonken syn brouwerij wie Guinness sosjaal en polityk aktyf. As tawijd protestant stifte er yn 1786 de earste sneinsskoalle yn Dublin en pleite faak by de begoedige stân om in sterk moreel foarbyld te jaan. Hy stipe foar in grut part katolike rjochten yn Ierlân, mar wie tsjin de Ierske Opstân fan 1798. As lid fan 'e Dublin Corporation of Brewers spile Guinness ek in wichtige rol yn it yntsjinjen fan in petysje by it Ierske Legerhûs om de belestingkoade oangeande de ymport fan bier te feroarjen. Guinness en de frou hienen tegearre tsien bern, en nei de dea fan Guinness yn 1803 erfde syn soan Arthur Guinness II de brouwerij en alle ûndernimming anneks.

Arthur Guinness wie ek in revolúsjonêr wat personielsbelied oanbelange: hy joech syn minsken 10-20% boppe it standertlean, joech in widdopensjoen en betelle frije dagen (soks bestie net yn dy tiid). Dêrneist ek fergeze sûnenssoarch, ûnderwiis ensfh. Yn 1930 wie ien op de tsien manlju yn Dublin direkt of yndirekt ôfhinklik fan de brouwerij.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]