Springe nei ynhâld

Arrested Development (band)

Ut Wikipedy
Arrested Development
band
Arrested Development live yn Alaska yn 2018
Arrested Development live yn Alaska yn 2018
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaalIngelsk
sjenreHiphop, progressive rap
bestean1988-1996, 2000 oant no
label(s)Chrysalis Records
EMI Group
websideWebstee
âld-ledenHeadliner
Kamaal Malak
Montsho Eshe
Astrid Maure
Nyasa Sullivan
Aerle Taree
Ajile
Kwesi Asuo
Nadirah Shakoor
Foley
Rasa Don
Baba Oje
Nicha Hilliard
Isaiah "Zā" Williams
Dionne Farris
Tasha Larae
Arrested Development, konsert yn Het Depot (2006)

Arrested Development is in Amerikaanske hiphopgroep út Atlanta. De groep waard oprjochte troch Speech en Headliner yn 1988 as in posityf, Afrosintrysk alternatyf foar de gangstarap dy't ein jierren '80 populêr wie. Baba Oje en frontman Speech troffen inoar op de Universiteit fan Wisconsin-Milwaukee doe't se beide studint wiene.

It earste album út 1992, 3 Years, 5 Months & 2 Days in the Life Of..., waard fjouwer kear platina yn harren thúslân en befettet de hitsingles Tennessee, People Everyday en Mr. Wendal. In jier letter ûntfong de groep twa Grammy Awards yn de kategory Bêste Rap Album en Bêste Nijkommer en waarden se útroppen ta Band fan it Jier troch it muzyktydskrift Rolling Stone.

It album Unplugged út 1993 helle de ferkeapsifers fan syn foargonger net, mar waard yn de Feriene Steaten wol mei goud bekroand.

Yn 1994 brocht de groep it album Zingalamaduni út, dat it sukses fan harren debút net helje koe. Arrested Development gie yn 1996 útinoar. De band hergroepearre yn 2000, lykwols sûnder DJ Headliner, en brocht sûnt fjouwer studio-albums út.

Groepslid Baba Oje ferstoar op 26 oktober 2018 oan leukemy; hy wie 86 of 87 jier.

Yn 2019 krige Arrested Development by de Black Honors in ûnderskieding foar harren bydrage oan de Afro-Amerikaanske muzyk.

Hjoeddeiske leden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Speech - leadsang, produksje (1988-no)
  • Jason "JJ Boogie" Reichert - gitaar, mix engineering, produksje (2000-no)
  • One Love - sang (2001-no)
  • Fareedah Aleem - sang, dûns, goreografy (2004-no)
  • Tasha Larae - sang (2008-2021, 2023-no)
  • Montsho Eshe - dûns, goreografy, sang (1990-1996, 2023-no)
  • Sjoch: keppelingen om utens.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]