Arne Garborg

Ut Wikipedy
Skilderij fan Arne Garborg troch Eilif Peterssen, 1894
Garborg mei syn wiif Hulda yn 1910.

Arne Garborg, berne Aadne Eivindsson Garborg (25 jannewaris 1851 - 14 jannewaris 1924) wie in Noarsk skriuwer en sjoernalist.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hûs dêr't Garborg berne waard is no in museum.

Garborg waard grutbrocht op de pleats Garborg, ûnder Undheim, yn de gemeente Time yn Rogaland. Hoewol't er as skriuwre ferneamd wurde soe, wie er yn it earstoan in kranteman. Yn 1872 rjochte er de krante Tvedestrandsposten op en 1877 de Fedraheimen, dêr't er oant 1892 haadredakteur fan wie.[1] Yn tachtiger jierren wie er ek sjoernalist foar Dagbladet. Yn 1894 stie er mei Rasmus Steinsvik oan de widze fan de krante Den 17de Mai;[2] dy't yn 1935 Norsk Tidend kaam te hjitten.

Garborg syn romans pakke jin en binne djipsinnich en syn essays binne helder en tsjûgje fan in djip besef. Hy gie kontroversjele ûnderwerpen nea út de wei en syn wurk behannelet de wichtige saken en fraachstikken fan syn tiid. Docht religy yn de moderne tiid noch ta de saak? Is de gewoane man wier wol bysteat om mei te dwaan yn politike prosessen en beslútfoarming? De konflikten tusken nasjonale- en Jeropeeske identiteit komme ek oan bar.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ein Fritenkjar (1878)
  • Bondestudentar (1883)
  • Forteljingar og Sogar (1884)
  • Mannfolk] (1886)
  • Uforsonlige (1888)
  • Hjaa ho Mor (1890)
  • Kolbotnbrev (1890) (brieven)
  • Trætte Mænd (1891)
  • Fred (1892)
  • Jonas Lie. En Udviklingshistorie (1893)
  • Haugtussa] (1895) (poëzy)
  • Læraren (1896)
  • Den burtkomme Faderen (1899)
  • I Helheim (1901)
  • Knudahei-brev (1904) (brieven)
  • Jesus Messias (1906)
  • Heimkomin Son (1906)
  • Dagbok 1905-1923 (1925–1927) (deiboek)
  • Tankar og utsyn (1950) (essays)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ingelsktalige Wikipedy, Arne Garborg
  1. Syn freon Ivar Mortensson-Egnund redigearre de krante “Fedraheimen” fan 1883 oant 1889.
  2. Norwegens ûnôfhinklikensdei.