Armeenske miuw
| Armeenske miuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Larus armenicus | ||||||||||||
| Bûtoerlin, 1934 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Armeenske miuw (Larus armenicus) is in grutte miuw, dy't oantroffen wurdt yn 'e Kaukasus en it Midden-Easten. De fûgel waard earder as in ûndersoarte fan 'e sulvermiuw behannele.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In folwoeksen Armeenske meeuw liket op 'e gielpoatmiuw (Larus michahellis), mar is wat lytser mei in wat donkerder rêch. It swarte gebiet op 'e wjukpunten is grutter en de wite sturtfearren binne lytser. De snaffel is giel en koart mei in swarte bân foar de wite snaffelpunt. De fûgel hat in donker each mei in swarte iris en in donkerreade eachring. Jonge fûgels binne yn har earste winter meast brún mei in wite boppestút, en in smelle, goed te ûnderskieden swarte bân op 'e sturt. Lykas alle oare miuwen kriget er it folwoeksen fearrekleed yn it fjirde libbensjier.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Armeenske meeuw waard foar it earst yn 1934 troch Sergei Aleksandrovitsj Bûtoerlin beskrean mei in type-eksimplaar fan 'e Sevanmar yn Armeenje. Earder waard de soarte as in ûndersoarte fan 'e sulvermiuw (Larus argentatus) of de gielpoatmiuw (Larus michahellis) behannele. Hjoed-de-dei wurdt de fûgel meast as in aparte soarte behannele. It ferspriedingsgebiet leit frij isolearre fan 'e oare grutte miuwen, mar der binne gefallen fan krusing mei de gielpoatmiuw (Larus michahellis).
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel briedt benammen yn tige tichtbefolke koloanjes. De nêst sitte deun opinoar en konflikten oer romte komme faak foar. It nêst is in lyts heuveltsje op 'e grûn op in eilân of oan 'e wâl fan in mar, dat makke is fan fegetaasje. It wyfke leit meast yn ein april trochstrings trije aaien, dy't troch beide âlden útbret wurde.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Armeenske miuw briedt op of by berchmarren yn Georgje, Turkije, Armeenje en westlik Iran. De grutste koloanjes binne te finen op 'e Sevanmar en de Arpimar yn Armeenje. It is foar in part in trekfûgel en in soad oerwinterje oan 'e de kusten fan Turkije, Libanon en Israel. Lytsere oantallen oerwinterje op Syprus, Egypte en de Perzyske Golf.
Waarnimmings fan 'e soarte bûten it ferspriedingsgebiet binne seldsum. Dat kin ek komme om't de soarte yn it fjild dreech te identifisearjen is, fral yn it noch net folwoeksen fearrekleed.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Armeenske stern hat in rûsde wrâldpopulaasje fan 45.000–73.000 folwoeksen fûgels (2021). Tusken 2015 en 2021 waard er troch de IUCN as hast bedrige (Near Threatened) klassifisearre op basis fan gegevens dy't oantoanden dat er yn oantal ôfnaam. Yn Israel, dêr't de soarte oerwinteret, binne de oantallen ôfnommen fan sawat 60.000 fûgels yn 'e lette jierren 1980 nei 22.000–26.000 yn 2009–2014. Der waard ek rapportearre dat de oantallen yn Turkije ôfnamen. Ek op 'e Urmiamar yn Iran, dêr't de soarte earder yn grutte oantallen briede, waarden minder fûgels sjoen. Dêrfoaroer soe de populaasje tusken 2009 en 2018 yn Armeenje yn 2009–2018 mei 13 oant 27% tanommen wêze. De populaasje yn Turkije wurdt ek as stabyl beskôge. Der wurdt no fanút gien dat de soarte net ôfnimt, mar earder tanimt. De IUCN klassifisearret de soarte dêrfandinne sûnt 2021 as net bedrige (Least Concern, 2021).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Miuw
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Turkije

