Ark of Covenant Church (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Ark of Covenant Church
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Bleekloane 119
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1929
boustyl Art deco
offisjele webside
Side fan de gemeente

De Ark of Covenant Church (Tsjerke fan de Arke fan it Ferbûn) is in tsjerklike gemeente yn Ljouwert. Hja komme byinoar oan de Bleekloane yn it gebou, dat offisjeel noch fan de Frije Baptisten is.

Ark of Covenant Church[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ark of Covenant Church is in groeiende gemeente yn Ljouwert en wie foarhinne fêstige op meardere lokaasjes, foar it lêst oan it Súdfliet. Sûnt de Frije Baptisten fanwegen it tanimmende ledetal nei it WTC ferhûzen, fiert de Ark of Covenantgemeente harren tsjinsten oan de Bleekloane. It is in echte migrantentsjerke en de leden fan de gemeente komme oarspronklik benammen út Afrikaanske lannen, mar ek minsken út oare mienskippen binne lid fan dizze tsjerke. De leden fan de Ark of Covenant Church wenje foaral yn Ljouwert, mar komme ek út de omkriten wei. De fiertaal yn de tsjerke is Ingelsk.[1]

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De tsjerke waard yn 1929 boud as it ferieningshûs "Ons Huis" fan de herfoarme tsjerke. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it omboud ta in kapel fan de Nederlânsk herfoarme gemeente (Galileeërkapel). Yn de midden fan de jierren 1970 waard it gebou ferkocht oan in gruthannel yn skuon. Fan ôf 1993 krige it gebou foar de evangelyske gemeente Perspectief wer in tsjerklike funksje .[2][3] Sûnt 2009 makke de Frije Baptisten gemeente De Wijngaard gebrûk fan de tsjerke. It gebou waard al yn in pear jier tiid foar De Wijngaard te lyts en de Frije Baptisten ferhûzen nei in grutter ûnderkommen .[4]

It gebou wurdt tsjintwurdich sneins brûkt troch de Ark of Covenant Church en op saterdeis troch de Messiaanske mienskip. Ek in lyts tal Sry Lankaanske kristenen komt hjir byinoar.

Fan it oarspronklike ynterieur is neat mear oanwêzich.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: