Arie van der Valk
| Arie van der Valk | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Adrianus van der Valk | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 28 desimber 1929 | |
| berteplak | Voorschoten | |
| stoarn | 11 jannewaris 2024 | |
| stjerplak | Voorschoten | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | ûndernimmer | |
| aktyf as | hoarekaûndernimmer | |
| reden bekendheid | Van der Valk Hotels & Restaurants | |
Adrianus (Arie) van der Valk (Adrianus van der Valk, 28 desimber 1929 - Dêre, 11 jannewaris 2024) wie in Nederlânsk hoarekaûndernimmer. Tegearre mei syn broer Gerrit foarme er de kearn fan it Van der Valk-keten, dat yn Nederlân útgroeide ta ien fan de grutste hoarekaketens.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arie van der Valk waard as sânde berne yn in húshâlding fan tolve bern. Yn 1955 boaske hy mei Truus van Vliet, mei wa't er tsien bern krige. Syn heit, Martien van der Valk (1895-1969), transformearre yn 1939 de kroech fan syn heit Nicolaas, De Gouden Leeuw yn Voorschoten, ta kafee-restaurant. Martien lei de fûneminten foar de keten troch ferskate swak prestearjende hotel-restaurants oer te nimmen. Koart nei de Twadde Wrâldkriich krige Arie van der Valk, dy't as iennige trochleard hie, de finansjele lieding oer it famyljebedriuw. Doe't syn heit him weromluts, waarden hy en syn broer Gerrit de kearn fan it bedriuw. Arie die de finansjele kant en late de sintrale ynkeap foar de fêstigingen fan it konsern út De Gouden Leeuw wei, Gerrit waard it gesicht fan de keten. Fan de fyftiger jierren fan de tweintichste iuw ôf yntrodusearren se mei sukses it Amerikaanske motelkonsept yn Nederlân, benammen yn de omkriten fan sneldiken. Arie en Gerrit stribben, lykas harren heit dien hie, nei de oprjochting fan in hotel foar elk fan harren bern.
Arie fermijde yn'e regel de media. Yn 1994 kaam er lykwols fol yn de skynwerpers fanwegen belestingfraude. Dat late ta in wiidweidige rjochtsaak, dêr't er, nettsjinsteande syn rol as finansjeel ferantwurdlike, bewearde net folle te witten oer de ôfsûnderlike fêstigingen. It resultaat wie in flinke boete foar it bedriuw en in neifoardering fan'e belestingtsjinst. It late ta in opdieling fan'e keten. Dochs bleau de famylje foar it grutste part sammele ûnder it toekanlogo.
Arie van der Valk hie de reputaasje fan in hurde en saaklike ûndernimmer, mar binnen syn famylje stie er bekend as immen dy't altyd klearstie foar syn sibben. Arie van der Valk ferstoar op 11 jannewaris 2024, yn 'e âldens fan 94 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|