Springe nei ynhâld

Arie Ringnalda

Ut Wikipedy

Arie Ringnalda (Oudshoorn, 2 july, 1895 – Hannover-Mühlenberg, 5 april 1945) wie in Nederlânske predikant en fersetsstrider. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard er eksekutearre yn it Aussenkommando Hannover-Mühlenberg, in satellytkamp fan konsintraasjekamp Neuengamme.

Ringnalda waard berne yn in predikantehúshâlding: syn heit wie ds. Dirk Ringnalda (Wymbritseradiel, 5 maart 1867 – Zeist, 14 jannewaris 1942), dy't troud wie mei Dirkje van Oostveen. Ds. Arie Ringnalda wie grifformeard predikant yn Gramsbergen en Soerabaja, en wurke letter yn Ermelo as geastlik fersoarger fan de Stichting Veldwijk. Hy wie troud mei Arnolda Looijen.

Yn Ermelo sette er him ûnder de Dútske besetting yn foar Joadske ûnderdûkers, en syn soannen Dirk en Lodewijk diene oan spionaazje foar de Ingelsen. By in Dútske ynfal waarden spionaazjegegevens ûntdutsen en Arie Ringnalda en syn soan Dirk waarden oppakt, wylst it Lodewijk slagge te ûntkommen. Durk waard al yn de finzenis siik en waard opnommen yn it sikehûs fan Veldwijk, dêr 't se him oant de befrijing 'siik' holden. Arie Ringnalda waard fan 6 maart oant 15 maart 1945 fêst set yn it Durchgangslager Amersfoort.

Yn de lêste trein fan 15 maart 1945 waard er mei sa'n 170 oare manlju deportearre nei it konsintraasjekamp Neuengamme, en dêrwei yn in lytsere groep nei it satellytkamp Hannover-Mühlenberg. Hy wie mei likernôch 50 man yn de sikebarak efterbleaun doe't de Dútsers flechten foar de oprukkende Amerikanen út it westen. Letter kamen de Dútsers werom om elkenien dy't yn it kamp efterbleaun wie te fermoardzjen. Dat wie ien dei foar de befrijing fan it kamp troch de Amerikanen.

Yn desimber 1945 binne de slachtoffers fan de massa-eksekúsje op'e nij beïerdige op de Stadtfriedhof an der Seelhorst yn Hannover.

  • Ds. D. Ringnalda Jr. Burger van het eeuwig Koninkrijk: ter nagedachtenis van Ds. A. Ringnalda, boek
  • Peter Yska. De arrestatie van Dominee Arie Ringnalda in 1945. Van ’t Erf van Ermel, nr. 71 (juny 2014)
  • Arie Ringnalda. Oorlogsgravenstichting.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: