Springe nei ynhâld

Argentynske stikelsturt

Ut Wikipedy
Argentynske stikelsturt
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaistikelsturten (Oxyura)
soarte
Oxyura vittata
Philippi, 1860
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Argentynske stikelsturt (Oxyura vittata) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e seis soarten fan it skaai stikelsturten (Oxyura).

Sijke.

Argentynske stikelsturten binne lytse eintsjes fan 36 oant 46 sm lang. Jerken wegen 600 oant 850 gram en sijkes fan 510 oant 700 gram. Jerken ferskille fan 'e Andesstikelsturt (Oxyura ferruginea) troch in lytser formaat en in plattere kop.

De jerk fan 'e Argentynske stikelsturt stiet yn it Guinness Book of World Records foar it hawwen fan 'e grutste penis ûnder de fûgels. Yn ferhâlding ta syn lingte hat de fûgel ek de langste penis fan 'e wringedieren. De measte mantsjes fan fûgelsoarten ha yn stee fan in penis in kloäka lykas wyfkes, mar einen ha wol in penis en fan in Argentynske stikelsturt út Córdoba, Argentynje is in lingte fan 42,5 sm metten. De lingte fan 'e penis kin hast like lang wurde as de fûgel sels, mar is meast likernôch de helte fan syn lingte.

De soarte libbet yn planteryk wetter lykas sompen en marren. Se hat in grut ferspriedingsgebiet yn Argentynje, Brazylje, Sily en Oerûguay. De fûgels binne yntrodusearre op 'e Falklâneilannen. Foar in part binne Argentynske stikelsturten trekfûgels.

Oer it iten fan 'e fûgel is net in soad bekend, mar oannommen wurdt dat it bestiet út sied, planten en lytse wringeleaze dieren. De briedtiid hinget fan it lân ôf. Foar Argentynje is dat fan oktober oant jannewaris.

De populaasje fan 'e soarte is stabyl en wurdt tusken de 25.000 oant 100.000 fûgels (Wetlands International, 2020) rûsd. Der binne gjin grutte bedrigings. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Lake duck

  • Dit artikel is foar in part in oersetting fan it Ingelsktalige artikel, sjoch foar referinsjes op en:Lake duck
  • BirdLife