Springe nei ynhâld

Argentynske miuw

Ut Wikipedy
Argentynske miuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus atlanticus
Olrog, 1958
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     wintergast

De Argentynske miuw (Larus atlanticus), ek: de olrogmiuw of Olrogs miuw, is in Súdamerikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e miuwen (Larus) yn 'e famylje seefûgels (Laridae).

Jonge fûgel yn it twadde jier.

De Argentynske miuw is in grutte miuw fan 50–56 sm lang, dy't 900–960 gram weaget en in spanwiidte fan 130 oant 140 sm hat. Hy hat in wite kop en wite ûnderkant, wylst de rêch en wjukken swart binne, útsein wite rânen oan 'e wjukken. De wite sturt hat in brede swarte bân mei oan 'e ein in wite bân. De snaffel is giel mei in swarte bân op 'e ein en in reade punt. De eagen binne brún mei in reade orbitale ring en de poaten binne ljochtgiel. Mantsjes binne wat grutter as wyfkes. Jonge fûgels hawwe donkere koppen en in brúnich fearrekleed. Bûten it briedseizoen hawwe de folwoeksenen ek in donkere kop en wyt om 'e eagen hinne.

De rop wurde omskreaun as nasaal en kielfoarmich.

De Argentynske miuw hat in relatyf beheind ferspriedingsgebiet oan 'e Atlantyske kust fan noardeastlik Argentynje en oerwinteret fierder nei it noarden yn Oerûguay. Hy briedt yn beheinde oantallen yn koloanjes tusken 38.49° en 45.11°S, wêrfan twatredde yn 'e Bahia Blanca ("Wite Baai"). Hy briedt op 'e grûn op lytse eilannen. Fierder wurdt er oan rotskusten, yn havens, op sânstrannen, kustlagunes en gebieten mei brak wetter oantroffen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it briedseizoen bestiet de kost fral út krabben. Dêrbûten folt er syn dieet oan mei weakdieren, ynsekten, slakken, fisken, wjirms. De Argentynske miuw bringt ek besites oan stoartplakken.

It brieden begjint yn septimber en oktober. De Argentynske miuw is meast monogaam en briedt yn tichte koloanjes op rotsen, sân of grint. It nêst is beklaaid mei planten, seewier, fearren en oar materiaal. Der wurde twa of trije oliifbrune aaien mei brune plakken lein, dy't yn 30 dagen útbret wurde. De jongen fleane tusken novimber en jannewaris út.

De IUCN kategorisearret de soarte as hast bedrige op 'e Reade list fanwegen syn beheinde ferspriedingsgebiet en ferlies fan habitat. Oannommen wurdt dat de oantallen stabyl binne. De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 4.800 en 7.800 pearen rûsd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: