Springe nei ynhâld

Arezzo

Ut Wikipedy
Arezzo
Piazza grande.
Piazza grande.
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Toskane
Sifers
Ynwennertal96.548 (31.07.2025)[1]
Oerflak384,7 km²
Befolkingsticht.250,97 ynw./km²
Hichte296 m boppe seenivo
Oar
Postkoade52100
Koördinaten43°27' N 11°52' E
Offisjele webside
www.comune.arezzo.it
Kaart
Arezzo (Itaalje)
Arezzo

Arezzo (yn it Latyn Arretium) heart ta de âldste stêden fan Itaalje. De stêd leit op in heuvel oan 'e râne fan e Apeninen tusken de rivieren Arno en Tiber.

Etruskyske tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Chimera fan Arezzo
(Museo Archeologico Nazionale, Florâns).

De stêd wie al yn 'e Etruskyske tiid (8e–3e iuw f.Kr.) in wichtich sintrum. It wie ien fan 'e tolve grutte stêden fan 'e Etruskyske Federaasje om wjerstân te bieden tsjin de Romeinske ekspânsjepolityk. De stêd stie bekend om syn ambachtlike produksje, benammen fan ierdewurk en metalen foarwerpen. It ferneamde Chimera fan Arezzo, in brûnzen byld fan in mytysk skepsel út de 5e iuw f.Kr., is in prachtich foarbyld fan dy tradysje.

Nei't de Romeinen de regio yn 'e 3e iuw f.Kr. ûnder harren bewâld brochten, waard Arretium in Romeinske koloanje. De stêd bloeide op 'e nij troch hannel en de militêre strategyske betsjutting oan 'e Via Cassia, in wichtige rûte fan Rome nei Florâns en Siena. Yn 'e 1e iuw f.Kr. wie Arezzo ferneamd om syn terra sigillata, in reade, glêde soarte ierdewurk dy't oer it hiele Romeinske Ryk ferhannele waard.

Yn 'e Hege Midsiuwen late de striid tusken de biskoppen en de adel en de hege boargerij ta de stifting fan in frije commune mei in sterke lokale identiteit, alhoewol't de macht fan 'e biskoppen grut bleau. De striid tusken Welven en Ghibelinen waard oars as yn Florâns en Siena yn Arezzo yn it foardiel fan 'e keizerssinnigen besljochte. Dat late yn 'e 13e iuw ta striid mei dy stêden en yn 1384 waard Arezzo lang om let troch Florâns ferslein. It bewâld fan 'e Medici betsjutte foar Arezzo efterútgong en ferfal.

Yn 1796–1799 hiene de Frânske revolúsjonêre troepen fan Napoleon Bonaparte in grut part fan Itaalje beset. Toskane kaam yn 1799 ûnder de ynfloed fan 'e Frânske Republyk. De Frânsen feroaren it bestjoer, brochten nije wetten, belestingen en sekularisaasje, saken dy't by in soad Toskaners, benammen yn Arezzo en it omlizzende plattelân, djippe ûnfrede oprôpen. Op 6 maaie 1799 ûntstie yn Arezzo fûle opskuor tsjin it Frânske garnizoen. De befolking kaam yn ferset en foarmen in milysje ûnder de rop "Viva Maria!", in religieus biedwurd dat de klam lei op 'e katolike identiteit fan it folk foar de Frânske "goddeloaze" republikeinen oer. De rebellen út Arezzo joegen de Frânsen út 'e stêd wei en ferspraten harren beweging troch hiel súdlik Toskane. Siena, Cortona, Montepulciano en oaren plakken folgen. Se stiften in tydlik selsstannich bewâld ûnder de namme "Reggenza Aretina" (It Bestjoer fan Arezzo). Yn 1799-1800 kamen Frânske troepen werom en sloegen de opstân mei tige hurde hân del. In soad lieders fan 'e beweging waarden finzen set en eksekutearre en Arezzo waard plondere.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e hjerst fan 1943 en yn 'e maitiid fan 1944 hie Arezzo te lijen fan meardere alliearde loftaanfallen. Arezzo lei oan wichtige ynfrastruktuer en foar de alliearden wiene dy doelen fan belang om tefoarren te kommen dat dy ynfrastruktuer troch de fijân brûkt wurde koene om de troepen te befoarrieden. Meiïnoar waarden yn dat tiidrek tsien oanfallen útfierd, wêrby't 179 minsken omkamen en 325 ferwûne rekken.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Katedraal.
  • Basilica of San Francesco (Fransiskusbasilyk): midsiuwsk tsjerkegebou dat fan bûten ienfâldich, mar binnen in tige ryk ynterieur hat.
  • Cattedrale dei Santi Pietro e Donato (Petrus en Donatuskatedraal): brânskildere ramen (1550-1600) fan Guillaume de Marcillat, fresko's, terrakottawurk fan Andrea della Robbia.
  • Santa Maria della Pieve (Sint-Marije fan 'e Pieve): romaanske tsjerke, wêrfan't de bou om 1140 hinne útein sette. De tsjerke waard foltôge yn 'e 14e iuw.
  • San Domenico (Dominikustsjerke): goatyske tsjerke mei in houten krusifiks fan Cimabue (1265) en fresko’s fan Spinello Aretino.
  • Santa Maria delle Grazie (Marije fan Genedetsjerke): boud op it plak fan in Apollotimpel. Madonnafresko (1428-1431) fan Parri di Spinello, soan fan Spinello Aretino (no yntegrearre yn it moarmeren alter fan Andrea Della Robbia (1487–1493)).
  • Santissima Annunziata (Tsjerke fan 'e Alderhillichste Ferkundiging): renêssânsetsjerke mei û.o. in houten krusifiks út 'e 14e iuw en in 16e-iuwsk moarmeren heechalter.
  • Badia delle Sante Flora e Lucilla (Abdijtsjerke fan Sint-Flora en Lusilla): oarspronklik in tsjerke fan in Benediktynske abdij, it hjoeddeiske oansjen fan 'e tsjerke datearret fan 'e 16e iuw. It kleaster is hjoed-de-dei in skoalle.
Palazzo della Fraternita dei Laici.
  • Palazzo della Fraternita dei Laici: boubegjin 1375 en foltôge yn 'e 16e iuw, gevel is in harmonyske syntese fan gotyk en renêssânse. Hjoed-de-dei it Museo Palazzo di Fraternita.
  • Palazzo dei Priori: wurdt noch jimmeroan brûkt as gemeentehûs, datearret út 'e earste helte fan 'e 14e iuw. Binnen binne in soad keunstwurken te sjen.
  • Palazzo Pretorio: boud tusken de 14e en 15e iuw en tsjintwurdich de iepenbiere bibleteek fan Arezzo.
  • Fortezza Medicea: Yn 'e 16e iuw troch de Medici boud om de Florentynske macht te befestigjen.
  • Piazza Grande: It wichtichste plein fan 'e stêd dat omklamme wurdt troch in soad histoaryske bouwurken en yn trapezefoarm is oanlein.
  • Casa Vasari Hûs-museum fan Giorgio Vasari Oarspronklik syn húshâlding, sûnt rund 1540 opknapt en fersierd; binnen rike fresco’s en kolleksjes út 16e iuw.

Bekende ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guido fan Arezzo (Arezzo, 991 - Fonte Avellana (Serra Sant'Abbondio), 1033) wie in Benediktynske muonts en wurdt beskôge as ien fan 'e grûnlizzers fan 'e muzyknotaasje.
Pietro Bacci (Arezzo, 20 april 1492 – Feneesje, 21 oktober 1556) wie in Italjaansk skriuwer fan religieuze gesangen, tonielstikken en literêre pornografy.
Giorgio Vasari (Arezzo, 30 juli 1511 – Florâns, 27 juny 1574) wie in skilder en arsjitekt út de Italjaanske renêssânse en ien fan 'e earste keunsthistoarisy.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: