Springe nei ynhâld

Madagaskarreager

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ardea humbloti)
Madagaskarreager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireagers (Ardea)
soarte
Ardea humbloti
Latham, 1801
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De Madagaskarreager (Ardea humbloti) is in fûgel yn it skaai reagers (Ardea) út de famylje reagerfûgels (Ardeidae).

De 92 oant 100 sintimeter lange fûgel hat in effen griis fearrekleed. De mûtse, wangen en wjukken binne donkerder. De stevige snaffel hat in gielige kleur en ferkleuret yn 'e briedtiid nei oranje. De poaten binne brúngriis oant griisgiel.

Madagaskarreagers komme binne endemysk op Madagaskar en libje dêr oan 'e westlike kustgebieten fan it eilân. It habitat bestiet út mangrovebosken, sâltwettersompen mar ek wol swietwettermarren, rivieren en rysfjilden. Betingsten binne ûndjip helder wetter en de oanwêzigens fan grutte fisken. De fûgel is yn kustgebieten it hiele jier troch te sjen. Bûten de briedtiid kin de fûgel ek mear it lân yn foarkomme.

Madagaskarreagers libje meastentiids solitêr, somtiden yn losse groepkes. Oer it briedgedrach is net in soad bekend; de fûgel briedt yn losse koloanjes mei oare reagersoarten.

De madagaskarreager hat in beheind ferspriedingsgebiet en komt yn dat ferspriedingsgebiet net in soad foar. De grutte fan 'e populaasje wurdt troch BirdLife International op 1290 oant 1500 folwoeksen fûgels rûsd (2019). It foar de fûgel geskikte leefgebiet wurdt beynfloede troch minsklike aktiviteiten lykas jacht, ûntbosking, fiskerij en lânbou. Dêrom wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as bedrige klassifisearre. Mooglik is de populaasje stabiler as yn 'e jierren 1980, doe't de oantallen foars tebekrûnen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: