Springe nei ynhâld

Arabyske trap

Ut Wikipedy
Arabyske trap
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifttrapeftigen (Otidiformes)
famyljetrappen (Otididae)
skaaireuzetrappen (Ardeotis)
soarte
Ardeotis arabs
Linnaeus, 1758
IUCN-status:

De Arabyske trap (Ardeotis arabs) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trappen (Otididae). De soarte komt foar yn 'e Sahel fan Afrika en yn súdwestlik Araabje. De Arabyske trap heart ta it skaai fan 'e reuzetrappen (Ardeotis). Hoewol't der net in hiel soad oer de fûgel bekend is, liket er in typyske fertsjintwurdiger fan dat skaai te wêzen.

Yn 1743 publisearre de Ingelske natoerûndersiker George Edwards in ôfbylding en beskriuwing fan 'e Arabyske trap yn syn A Natural History of Uncommon Birds. De mei de hân ynkleure ets wie basearre op in libben eksimplaar dat troch Hans Sloane yn syn hûs yn Londen holden waard.

Doe't de Sweedske natoerûndersiker Carl Linnaeus yn 1758 de tsiende útjefte fan syn Systema Naturae gearstalde, dielde er de Arabyske trap mei de oare trappen yn it skaai Otis yn. Hy joech de soarte de binomiale namme Otis arabs. De soartnamme arabs is Latyn en betsjut Arabysk.

Tsjintwurdich wurdt de soarte yndield yn it skaai Ardeotis, dat yn 1853 beskreaun waard troch de Frânske natoerûndersiker Emmanuel Le Maout.

Der wurde fjouwer ûndersoarten ûnderskaat:

  • A. a. lynesi (Bannerman, 1930) – westlik Marokko (sûnt 1962 net mear waarnommen, nei alle gedachten útstoarn);
  • A. a. stieberi (Neumann, 1907) – fan súdwestlik Mauretaanje en Senegal oant eastlik Sûdan;
  • A. a. arabs (Linnaeus, 1758) – Etioopje, Somaalje, Jemen en Saûdy-Araabje;
  • A. a. butleri (Bannerman, 1930) – súdlik Sûdan.

Lykas by alle trappen is it mantsje folle grutter as it wyfke. Mantsjes weagje tusken de 5,7 en 10,9 kg, wylst wyfkes tusken de 4,5 en 7,7 kg weagje. It swierste bekende mantsje woech 16,8 kg, wat de soarte ta ien fan 'e swierste fleanende fûgels fan 'e wrâld makket. De wyfkes wurde likernôch 70 sm heech en de mantsjes oant 92 sm.

De Arabyske trap liket mei in brún lichem, in grize hals en in wite ûnderkant in soad op 'e koarytrap (Ardeotis kori). De soarte is lykwols dúdlik lytser en slanker boud. Fierders hat de Arabyske trap oan 'e úteinen fan 'e optearde wjukken in opfallend wyt blokpatroan, wylst oare grutte Afrikaanske trappen dêr swart-wite tekeningen hawwe.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Arabyske trap libbet yn healwoastinen, drûge gersflakten en iepen akasiawâlden. De soarte komt foar yn Boerkina Faso, Kameroen, Tsjaad, Dzjibûty, Eritreä, Etioopje, Guinee-Bissau, Irak, Kenia, Maly, Mauretaanje, Niger, Saûdy-Araabje, Senegal, Somaalje, Sûdan en Jemen. Dêrnjonken wurdt de fûgel út en troch as dwaalgast waarnommen yn Algerije, Kenia, Gambia, noardlik Ivoarkust en noardlik Gana. De fûgel is nei alle gedachten yn Marokko en Nigearia útstoarn.

De Arabyske trap libbet meast allinnich, yn pearkes of yn lytse famyljegroepen. Der binne ek lytse groepen waarnommen dy't yn 'e reintiid nei it noarden fan 'e Sahel lûke om dêr te brieden. As de drûge tiid begjint, lûke se wer súdliker. De populaasjes op it Arabysk Skiereilân wurde lykwols as stânfûgels beskôge. By dizze migraasjes is waarnommen dat Arabyske trappen somtiden tegearre mei Denhamtrappen (Neotis denhami) migrearje.

It wyfke leit ien of twa aaien yn in ûndjippe kûle op 'e grûn. Hja briedt allinnich de aaien út en soarget foar de piken. As it nêst of de piken bedrige wurde, besiket it wyfke rôfdieren ôf te lieden troch lûd te roppen of bewust net te flechtsjen, sadat de oandacht fan 'e piken ôflaat wurdt.

Arabyske trappen ite benammen hippers, imerkes, krobben, reptilen en lytse sûchdieren. Dêrnjonken ite se ek sied en fruchten fan strûken lykas Cordia sinensis, Grewia villosa, Salvadora persica, wylde meloenen (Citrullus) en de gom fan akasia's.

Fanwegen syn grutte ferspriedingsgebiet waard de Arabyske trap foar in hiel skoft net as bedrige beskôge. Dochs wurdt oannommen dat de populaasje de lêste desennia bot efterútgien is. Yn 2012 waard de soarte dêrom troch de IUCN op 'e Reade List as gefoelich (Near Threatened) klassifisearre.

De wichtichste oarsaak fan 'e efterútgong is yntinsive bejaging. Dêrnjonken spylje ek de efterútgong en it ferdwinen fan gaadlik leefgebiet in wichtige rol. De populaasje yn Marokko, dy't ta de ûndersoarte A. a. lynesi heart, is sûnt 1962 net mear mei wissichheid waarnommen en kin nei alle gedachten as útstoarn beskôge wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: