Arabyske ielgoes
| Arabyske ielgoes | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Phalacrocorax nigrogularis | ||||||||||||
| Ogilvie-Grant & Forbes, 1899 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Arabyske ielgoes (Phalacrocorax nigrogularis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielguozzen (Phalacrocoracidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1899 publisearre troch William Robert Ogilvie-Grant en Henry Ogg Forbes. It is in soarte dy't kwetsber wurden is troch habitatferlies en dy't foarkomt om 'e Perzyske Golf en besuden it Arabysk Skiereilân.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is sa'n 80 sm lang en foar it meastepart swart fan kleur, mei in brûnskleurige glâns op 'e rêch en wjukken. De fûgel is wat lytser as de gewoane ielgoes (Phalacrocorax carbo), mar mist it wyt op 'e kop en it wite kinplak. Ek hat er in minder swiere snaffel.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar oan 'e seekusten en op eilannen yn 'e Perzyske Golf. Der is in noardlike populaasje dy't briedt oan 'e kusten fan Bachrein, de Feriene Arabyske Emiraten, Saûdy-Araabje, Katar en mooglik ek noch yn Iran.
De súdlike populaasje briedt op eilannen oan 'e súdkust fan Oman, op Sokotra en lâns de kusten fan 'e Golf fan Aden.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje waard yn 2010 troch BirdLife International rûsd op likernôch 220.000 folwoeksen yndividuen. De populaasje nimt ôf. Om't de fûgels op 'e grûn briede, binne se gefoelich foar fersteuring; by slimme fersteuring kinne se it nêst of sels in hiele koloanje foargoed ferlitte.
Yn 'e kustgebieten fine ferskate yndustriële en militêre ûntwikkelingen plak dy't foar fersteuring soargje. Dêrnjonken bestiet der gefaar foar fersmoarging troch oalje.
Om dy redenen stiet de soarte as kwetsber op 'e Reade List fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Ielgoes
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
