Ara de Kreaze
Ara de Kreaze is in legindaryske kening fan Armeenje. Ara is de soan fan Aram, dus de pakesizzer fan 'e Hajk, de legindaryske stamheit fan alle Armeenjers en dy't neffens de 5e-iuwske Armeenske skiedkundige Movses Chorenatsi fan Noächs jongste soan Jafet ôfstamde. Ara is in sintrale figuer yn 'e Armeenske mytology en hy is fral bekend fanwegen syn konflikt mei de Assyryske keningine Semiramis.
De leginde fan Ara de Kreaze en Semiramis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keninginne Semiramis fan Assyrje socht de leafde fan Ara, mar hy wiisde har jimmeroan ôf. Om him lang om let dochs te krijen fierde Semiramis oarloch tsjin Armeenje. Hja hie opdracht jûn om de kening libben te fangen, mar neffens de leginde ferlear Ara it libben yn 'e striid, doe't ien fan 'e minnaars fan Semiramis kening Ara mei sin mei in fergiftige pylk yn it boarst skeat om sa fan syn rivaal ôf te kommen.
De keninginne koe syn dea net aksepearje. Hja joech opdracht om it lichem fan Ara nei har ta te bringen, sadat hja noch ien kear nei de man sjen koe dêr't hja sa fan hold. De soldaten brochten it iene nei it oare lichem nei de keninginne want it slachfjild tilde op fan 'e deade Armeenske soldaten, mar gjin ien wie Ara. Neffens in oare ferzje besocht de keninginne it deade lichem fan Ara mei har tsjoenderskeunsten wer ta libben te bringen. Hja fersocht de goaden om de wûnen fan 'e deade Ara skjin te slikjen, mar der barde neat. It lichem fan Ara fergie en hja liet him temûk begrave. Semiramis ferburch har bedroch troch in oare man as kening Ara te ferklaaien en de minsken wiis te meitsjen dat de goaden him de wûnen skjin slikke hiene en him sa wer it libben joegen.
Dat optinksel gie der by de Armeense befolking yn en dêrmei koe de man syn macht oer Armeenje jilde litte. Semiramis modernisearre it lân en boude yn Armeenje stêden, paleizen en akwadukten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|