Arû-eilannen
Arû-eilannen | ||
emblemen | ||
![]() | ||
geografy | ||
lokaasje | Grutte Oseaan | |
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
koördinaten | 6°10'S 134°30'E | |
algemien | ||
haadstêd | Dobo | |
ynwennertal | 108.834 (2023) | |
sifers | ||
oerflak | 8.563 km² | |
heechste punt | 241 m | |
kaart | ||
De Arû-eilannen is in eilannegroep fan 'e provinsje Molukken yn Yndoneezje. It is de meast eastlike eilannegroep fan 'e Molukken.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De eilannegroep leit eastlik fan 'e Lydekkerline, dy't de grins fan Walllacea oanjout en wurdt geologysk sadwaande earder ta Nij-Guineä en Melaneezje as ta de Molukken rekkene. De eilannen lizze op 'e Australyske kontinintale plaat. Tusken de Arû-eilannen en Nij-Guineä yn it noarden en easten en Austraalje yn it suden is de see faak noch gjin 100 m djip, wylst de see tusken de 120 km westliker lizzende Kai-eilannen mear as 2.000 m djip is.
De likernôch 95 eilannen ha meiïnoar in oerflak fan 8.563 km² en it heechste punt is 241 m. It grutse eilân is Tanahbesar (of Wokam). Oare eilannen binne Wamar (wat út de kust fan Tanahbesar), Kola, Kobroor, Maikoor en Trangan. De haadeilannen binne heuveleftich en wurde troch meänderjende kanalen fan inoar skieden. Op Wamar leit it wichtichste havenplak Dobo.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilannen ha in lange skiednis as hannelsstasjon yn it easten fan Yndoneezje. Foar de koloniale tiid wiene der hannelskontakten mei de Banda-eilannen, Bugis en Makasar. Sûnt 1623 sloegen de Nederlanners dêr foar master op en de hannelsposten waarden troch de Nederlânske Eastyndyske Kompanjy bestjoerd.
Dobo, it hannelsstasjon op it lytse eilân Wamma yn it noardwesten fan 'e eilannegroep, ûntwikkele him yn 'e rin fan 'e tiid ta in wichtich regionaal hannelsplak. Dobo wie troch in kanaal tagonklik, dy't oanreizgjende skippen in feilige trochgong troch de koraalriffen bea. It kanaal bea ek in rêstich plak by stoarmen. Fanwegen de altiten oanwêzige wyn wiene de delsettings relatyf frij fan malaria. Tusken 1880 en 1917 fersette de lânseigen befolking him jimmeroan mear tsjin de ynfloeden fan bûtenôf.
Flora en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flora en fauna fan 'e foar in grut part mei reinwâlden, savannes en mangroves oerdutsen eilannen komme foar in grut part oerien mei Nij-Guineä. In pear soarten binne endemysk op 'e Arû-eilannen. Op 'e eilannen komt bygelyks de wytnekfasantdo foar, in ûndersoarte fan 'e fasantdo.

Yn 1857 besocht de natoerwittenskipper Alfred Russel Wallace de eilannen. Ynearsten útfanhûze er yn Dobo, mar dêr mocht er net graach wêze om't der te min bistesoarten wiene dy't er sammelje woe. Dêrom gie er lang om let nei Maikoor, in eilân dat wat sintrale tusken de eilannegroep leit. De bisten dy't er dêr oantrof joech him letter de oanlieding om te ferûnderstellen dat der yn 'e lêst Iistiid in lânbrêge west hawwe moat mei Nij-Guineä. Ta de sammele fûgels hearden de fierder allinne op Nij-Guineä foarkommende keningsparadysfûgel, fjouwer falken, tolve dowen, tretjin miggesnappers, tsien pappegaaien, in swellesoarte en ferskillende wurgerfûgels, twa pitta's, fiif huningsûgers en alve beamiisfûgels. Dêrnjonken hie Wallace ek kakketoefûgels en kasuarissen waarnommen. Dêrmei wie it dúdlik dat de Arû-eilannen in fûgelwrâld hie, dy't westlik fan 'e Arû-eilannen net bestie. Opfallend wie ek de ôfwêzigens fan oare bisten, lykas rôfdieren, kjifdieren, primaten en hoefdieren. Bûten flearmûzen en bargen wiene alle sûchdieren fan Arû-eilannen bûdeldieren.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de folkstelling fan septimber 2020 wie it ynwennertal 137.972.
De eilannen ha yn mearderheid in kristlike befolking. Fan it 68,02% grutte kristlike oandiel is it grutste part protestantsk en in folle lytser diel roomsk. 31,89% is islamitysk. Fierder binne der tige lytse hindoeïstyske en boedistyske minderheden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en referinsjes sjoch de:Aru-Inseln
|