Springe nei ynhâld

Aquaman and the Lost Kingdom

Ut Wikipedy
Aquaman and the Lost Kingdom
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurJames Wan
produsintPeter Safran
James Wan
Rob Cowan
senarioDavid Leslie Johnson-McGoldrick
basearre opAquaman fan DC Comics
kamerarezjyDon Burgess
muzykRupert Gregson-Williams
filmstudioWarner Bros.
DC Films
Atomic Monster
The Safran Company
distribúsjeWarner Bros.
spilers
haadrollenJason Momoa
Patrick Wilson
byrollenYahya Abdul-Mateen II
Randall Park
Amber Heard
Nicole Kidman
Temuera Morrison
Dolph Lundgren
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre19 desimber 2023
foarmlangspylfilm
sjenresuperheldefilm
taalIngelsk
spyltiid124 minuten
budget en resultaten
budget$205–215 miljoen
opbringst$440,2 miljoen
filmsearje
filmsearjeDC Extended Universe
 foarich dielBlue Beetle

Aquaman and the Lost Kingdom is in Amerikaanske superheldefilm út 2023 ûnder rezjy fan James Wan, mei yn 'e haadrollen Jason Momoa en Patrick Wilson. De titel betsjut "Aquaman en it Weiwurden Keninkryk". It ferhaal folget de superheld Aquaman, de kening fan Atlantis, wannear't syn fijân, de supersmjunt Black Manta, om wraak te nimmen foar de dea fan syn heit, de lapen gearsmyt mei in âld kwea. Aquaman hat ferlet fan 'e help fan in oare fijân, syn broer Orm, om mei Black Manta ôf te weven. Aquaman and the Lost Kingdom waard basearre op 'e strips fan 'e útjouwerij DC Comics. It wie de lêste film dy't útbrocht waard yn it ramt fan 'e DC Extended Universe-filmsearje, en folge as sadanich op Blue Beetle (2023). It wie lykwols in direkt ferfolch op Aquaman út 2018. Fan 'e filmkritisy krige Aquaman and the Lost Kingdom oer it algemien negative resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in beskieden kommersjeel súkses .

Fjouwer jier nei't er kening fan Atlantis waard (sjoch: Aquaman), is Arthur Curry, alias Aquaman, troud mei de seemearminne prinsesse Mera fan Xebel en hat er mei har in poppe, in jonkje dat Arthur jr. hjit. Hy ferdielt syn tiid oer in libben boppe en ûnder wetter. Underwilens is de supersmjunt David Kane, alias Black Manta, noch altyd út op wraak op Aquaman foar de dea fan syn heit, dat in ûnmeilydsume seerôver wie. Hy wurket gear mei de ambisjeuze marine biolooch dr. Stephen Shin om Atlantyske artefakten te finen dy't him de macht jaan moatte om Aquaman en alles en eltsenien dêr't er fan hâldt te ferneatigjen. Wannear't Shin op Antarktika troch it ranen fan 'e iiskape in grot ûntdekt dy't liedt nei in ferlerne part fan 'e Atlantyske beskaving, fynt Kane dêre in wapen, de Swarte Trijetine. Dat ding blykt yn ferbân te stean mei syn makker, dy't in oerâld kwea fertsjintwurdiget. Troch de trijetine wurdt Kane troch dat kwea beset. Mei't it him ûnthjit om him de krêften te jaan en ferslaan Aquaman, ferset er him der net tsjin.

Fiif moanne letter hat Kane mei de help fan 'e entiteit yn 'e Swarte Trijetine in hiel arsenaal oan âlde Atlantyske masines fûn en oan 'e praat krigen, wêrûnder in reuseftige ûnderseeër. Hy plonderet stelselmjittich de opslachplakken fan orichalkum, in foarm fan branje dêr't de masines op rinne. Wannear't er in wraam docht op it grutste opslachplak fan allegearre, midden yn Atlantis, docht bliken dat syn masines, dy't oerâld binne, in ûntwerp hawwe dat ûnbekend is by de moderne Atlanten. Kane-en-dy wurde trappearre en neisitten troch de Atlanten, ûnder wa keninginne Mera en keninginne-mem Atlanna, de mem fan Aquaman. Mera rekket slim ferwûne yn it gefjocht en inkeld troch de oankomst fan Aquaman sels kin foarkomd wurde dat Kane har fermoardet. Likegoed witte Kane-en-dy te ûntkommen mei alle orichalkum.

Wannear't Aquaman neitiid nafraach docht, komt oan it ljocht dat orichalkum troch de moderne Atlanten al lang net mear brûkt wurdt, om't it in brânstof is dy't ekstreem hege nivo's fan broeistofgassen útstjit en dêrnjonken ek noch liedt ta de fersuorring fan 'e see. Yn it fiere ferline hat it gebrûk fan orichalkum hast laat ta in wrâldwide massa-ekstinksje foar't de Atlanten fan it gebrûk ôfstapten. Mar om't it spul ûnôfbrekber is, lei wat der doe al fan raffinearre wie al sûnt minskewitten opslein efter slot en skoattel. It docht bliken dat Kane no de hiele wrâldfoarrie yn besit hat. Dat ferklearret it hommelse oanboazjen fan 'e klimaatferoaring yn 'e lêste fiif moannen, dy't de Atlanten oant no ta oan 'e destruktive ynfloed fan 'e minskheid taskreaune. Aquaman beslút dat Kane tsjin eltse priis tsjinholden wurde moat en boppedat hat de smjunt noch wat fan him te goede yn ferbân mei wat er Mera besocht hat oan te dwaan. Mar de iennichste dy't oan 'e weet komme kin wêr't Kane him ophâldt, is prins Orm, de jongere broer fan Aquaman, dy't al fjouwer jier in finzene is fan 'e saneamde Fiskerslju (in beskaat ras fan seemearminnen), wa har kening hy fermoarde hie yn 'e striid om 'e troan fan Atlantis (sjoch: Aquaman).

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Orm wurdt fêstholden yn in tichthûs yn in grot ûnder de Sahara, dêr't er, om him swak te hâlden, mar in minimaal bytsje wetter kriget. Om it Keninkryk fan 'e Fiskerslju net tsjin Atlantis yn it harnas te jeien giet Aquaman dêr allinnich hinne, yn in pak dat him frijwol ûnsichtber makket. Hy brekt Orm út en freget him om help. Dat liket Orm earst wol nei fleanen, mei't er Aquaman as syn aartsfijân beskôget. Mar wannear't dyselde him útleit dat it fuortbestean fan Atlantis en fan 'e hiele wrâld op it spul stiet, seit er doch syn meitwurking ta, sij it mei tsjinnichheid. Sadree't Orm it wetter fan 'e see berikt, keare syn âlde krêften werom, sadat er handich ôfweve kin mei syn efterfolgjende sipiers.

Neitiid nimt er Aquaman mei nei de Fersonken Sitadel, in út 'e wrakken fan ûntelbere ûndergiene skippen opboude frijhaven fan minsklike en Atlantyske seerôvers en oare kriminelen fan alderhanne slach. Dêr moetsje se de gangster Kingfish, dy't ûnder twang fertelt dat Kane syn basis fêstige hat op in fulkanysk eilantsje yn it suden fan 'e Stille Oseaan. Nei't se har in wei út 'e Fersonken Sitadel fochten hawwe, bejouwe de oanhâldend kibjende bruorren har dêrom nei dat eilân, dêr't se ûntdekke dat Kane it stellene orichalkum yn 'e holle krater fan 'e âlde fulkaan opstookt om mei opsetsin safolle mooglik broeikasgassen yn 'e lucht te pompen. Troch de hege mjitte fan koalstofdiokside by de boarne fan al dy broeikasgassen is de floara en fauna op it eilantsje sterk mutearre, mei as gefolch û.o. reuseftige sprinkhoannen dy't de beide bruorren efterfolgje en besykje op te fretten, mar op har beurt ferslynd wurde troch ûnbidich grutte fleisitende planten.

Wannear't se úteinlik de krater binnenkringe, moetsje se dêr dr. Shin, dy't spyt krigen hat fan syn gearwurking mei Kane. Mar ear't er de bruorren helpe kin, rekket er bewusteleas by in oanfal op Aquaman en Orm dy't útfierd wurdt troch Stingray, de froulike ûnderkommandant fan Kane. As Kane sels ek arrivearret, brekt der in ferheftich gefjocht út, wêrby't Orm op in stuit de Swarte Trijetine oanrekket en kontakt makket mei it oerâlde kwea dat yn ferbân stiet mei it wapen. De earder troch Aquaman warskôge striidkrêften fan Atlantis arrivearje ûnder lieding fan syn skoanheit kening Nereus fan Xebel, en meitsje mei swiere wapens it eilantsje mei de grûn lyk. Kane-en-dy witte op 'e nij te ûntkommen yn 'e grutte ûnderseeër. Aquaman rekket yn 'e knipe wannear't er ûnder wetter fêst komt te sitten tusken de seeboaiem en in grut rotsblok fan 'e ynstoartende krater, mar hy wurdt rêden troch syn ûnderwilens genêzen frou Mera.

Neitiid fertelt Orm by in gearkomste fan 'e belutsen lieders fan Atlantis oer wat er gewaarwurden is doe't er de Swarte Trijetine oanrekke. It docht bliken dat it wapen yn in fier ferline makke wurden is troch Kordax, de jongere broer fan Atlan, de stifter fan Atlantis. Kordax wie de kening fan Necrus, it sânde fan 'e Atlantyske keninkriken dat foar de kust fan Antarktika lei op in plak dat al milennia lang diel útmakke hat fan 'e súdlike iiskape. It bestean fan dat ryk is yn 'e Atlantyske skiednis folslein útwiske. It iennichste dat de moderne Atlanten noch witte, is dat der oarspronklike sân riken wiene. It sânde stiet tsjintwurdich bekend as "it Weiwurden Keninkryk". Orm fertelt dat Kordax jaloersk wie op Atlan en in machtsbasis opboude troch it ûnbeheinde gebrûk fan orichalkum. Doe't Atlan him oardere dêrmei op te hâlden om't er de wrâld oan it ferneatigjen wie, naam Kordax syn taflecht ta bloedmagy, wêrmei't er himsels en syn ûnderdienen feroare yn ûnstjerlike boasaardige meunsters. Mar Atlan en de striidkrêften fan 'e restearjende seis Atlantyske keninkriken fierden in ynvaazje fan Necrus út, wêrnei't Atlan yn 'e troanseal fan Kordax syn eigen bloedmagy brûkte om hiel Necrus yn iis te fangen. Neitiid waard de oantins oan Necrus folslein útwiske om foar te kommen dat it ea noch op 'e nij oprize kinne soe. Mar de troch de minsken yn gong setten klimaatferoaring en it ranen fan 'e poalkapen ferswakke de betsjoening fan Atlan genôch dat it Kordax slagge en lis kontakt mei Kane.

Aquaman, Orm, Mera en Atlanna riddenearje út dat Kane ferlet hat fan it bloed fan ien fan 'e ôfstammelingen fan kening Atlan om dy syn bloedmagy te ferbrekken en Kordax en syn folk te befrijen út it iis. Orm ornearret dat der gjin oare ôfstammelingen fan Atlan binne as hysels en Aquaman, mar de oaren witte dat der noch ien is: de lytse Arthur jr. Fjouweresom hastigje se har nei de fjoertoerwachterswente oan 'e kust fan Maine dêr't se de poppe efterlitten hawwe op 'e noed fan syn pake Thomas Curry, de heit fan Aquaman. As se dêr arrivearje, docht bliken dat Kane harren foar west hat: Thomas is foar dea efterlitten en de poppe is ûntfierd. Wylst syn heit wer opbetteret ûnder behanneling fan 'e heech ûntwikkele Atlantyske genêskunde, ûntfangt Aquaman in berjocht dat de lokaasje fan Kane syn ûnderseeër trochjout en dat temûk ferstjoerd is troch dr. Shin. Kane blykt ûnderweis te wêzen nei it Ferlerne Keninkryk Necrus by Antarktika. Aquaman, Orm, Mera, Atlanna, kening Nereus fan Xebel en in lytse karkloft Atlanten sette Kane efternei.

Yn Necrus bynt Aquaman de striid oan mei Kane en wurdt er op in hier nei troch de smjunt deade ear't Mera him op 'e nij rêdt. Dr. Shin naait út mei Arthur jr. om him út 'e kloeren fan Kane te hâlden en bringt de poppe wer by syn mem. Kane smyt de Swarte Trijetine nei Mera as wie it in spear, mar Orm plôket it ding út 'e loft foar't it Mera reitsje kin. Dêrop ferlit de geast fan Kordax Kane, dy't er mar in swakke minske fynt, en beset ynstee de sterke Atlant Orm. Dyselde keart him tsjin Aquaman en de beide bruorren fjochtsje, wêrby't Orm Aquaman in bloednoas slacht. Hy brûkt it alsa frijkommen bloed om Kordax te befrijen. Mar Aquaman bepraat Orm om syn wrok foar him oer farre te litten, wat net sa dreech mear is mei't Orm net wol dat hy en Aquaman einigje sille as Atlan en Kordax. As er de Swarte Trijetine loslit, komt Orm frij fan 'e geastlike besetting troch Kordax. Aquaman ferneatiget dêrnei sawol de Swarte Trijetine as Kordax sels.

As de swarte magy fan Kordax weiwurdt, ferwaaie syn ûnderdienen ta stof en begjint Necrus yn te stoarten. De ferwûne Kane falt yn in djippe spjalt dy't him iepenet yn 'e flier, mar hâldt himsels oan 'e râne fêst mei syn fingers. Aquaman stapt oer syn gefoelens foar de smjunt hinne troch him de hân te rikken om him op te hysjen, mar Kane ropt fan: "Nea!" en lit himsels mienen en witten yn 'e spjalt falle om mar net troch Aquaman rêden te wurden. De Atlanten en dr. Shin ûntkomme út Necrus, dat folslein útinoar falt. Orm is ree om werom te kearen yn finzenskip by de Fiskerslju, mar Aquaman stelt foar om te bearen dat Orm yn 'e striid mei Kordax omkommen is. De oaren stimme dêrmei yn, en Orm giet yn ballingskip op it drûge. Aquaman, dy't altyd al fûn dat de Ierde inkeld fan 'e gefolgen fan klimaatferoaring rêden wurde koe troch gearwurking tusken de minskewrâld en de ûnderwetterkeninkriken, driuwt no syn sin troch en makket it bestean fan Atlantis bekend by in parsekonferinsje yn New York, wêrby't er foar Atlantis it lidmaatskip fan 'e Feriene Naasjes oanfreget.

Jason Momoa.
Patrick Wilson.
Yahya Abdul-Mateen II.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise              
Arthur Curry / Aquaman Jason Momoa
Orm Marius Patrick Wilson


byrollen
personaazje                            akteur/aktrise
David Kane / Black Manta Yahya Abdul-Mateen II
dr. Stephen Shin Randall Park
keninginne Mera Amber Heard
keninginne-mem Atlanna Nicole Kidman
Thomas Curry Temuera Morrison
kening Nereus fan Xebel Dolph Lundgren
Stingray Jani Zhao
de Pikelkening John Rhys-Davies (stim)
Andrew Crawford (motion-capture)
gangster Kingfish Martin Short (stim)
kening Atlan fan Atlantis Vincent Regan
Karshon Indya Moore
kening Kordax fan Necrus Pilou Asbæk

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aquaman and the Lost Kingdom waard regissearre troch James Wan, dy't yn 2018 ek de foargeande film Aquaman makke hie. Foar Aquaman and the Lost Kingdom wurke er nei in senario fan David Leslie Johnson-McGoldrick dat loskes basearre wie op in treatment fan fyftich siden dy't yn 2019 skreaun wie troch haadrolspiler Jason Momoa en Brian Mendoza. As produsinten wiene regisseur Wan, Peter Safran en Rob Cowan by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., DC Films, Atomic Monster en The Safran Company. Foar de film wie neffens it tydskrift Variety in budget beskikber fan $205–215 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Don Burgess, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rupert Gregson-Williams.

Regisseur James Wan.

De titelrol fan 'e superheld Aquaman, út 'e strips fan útjouwerij DC Comics, waard yn Aquaman and the Lost Kingdom, krekt as yn it eardere Aquaman, fertolke troch de Hawaïaanske akteur Jason Momoa. Dyselde krige neffens it blêd Variety $15 miljoen betelle foar syn meiwurking oan Aquaman and the Lost Kingdom.

De froulike haadrol fan prinsesse Mera, dy't yn Aquaman spile wie troch aktrise Amber Heard, waard foar de nije film wat problematysk. Heard stie nammentlik yn 'e perioade dat Aquaman and the Lost Kingdom makke waard, lange tiid negatyf yn 'e belangstelling troch de mei slimme rûzje mank geande beëiniging fan har houlik mei akteur Johnny Depp. Sy beskuldige him fan húslik geweld, wat late ta ferskate kontroversjele rjochtsaken: Depp v News Group Newspapers Ltd, wêryn't Depp de Britske krante The Sun oanklage foar kwealaster nei't dy publikaasje de beskuldigings fan Heard omskreaun hie as "as it derop oankomt wier"; en Depp v Heard, wêryn't Depp Heard oanklage foar kwealaster nei't se har beskuldigings werhelle hie yn in stik yn The Washington Post.

De fans fan Depp, dy't tige populêr wurden wie mei syn rol as de eksintrike seerôver Jack Sparrow yn 'e filmsearje Pirates of the Caribbean, wiene poer oer de beskuldigings fan Heard en begiene op 'e sosjale media karaktermoard tsjin har. Yn dy omstannichheden besleaten filmstudio's Warner Bros. en DC Films, neffens de lêzing fan Heard, om 'e rol fan Mera yn Aquaman and the Lost Kingdom sterk yn te koartsjen. Ynstee makken se der doe in buddyfilm fan mei de bruorren Aquaman en Orm. Neffens de studio's wie dat net wier en woene se de ferfolchfilm altyd al dy foarm jaan. Walter Hamada, de algemien direkteur fan DC Films, tsjûge by Depp v Heard dat yndie yn omtinken nommen wie om Heard net werom te freegjen foar de rol fan Mera en ynstee in oare aktrise yn dy rol te casten, mar dat stie neffens him folslein los fan alle kontroverse en soe inkeld te krijen hân hawwe mei in gebrek oan gemy tusken Heard en Momoa yn 'e earste film.

De rol fan aktrise Amber Heard yn Aquaman and the Lost Kingdom waard ynkoarte omreden fan 'e kontroversjele rjochtsaak oangeande it húslik geweld yn har relaasje mei akteur Johnny Depp.

De opnamen foar Aquaman and the Lost Kingdom setten op 28 juny 2021 útein en duorren oant en mei 12 jannewaris 2022. Der waard gebrûk makke fan 'e mei opset sin misliedende wurktitel Necrus om foar te kommen dat de filmsets bestoarme wurde soene troch fans. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn it studiokompleks fan Warner Bros. Studios, Leavesden, yn it Ingelske greefskip Hertfordshire. Dêr waarden fiif soundstages en it backlot brûkt, en teffens in wettertank bûtendoar. Dêrnjonken waard ek op lokaasje filme op it strân Saunton Sands yn Devon, op Piccadilly Circus yn Londen, yn Jersey City yn Nij-Jersey en yn Malibu yn Kalifornje.

De distribúsje fan Aquaman and the Lost Kingdom waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 19 desimber 2023 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 22 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij WaterTower Music. Aquaman and the Lost Kingdom kaam op 23 jannewaris 2024 beskikber as digitale download en waard op 27 febrewaris fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Aquaman and the Lost Kingdom oer it algemien negative resinsjes. Sa joech Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian de film mar 1 fan 5 stjerren. Ien fan 'e punten dêr't er krityk op hie, wie it heitwêzen fan Aquaman, dat neffens him in "ôfseage slûprûte [wie], brûkt troch Hollywood om 'e haadpersoan sympatyk te meitsjen". Ek hied er ambifalinte gefoelens oer de aktearprestaasjes fan it meastepart fan 'e cast, útsein Randall Park (yn 'e rol fan dr. Shin), mar dy syn aktearjen yn Aquaman and the Lost Kingdom wie neffens Bradshaw de bargen pearels foarsmiten. Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com en ferskate oare filmkritisy fûnen krekt dat it aktearjen fan haadrolspiler Jason Momoa it hichtepunt fan 'e film wie.

Yn it studiokompleks fan Warner Bros. Studios, Leavesden, yn Hertfordshire, waard it meastepart fan Aquaman and the Lost Kingdom filme.

Nicholas Barber fan 'e BBC parte Aquaman and the Lost Kingdom 2 fan 5 stjerren ta. Neffens him wie de iennichste reden foar it bestean fan 'e film de winst dy't Warner Bros. en DC Films makke hiene mei de earste Aquaman-film. Hy fûn dat mank de cast benammen Patrick Wilson (as Orm) en Yahya Abdul-Mateen II (as David Kane) der yn positive sin útsprongen. De relaasje tusken de kibjende bruorren Aquaman en Orm fûn er lykwols ien en al klisjee. Ek beklage er him oer it folsleine fergriemen fan it talint fan Nicole Kidman (as keninginne-mem Atlanna).

Yn it blêd Rolling Stone skreau David Fear dat Aquaman and the Lost Kingdom wol funksjonearre as in film op himsels, los fan 'e rest fan 'e DC Extended Universe-searje, mar hy fûn de plot fan Aquaman and the Lost Kingdom "nuveraardige tin". Om Brian Lowry fan CNN hie foar de film wol in nije antagonist socht wurde mocht, mei't David Kane neffens him "in smjunt [wie] dy't mar ien noat sjonge kin". Hy hie lof foar it aktearjen fan Momoa, mar fûn dat de relaasje fan 'e bruorren Aquaman en Orm "troch tefolle knoffelichheden hinne wâdzje moat om in pear moaie mominten te berikken".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Aquaman and the Lost Kingdom in leech goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 212 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Jason Momoa bliuwt in kapabele en tawijde haadrolspiler, mar sels echte fans fan DC Comics sille tajaan moatte dat [dizze film] him net bûten bekende wetters weaget." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Aquaman and the Lost Kingdom in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 43 resinsjes.

De Saunton Sands, in strân yn it Ingelske greefskip Devon, wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Aquaman and the Lost Kingdom.

Aquaman and the Lost Kingdom brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $124,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $315,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $440,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $205–215 miljoen betsjut dat in winst fan $225,2–215,2 miljoen, hoewol't dêr de mânske marketingkosten noch wol ôf moatte. Aidan Kelly fan 'e webside Collider berekkene dat de film $305–355 miljoen fertsjinje moast om lyk te spyljen, wat de skjinne winst op $135,2–185,2 miljoen bringe soe.

Aquaman and the Lost Kingdom waard by de People's Choice Awards nominearre foar de priis fan aksjefilmstjer fan it jier (Jason Momoa). By de Kids' Choice Awards waard de film nominearre yn 'e kategoryen favorite film en favorite filmakteur (Jason Momoa).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) Suicide Squad (2016) Wonder Woman (2017) Justice League (2017) Aquaman (2018) Shazam! (2019) Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) Wonder Woman 1984 (2020) Zack Snyder's Justice League (2021) The Suicide Squad (2021) Black Adam (2022) Shazam! Fury of the Gods (2023) The Flash (2023) Blue Beetle (2023) Aquaman and the Lost Kingdom (2023)