Springe nei ynhâld

Anzac Day

Ut Wikipedy
Anzac Day
Militêre parade op Anzac Day 2008 yn Melbourne.
Militêre parade op Anzac Day 2008 yn Melbourne.
plak en tiid
lân Austraalje
Nij-Seelân
plak lanlik
tiid fan it jier 25 april
bysûnderheden
oanlieding Gallipolikampanje
soarte evenemint betinking
bestean 1916 – no
org. troch oerheid

Anzac Day (Ingelsk foar "Anzac Dei") is in nasjonale frije dei yn Austraalje en Nij-Seelân dy't falt op 25 april. De dei is wijd oan 'e betinking fan alle Australyske en Nijseelânske soldaten dy't sneuvele binne yn alle oarloggen en konflikten en by fredesoperaasjes. Oarpronklik wie de betinking lykwols bedoeld foar de soldaten fan it ANZAC of Australian and New Zealand Army Corps ("Australysk en Nijseelânsk Legerkorps"), dy't yn 1915 yn 'e Earste Wrâldoarloch sneuvele wiene ûnder de bloedige en nutteleaze Gallipolikampanje.

Yn 1915 setten de Alliëarden ûnder de Earste Wrâldoarloch útein mei in ynvaazje fan it Osmaanske Ryk, dat in Sintrale macht wie, dy't oan 'e kant fan it Keizerryk Dútslân focht. De bedoeling wie om troch de besetting fan 'e Osmaanske haadstêd Konstantinopel, dy't de tagong ta de Swarte See behearske, in befoarriedingsrûte troch de Dardanellen en de Bosporus nei it Keizerryk Ruslân te iepenjen, dat in Alliëarde bûnsgenoat wie. Fia it Gallipoli-skiereilân soene de Alliëarde troepen by de kust fan 'e Dardanellen en de See fan Marmara lâns optsjen en sûnder altefolle swierrichheden harren misje foltôgje kinne.

In betinkingstsjinst by moarnsdage op Anzac Day 2009 yn Kings Park, yn West-Austraalje.

Doe't op 25 april 1915 de earste lânings op 'e Osmaanske kust útfierd waarden, bliek de reäliteit lykwols oars te wêzen. De taaie wjerstân fan 'e Osmaanske ferdigeners soarge der foar dat de Alliëarde troepen, wêrûnder de Austraaljers en Nijseelanners fan it ANZAC, yn brêgehaden oan 'e kust fêst kamen te sitten. De Gallipolikampanje ûntjoech him ta in bittere rinfuorgestriid, wêrby't krapoan 57.000 Alliëarde militêren sneuvelen foar't úteinlik besletten waard ta in evakuaasje fan 'e troepen, dy't yn desimber 1915 en jannewaris 1916 útfierd waard. Under de Alliëarde deaden wiene ek 8.709 Austraaljers en 2.721 Nijseelanners.

Hoewol't de striid by Gallipoli yn 'e measte oare belutsen lannen al lang fergetten is, waard de oantins dêroan yn Austraalje en Nij-Seelân libben holden. Foar dy beide lannen wie de Gallipoli-kampanje de earste dielname oan in grutskalige oarloch wêrby't swiere ferliezen lit waarden. It makke in djippe yndruk op 'e nasjonale psyche fan 'e beide lannen, en wurdt rûnom beskôge as it begjin fan harren nasjonaal bewustwêzen. Sadwaande waard 25 april, de datum fan 'e lânings, yn 1916 troch de regearings fan 'e beide lannen offisjeel as betinkingsdei oanwiisd mei de namme 'Anzac Day', ûntliend oan it ANZAC.

Yn 'e 1920-er jierren woeks Anzac Day út ta in algemiene betinking foar alle 60.000 Austraaljers en 18.000 Nijseelanners dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch omkommen wiene. Tsjin 'e midden fan 'e 1930-er jierren hie Anzac Day yn Austraalje syn hjoeddeistige foarm oannommen, mei betinkingsseremoanjes by moarnsdage, militêre parades, tsjerketsjinsten en militêre reünys. Yn Nij-Seelân krige de dei ûnder ynfloed fan Austraalje meitiid fierhinne deselde foarm; sa waard de betinking by moarnsdage yn 1939 út it buorlân wei yntrodusearre. Under de Twadde Wrâldoarloch woeks Anzac Day út ta in betinking dêr't ek de nije oarlochsdeaden ûnder beflapt waarden, en nei ôfrin fan 'e oarloch waard de betsjutting noch fierder oprutsen om ek Australyske en Nijseelânske militêren te betinken dy't yn oare oarloggen en konflikten en by fredesoperaasjes fan 'e Feriene Naasjes omkommen wiene.

Anzac Day yn Manly (Queenslân) (1922).

Fan in hichtepunt fan populariteit fuort nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch sonk it oansjen fan Anzac Day yn 'e 1950-er jierren fral yn Nij-Seelân fuort. Dat wie yn hege mjitte te witen oan it feit dat de oerheid op dy dei it near lei op alle kommersjele en sportive aktiviteiten en alle oare foarmen fan fermaak. Under de Fjetnamoarloch, yn 'e 1960-er jierren, sakke de populariteit fan Anzac Day oant in djiptepunt wei. Pas nei't yn 1966 sport en oar fermaak op 25 april tastien waarden, bekaam dat wat. Sûnt de twadde helte fan 'e 1980-er jierren hat Anzac Day yn 'e beide lannen sterk oan populariteit wûn. Fan ynfloed dêrop wie it besyk dat de Australyske premier Bob Hawke op 25 april 1990 as earste regearingslieder fan 'e beide lannen oan Gallipoli brocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.