Springe nei ynhâld

Antypoade-eilannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Antypoaden)
Antypoade-eilannen
geografy
lân Nij-Seelân
koördinaten49° 40′ SB, 178° 47′ EL
algemien
ynwennertalûnbewenne
sifers
oerflak± 22 km²
heechste punt366 m hege Mount Galloway
webside
Dep. of Conservation
kaart
Antypoade-eilannen (Oseaanje)
Antypoade-eilannen

De Antypoade-eilannen, of koartwei de Antypoaden, binne in groep fulkanyske eilannen dy't súdlik fan Nij-Seelân lizze, likernôch 650 kilometer súdeastlik fan Stewarteilân. Se lizze yn 'e gurdle fan subantarktyske eilannen tusken de 46° en 60° suderbreedte.

De groep bestiet út it 20 km² grutte haadeilân Antipodes Island, noardlik dêrfan it folle lytsere Bollons Island en wat lytse eilantsjes. It heechste punt is Mount Galloway (402 m). De eilannen binne opboud fan basalt dat minder as in miljoen jier ferlyn foarme waard. Oant 10.000 jier lyn ha der noch fulkaanútbarstingen west en der binne oanwizingen dat it gebiet noch jimmeroan fulkanysk aktyf is, mar goede dokumintaasje ûntbrekt.

De namme fan 'e groep wurdt ferklearre mei't de eilannen de antypoade fan Grut-Brittanje wêze soene. De echte antypoade fan Grut-Brittanje leit lykwols midden yn 'e Grutte Oseaan súdeastlik fan Nij-Seelân yn 'e buert fan 'e Antypoade-eilannen. Oarsom leit de antypoade fan 'e Antipoade-eilannen likernôch 3,5 km súdeastlik fan 'e fjoertoer yn it Normandyske doarp Gatteville-le-Phare yn 'e buert fan Cherbourg.

De earste dy't de Antypoade-eilannen yn kaart brocht wie de kaptein fan it Britske skip HMS Reliance, Henry Waterhouse. De fynst fan in ier Polynezysk stikje ierdewurk op it haadeilân yn 1896 tsjut op de eardere besikers fan it eilân. Dy skerf wurdt yn it Te Papa Tongarewa-museum fan Wellington bewarre.

Der waard eartiids besocht om fee op it eilân weidzje te litten, mar dat mislearre. Dêrnei waard in depot mei foarrieden oanlein foar skipbrekkelingen. De alve manlju fan it skip Spirit of Dawn, dat yn 1893 op 'e rotsen fan it haadeilân sloech, holden harren trije moannen yn libben troch it iten fan rauwe seefûgels om't hja net wisten fan it bestean fan in depot oan 'e oare kant fan it eilân. De manlju fan 'e President Felix Faure, dy't yn Anchorage Bay oan 'e noardlike kant fan it eilân yn 1908 ûndergie, makke wol gebrûk fan it depot. Yn 1999 fergie by de eilannen ek it skip Totorore, wêrby't twa minsken omkamen.

De eilannen binne ûnderdiel fan 'e Nij-Seelânske sub-antarktyske eilannen, dy't yn 1998 oan it wrâlderfgoed fan UNESCO tafoege waarden.

Ekologyske restauraasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2016 waard útein set mei it Million Dollar Mouse projekt fan it Nijseelânske Department of Conservation. It doel wie om 'e populaasje mûzen (Mus musculus) út te roegjen. Dy mûzen wisten om 1893 hinne mei de skipswrakken op it haadeilân te kommen en brochten skea oan 'e lânseigen floara en fauna. Mûzen frette net allinne lytse dierkes, mar ek sied en plantaardich materiaal. Dat hie grutte gefolgen foar de ynsekten op it eilân en oare wringeleaze dieren, wêrfan't de populaasjes lytser waarden. Teminsten twa lânseigen ynsekten stoaren út. Om 't se konkurearren mei fûgels om sied rûnen ek dy populaasjes tebek.

In juny waarden fanút helikopters gif-brokken fan anticoagulant-ies op it eilân ferspraat. Nei de bestriding waarden teams ynset om it eilân systematysk op oerlibjende mûzen te ûndersykjen. Yn 2018 waard it eilân mûzefrij ferklearre. Sûnt is der in dúdlike werstel fan 'e plante- en ynsektewrâld en in ferbettering fan 'e populaasjes fan 'e lânseigen dieren.

Opmerklike bisten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opmerklike floara

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Durvillaea antarctica;
  • Anisotome antipoda, Stilbocarpa polaris en oare saneamde megaherbs;
  • Pleurophyllum speciosum;
  • Colobanthus muscoides;
  • Ferskillende moassoarten en oare boaiembedekkers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: