Antonius Abttsjerke (Riel)
| Antonius Abttsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | Riel | |
| adres | Kerkstraat | |
| koördinaten | 51°31' N 5°1' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Bisdom Breda | |
| wijd oan | Antonius fan Egypte | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1895 | |
| boustyl | neogotyk | |
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 516998 | |
| Webside | ||
| www.parochiealphenriel.nl | ||
| Kaart | ||
De Antonius Abt-tsjerke is in tsjerkegebou yn Riel yn 'e gemeente Goirle yn 'e provinsje Noard-Brabân. De tsjerke stiet oan Kerkstraat 3 en it tsjerkhôf leit oan 'e eastlike kant efter de tsjerke.
De tsjerke is wijd oan Antonius fan Egypte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Riel waard yn 1444 in oan 'e hillige Katarina fan Aleksandrje wijde kapel boud. It doarp waard yn 1520 in selsstannige parochy en de kapel waard doe de parochytsjerke.
Sûnt 1629 waard de kapel sletten en ferhûze it fieren fan 'e Hillige Misse nei de pastorije. It waard yn 1641 te ûnfeilich foar de dûmny en dy pakte dêrom op. Oant 1673 bleau de beoefening fan it katolike leauwe ferbean. Doe ferhûzen de katoliken nei in skuorretsjerke foar it plak fan 'e âlde tsjerke oer. Dy waard yn 1764 útwreide.
Yn 1819 kaam de âlde tsjerke werom yn it besit fan 'e katoliken, dy't sûnt 1822 de tsjerke wer brûkten.
Yn 1897 waard de yn 1895 foltôge nije tsjerke, de hjoeddeiske Antonius Abt-tsjerke, ynwijd. Dy tsjerke is ûntwurpen troch arsjitekt P.J. van Genk en waard boud op it plein foar de âlde tsjerke. De âlde tsjerke waard dêrnei ôfbrutsen.
Yn 1925 fûn in útwreiding plak.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krúsfoarmige tsjerke waard yn neogoatyske styl boud en bestiet út in westlike toer mei yngong, in fjouwer traveeën lang skip, in dûbel dwersskip en in fiifsidich sletten koer fan ien travee. De fjouwerlidde toer hat in ynsnuorre spits op in fjouwerkante basis mei in iepen galerij en fjouwer dakkapellen. It skip en it koer ha in gearstald sealtek .
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske oargel waard yn 1927 boud troch de firma Vermeulen út Alkmar as pneumatysk ynstrumint mei 39 registers op trije manualen en pedaal. It ferfong in oargel fan 'e bruorren Franssen út Roermond, dat earder yn 'e âlde tsjerke stien hie.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
