Anton Reichenow
| Anton Reichenow | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 1 augustus 1847 | |
| berteplak | Charlottenburg | |
| stoarn | 6 july 1941 (93 jier) | |
| stjerplak | Hamburch | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | Biolooch | |
| aktyf as | ornitolooch, taksonoom | |
| bekendste wurk(en) | Die Vogel Afrikas | |
Anton Reichenow (Berlyn-Charlottenburg, 1 augustus 1847 - Hamburch, 6 july 1941) wie in Dútske ornitolooch en herpetolooch. Oan 'e ein fan 'e 19e iuw en it begjin fan 'e 20e iuw waard hy beskôge as ien fan 'e wichtichste fûgelsystematisten yn Dútslân en Europa.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reichenow wie de skoansoan fan Jean Cabanis en wurke oan it Museum für Naturkunde yn Berlyn fan 1874 oant 1921. Hy wie in saakkundige op it mêd fan yn Afrika foarkommende fûgels, yn it bysûnder Afrikaanske fûgels út 'e doetiidske Dútske koloanjes. Hy ûndernaam yn 1872 en 1873 wittenskiplike ekspedysjes troch West-Afrika en skreau in boek oer de fûgels fan Afrika (Die Vögel Afrikas, 1900 -05). Fierder wie er fan 1894 oant 1921 redakteur fan it faktydskrift Journal für Ornithologie (sûnt 2003 Journal of Ornithology).
Reichenow is bekend om syn klassifikaasje fan fûgels yn seis groepen. Hy brûkte derfoar aparte Ingelske nammen. De yndieling is nea breed akseptearre om't dy net op 'e sibskip tusken skiften oansleat, mar wurdt wol brûkt yn de Dewey Desimale Klassifikaasje, in systeem fan biblioteekyndieling. De groepen wiene:
- Shortwings – fûgels mei koarte wjukken, fral hineftigen (fazanten, kwartels, strúsfûgels en sibben).
- Swimmers – swimfûgels (wetterfûgels)
- Stiltbirds – de steltfûgels, langpoatige fûgels lykas kranen, ielreagers.
- Skinbills – fûgels sûnder fearren om snaffel of kop lykas pilekanen, gieren, kalkoenen.
- Yoketoes – fûgels mei oaniengroeide teannen (pappegaaien, koekoeken, hûpen en sibben).
- Treebirds – beamfûgels lykas sjongfûgels (Passeri) en oare yn beammen libjende fûgels.
Op de IOC World Bird List fan 2023 steane 13 geslachten, 165 soarten en mear as 360 ûndersoarten fan fûgels dy't troch Reichenow beskreaun binne. [1]
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Die Negervölker in Kamerun Berlyn, 1873).
- Vogelbilder aus fernen Zonen - Abbildungen und Beschreibungen der Papageien (Utjouwerij Von Theodor Fischer, Kassel, 1878-1883)
- Die deutsche Kolonie Kamerun (Berlyn, 1884).
- Die Vogelwelt von Kamerun (1890-1892).
- Die Vogelfauna der Umgegend von Bismarckburg (1893).
- Die Vögel Deutsch-Ostafrikas (Berlyn, 1894).
- Vögel des Weltmeeres (1908).
- Die Vögelfauna des mittelafrikanischen Seengebiets (Leipzig, 1911).
- Die ornithologischen Sammlungen der zoologischbotanischen Kamerunexpedition (Berlyn, 1911).
- Die Kennzeichen der Vögel Deutschlands (Utjouwerij Neumann, 1902)
- Die Vögel. Handbuch der systematischen Ornithologie (Stuttgart, 1913)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Dit artikel of in eardere ferzje dêrfan is, foar in part, oersetting fan it artikel en:Anton Reichenow op de Ingelsktalige Wikipedy
|