Antoarngroukopke

Ut Wikipedy
Antoarngroukopke
Carcharodus lavatherae.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Groukopflinters (Hespiriidae)
soarte
Carcharodus lavatherae

De Antoarngroukopke (Carcharodus lavatherae) is in soarte yn it skaai fan de Carharodus

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân komt de flinter net foar. De flinter komt wol foar yn Spanje, súd- Frankryk, Itaalje de Balkan en Grikelân. Hy fljocht fan 200 oant 1600 meter heech. De flinter hâldt fan drûge soere greiden. De flinter is it leafst op plakken mei in soad blommen. De populaasjes binne oer it generaal lyts. As it waarm is sykje de flinters plakken mei fochtige grûn om dêr te drinken.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht yn maaie, juny en july.

De flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Antoarngroukopke ûnderskiedt him fan oare groukopkes troch de griene glâns op de boppekant fan de wjukken en it lichem.

De rûp.[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De aaikes wurde ien foar ien ôfset op de blêden fan stachys soarten. De lytse rûpen meitsje spinsels mei blêden wêrûnder se ûnder it iten skûlje. Earst libje de rûpen fan de siedden fan de weardplant, letter ite se ek de blêden. Se oerwinterje yn it tredde of fjirde stadium as larve. De ferpopping fynt plak oan de ûnderkant fan de weardplant.


Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]