Springe nei ynhâld

Antarktyske stirns

Ut Wikipedy
Antarktyske stirns

taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiwytstirnzen (Sterna)
soarte
Sterna vittata
Lesson, 1831
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     wintergast

     stânfûgel
     trekfûgel


De Antarktyske stirns (Sterna vittata) is in Súdamerikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae) yn it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes).

De Antarktyske stirns is in middelgrutte wytstirns fan 41 sm lang mei yn it briedkleed in reade snaffel, reade poaten en in swarte mûtse. De boppedielen binne griis mei donkere punten en rânen oan 'e bûtenste fearren. De ûnderkant is ek griis, meastentiids mei in witige bân ûnder de swarte mûtse. De sturt is wyt.

Winterdeis is de fûgel witer, binne de poaten swart en is de snaffel minder read oant swart. De swarte mûtse is minder skerp ôftekene en de foarholle is wyt.

De soarte briedt op in oantal eilannen yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan, de súdlike Yndyske Oseaan en súdlik fan Nij-Seelân, mar hiel beheind op Antarktika sels. Nei de briedtiid migrearret er nei noardliker kriten oant súdlik Súd-Amearika en Súd-Afrika. De soarte wurdt ferdield yn twa groepen mei seis ûndersoarten, dy't op 'e folgjende plakken briede:

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei ûnbekende ûntwikkelling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: