Springe nei ynhâld

Antarktysk gebiet

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Antarktis)
In lânkaart fan 'e wrâld mei dêrop it Antarktysk gebiet ynkleure.

It Antarktysk gebiet of de Antarktis is yn 'e biogeografy ien fan 'e acht ekosônes fan 'e wrâld. De namme ferwiist nei Antarktika, it sânde wrâlddiel, dat yn it Súdpoalgebiet leit. Njonken it Antarktyske fêstelân omfettet it ek ferskate Antarktyske en Subantarktyske eilannen en eilannegroepen yn 'e Súdlike Oseaan en de súdlike dielen fan 'e Atlantyske en Yndyske Oseaan, wêrûnder Bouvet, de Crozeteilannen, Heard en de McDonaldeilannen, Kerguelen, de Prins Edwardeilannen, Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen, de Súdlike Orkney-eilannen en de Súdlike Sjetlâneilannen.

As ekosône karakterisearret it Antarktysk gebiet him troch grutte kjeld, dy't it hiele jier rûn oanhâldt. It is der wier sa kâld, dat der op it fêstelân al miljoenen jierren mar twa soarten blêdplanten foarkomme: it Antarktysk bjindergers (Deschampsia antarctica) en it Antarktysk parlemoerkrûd (Colobanthus quitensis). Dy komme ek nochris inkeld foar yn 'e noardlike en westlike dielen fan it lange Antarktysk Skiereilân, dat in ein de see yn stekt. De Antarktyske floara bestiet tsjintwurdich fierder út likernôch 250 soarten koarstmoassen, 100 soarten moassen, 25–30 soarten levermoassen en sa'n 700 terrestryske en akwatyske soarten algen. Op soölogysk mêd komme op Antarktika fral pinguïns en seehûnen foar.

De Antarktyske en fral de Subantarktyske eilannen hawwe in klimaat dat in bytsje mylder is as dat fan it Antarktyske kontinint, hoewol't it ek dêr te kâld en wynderich is foar it bestean fan beammen. Wol komt der in grut bioferskaat oan toendraplanten foar, en teffens helte mear seefûgels, lykas de kelpmiuw (Larus dominicanus), de Antarktyske stirns (Sterna vittata), de Kerguelenstirns (Sterna virgata), de swartsnaffeliishin (Chionis minor), de bûntsnaffeliishin (Chionis albus) en de súdlike pylksturt (Anas eatoni).

It Antarktysk gebiet kin opdield wurde yn 17 ûnderskate lytsere ekoregio's, wêrûnder fyftjin soarten toendra op it Antarktyske kontinint, mei dêropta de toendra fan 'e eilannen yn 'e Scotiasee en de toendra fan 'e eilannen yn 'e súdlike Yndyske Oseaan.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


ekosônes yn de biogeografy
Afrotropysk gebiet Antarktysk gebiet Australazysk gebiet Holarktysk gebiet (Neärktysk gebiet + Paleärktysk gebiet) Yndomaleisk gebiet Neotropysk gebiet Oseänysk gebiet