Annie Catharina Kleefstra
| Annie Catharina Kleefstra | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Annie Catharina Kleefstra | |
| oare namme | Annie Adema van Scheltema | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 12 augustus 1884 | |
| berteplak | De Lemmer | |
| stoarn | 22 maart 1977 | |
| stjerplak | Amsterdam | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| berop/amt | bibletekaresse, argivaris, ynstitútdirekteur | |
Annie Catharina Kleefstra, ek wol bekend as Annie Adema van Scheltema, (De Lemmer, 12 augustus 1884 – Amsterdam, 22 maart 1977) wie in Frysk bibletekaresse, argivaris en úteinlik ynstitútdirekteur fan it ferneamde Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale Skiednis (IISG).
Sy wie de dochter fan Jentje Johan Kleefstra (1860-1929) en Elisabeth Klein (1859-foar 1899).[1] Op 24 oktober 1907 troude sy mei de dichter Carel Steven Adama van Scheltema. It pear krige gjin bern. Sy is it meast bekend fan 'e IISH-kolleksje. Yn 1935 waard sy beneamd ta bibletekaresse fan it nij iepene ynstitút. Kleefstra die bliken in bysûnder assertyf oanskaffer fan bedrige en literêr erfgoed te wêzen.
Yn de oarloch hawwe de Dútsers it IISH leechmakke. Nei de oarloch slagge it Kleefstra om it hiele argyf yn Hannover op te spoaren en werom te bringen nei Nederlân.
Annie Kleefstra ferstoar op 22 maart 1977 yn Amsterdam, yn 'e âldens fan 93 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|