Anne Mountbatten Windsor
| Anne Mountbatten Windsor | ||
| Anne Mountbatten-Windsor (2023) | ||
| echte namme | Anne Elizabeth Alice Louise Mountbatten Windsor | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 15 augustus 1950 | |
| berteplak | Londen | |
| dynasty | Windsor | |
| Princess Royal | ||
| amtsperioade | 1987- | |
| foargonger | Mary Windsor | |
Anne Elizabeth Alice Louise Mountbatten Windsor (Londen, 15 augustus 1950) prinses fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân, is it twadde bern en de iennige dochter fan de Britske keninginne Elizabeth II en prins Philip. Prinses Anne draacht sûnt 1987 de dynastike titel Princess Royal. Dizze titel is reservearre foar de âldste dochter fan 'e Britske monarch. Anne is achttjinde yn line foar Britske troanopfolging.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prinses Anne krige earst priveeles op Buckingham Palace en gie dêrnei nei in kostskoalle yn Kent. As ruter hat se meidien oan de Olympyske Simmerspullen 1976. Sûnt 1988 is se lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee. Sûnt 1994 is se Lady of the Garter (LG) yn de Oarder fan de Hoasbân.
Prinses Anne boaske op 14 novimber 1973 mei Mark Phillips. It pear krige twa bern Peter berne yn 1977 en Zara berne yn 1981. It houlik rûn yn 1992 op 'e non. Prinses Anne boaske op 12 desimber 1992 mei Tim Laurence, in adjudant fan keninginne Elizabeth. Se moasten yn in Skotske tsjerke trouwe, om't de Ingelske Tsjerke skieden minsken ferbiedt om op 'e nij te trouwen yn 'e tsjerke, salang't de eks-partner noch libbet.
Stambeam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
