Anna Koernikova

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anna Kûrnikova)
Anna Koernikova op 15 april 2002
Anna Koernikova

Anna Sergejevna Koernikova (ek faak stavere as Kournikova; Russysk: Анна Сергеевна Курникова, sekuere transliteraasje: Anna Sjergjejevna Kurnikova) (Moskou, 7 juny 1981) is in Russyske eardere beropstennisspylster. Hja wennet op 't heden yn Miami, Floarida, yn de Feriene Steaten en hat sûnt 2010 de Amerikaanske nasjonaliteit

Hoewol't Koernikova lange tiid yn de top 20 fan de wrâldranglist stien hat, wûn hja nea in profesjoneel toernoai yn it inkeltspul. Sy hat wol in pear kear de heale finale en de finale fan een grut toernoai helle.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 waard Anna Koernikova troch de lêzers fan it tydskrift FHM ta meast kreze frou fan de wrâld keazen. Koernikova hie in lytse rol (as motelmanager) yn de film Me, Myself and Irene, dêr't ek Jim Carrey yn spile.

Koernikova hat sûnt 2001 in relaasje mei sjonger Enrique Iglesias. Sy krigen kunde oan elkoar op de set fan de fideoklip foar syn hit Escape.

Plakken op de WTA-ranglist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Posysje op de ein fan it seizoen:

Jier rang
inkeltspul
rang
dûbeltspul
2003 305 176
2002 35 11
2001 74 26
2000 8 4
1999 12 1
1998 13 10
1997 32 40
1996 65 78
1995 281

Ut de lapekoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Der is in pokerkombinaasje nei Anna Koernikova ferneamd, nammentlik aas-hear, yn it Ingelsk ek wol AK (Ace-King), ûnder it biedwurd sjocht der moai út, wint lykwols komselden.
  • Der is in Nederlânsk kompjûterfirus nei har ferneamd.
  • Sy krige ek de bynamme Lolita.

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]