Springe nei ynhâld

Anita Terpstra

Ut Wikipedy
Anita Terpstra
skriuwer
Anita Terpstra (Fotograaf Keke Keukelaar)
Anita Terpstra
(Fotograaf Keke Keukelaar)
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonymRosa Steen (foar de Trouw-Skrillerwedstriid)
nasjonaliteit Nederlânsk
berne1974
berteplakHallum
etnisiteit Frysk
wurk
taalNederlânsk, Frysk
sjenreskriller, roman, non-fiksje
útjouwerEarder: Utjouwerij Thomas Rap, Utjouwerij Cargo
offisjele webside
Profyl útjouwerij Cargo

Anita Terpstra (Hallum, 1974) is in Nederlânske skriuwster en resinsint foar de Ljouwerter Krante. Foar har boek Nachtvlucht waard se nominearre foar de Schaduwprijs foar bêste thrillerdebút en foar Samen waard se nominearre foar de Gouden Strop. Se jout ek lêzingen. Terpstra har skrillers binne ek yn Dútslân en Frankryk útjûn.

Terpstra studearre sjoernalistyk yn Swol. Nei har stúdzje sjoernalistyk ferhuze se nei Amsterdam, mar de stêd wie te oerweldigjend foar har. Se ferhuze op 'e nij, nei Grins, en folge in stúdzje keunstskiednis. Yn dy perioade wurke se ek as freelancer foar it tydskrift Viva. Se moete har partner en sy setten har nei wenjen yn Ljouwert. Yn 2007 die se ûnder de skûlnamme "Rosa Steen" mei oan de Trouw-Thrillerwedstriid en wûn de tredde priis. Se folge in masterclass skriuwen by Paul Sebes dy 't har yn kontakt brocht mei Cargo, ûnderdiel fan De Bezige Bij.

  • Dierbaar (2011)
  • Nachtvlucht (2012)
  • Overmand (2013)
  • Stilzwijgen (2013)
  • Anders (2014)
  • Samen (2016)
  • Vonk (2018)
  • The challenge (2019)
  • Het huis vol: Een geschiedenis van het naoorlogse grote gezin (2018)
  • Moedermaffia: over buiken, baby's en ander ongemak (2020)
  • Het huis van berouw (2021)
  • Al mijn moeders (2022)
  • Hiltje yn Pella. In Friezinne (1805-1898) op syk nei in better libben yn Amearika (boekewikegeskink 2023)
  • De hoop van Holwerd. Het verhaal van een dorp, een eiland en een zee (2025)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: