New York Comic Con

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
New York Comic Con
New York Comic Con logo.png
plak en tiid
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of New York.svg New York (steat)
plak Flag of New York City.svg New York (stêd)
holden yn it Jacob K. Javits Convention
   Center
tiid fan it jier oktober
bysûnderheden
ôfkoarting NYCC
soarte evenemint konvinsje
sjenre strips, manga, anime, ensfh.
bestean 2006 – no
oprjochter Greg Topalian
org. troch ReedPop
offisjele webside
www.nycomiccon.com

De New York Comic Con (net te betiizjen mei de Big Apple Comic Con) is in konvinsje op it mêd fan strips en oanbesibbe media dy't elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e Amerikaanske stêd New York. De namme is in ferkoarte foarm fan New York Comic Convention, "New Yorkske Stripkonvinsje". Behalven Westerske strips beslacht it evenemint ek Japanske manga en anime, grafyske romans, fideospultsjes, boartersguod en mei strips ferbân hâldende films en tillefyzjesearjes. Der fynt ek gâns cosplay plak. De New York Comic Con bestiet sûnt 2006. Yn 2012 gie it Animefestival fan New York deryn op. De organisaasje is yn 'e hannen fan ReedPop, in difyzje fan Reed Exhibitions.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2006 waard de New York Comic Con foar it earst holden op inisjatyf fan Greg Topalian, de doetiidske adjunkt algemien direkteur fan Reed Exhibitions. Om't Reed op dat stuit inkeld ûnderfining hie mei de organisaasje fan fakbeurzen, hie men yn 't foar net de massale tarin fan publyk (fan 33.000 minsken) foarsjoen op in seal yn it Jacob K. Javits Convention Center dêr't mar 10.000 minsken yn koene. Fierdere tagong dêrta waard sadwaande op in stuit troch de brânwacht, út feilichheidsomtinkens, ferhindere, mei as gefolch dat wichtige earegasten lykas akteur Kevin Smith en striptekener Frank Miller der ek net yn koene. It evenemint einige sadwaande yn in debakel, mar Reed ûnthiet betterskip foar it folgjende jier.

De New York Comic Con fan 2007.

Foar de edysje fan 2007 hie Reed de ôfhierde romte ferdûbele en wie de konvinsje sadwaande ferhuze nei de boppeferdjipping fan it Javits Convention Center. De planning en ôfhanneling wie yn alle opsichten better. It evenemint rekke noch altyd útferkocht, mar der ûntstie gjin gaos mear, lykas it foargeande jier bard wie. De earste beide edysjes waarden holden yn febrewaris, mar yn 2008 waard de New York Comic Con ferskood nei april. Fan 2010 ôf waard it evenemint omreden fan oare klanten by it Javits Convention Center en de oprjochting fan it Chicago Comic & Entertainment Expo troch Reed op 'e nij ferskood, diskear nei oktober. Sûnt hat de konvinsje altyd yn de moanne plakfûn.

De tarin fan 'e New York Comic Con woeks ûnderwilens elts jier oan, en yn 2014, doe't der 151.000 belangstellenden op ôf kamen, wie de New York Comic Con de grutste stripkonvinsje fan New York wurden. Yn 2017 wiene der mear as 200.000 besikers, en yn 2018 mear as 250.000. Yn 2020 gie de New York Comic Con oer fanwegen de koroanapandemy.

Animefestival fan New York[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cosplay (as Kratos út 'e fideospultsjerige God of War) op 'e New York Comic Con fan 2017.

Fan 2007 oant en mei 2011 waard njonken de New York Comic Con troch ReedPop elts jier yn desimber yn it Javits Convention Center ek it Animefestival fan New York (Ingelsk: New York Anime Festival) organisearre. Dat wie in filmfestival dat wijd wie oan anime. It evenemint moat net betize wurde mei it Big Apple Anime Fest of Anime NYC, dat oare mar soartgelikense eveneminten yn New York binne. Yn 2012 gie it Animefestival fan New York op yn 'e New York Comic Con.

Hjoeddeistige sitewaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De New York Comic Con wurdt organisearre troch ReedPop, in difyzje fan Reed Exhibitions. Dat bedriuw is sels wer in dochterûndernimming fan útjouwerij Reed Elsevier. De New York Comic Con hat gjin konneksje mei de folle âldere en ek bekendere San Diego Comic-Con fan San Diego, en likemin mei de Big Apple Comic Con yn New York (foarhinne de Big Apple Convention), dy't organisearre wurdt troch Wizard Entertainment. ReedPop organisearret wol ferskate oare stripkonvinsjes, wêrûnder it Chicago Comic & Entertainment Expo (C2E2) en it Penny Arcade Expo (PAX). De fêste lokaasje fan it New York Comic Con is noch altyd it Jacob K. Javits Convention Center yn 'e borough Manhattan.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.