Springe nei ynhâld

Angoleesk blaufinkje

Ut Wikipedy
Angoleesk blaufinkje

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprachtfinken (Estrildidae)
skaaiblaufinkjes (Uraeginthus)
soarte
Uraeginthus angolensis
Linnaeus, 1758
IUCN-status:

It Angoleesk blaufinkje (Uraeginthus angolensis) is in fûgeltsje yn it skaai blaufinkjes (Uraeginthus) út 'e famylje prachtfinken (Estrildidae).

It Angoleesk blaufinkje is likernôch 12 sintimeter lang en fan boppe griisbrún mei op 'e kiel, it boarst, de siden en de stút in ljochtblauwe kleur. De snaffel is koart, kegelfoarmich en ljochtgriis oant ljochtfiolet-blau. De rânen en de punt fan 'e snaffel binne faak donkerder. By jonge fûgels is de snaffel hielendal swart. De poaten binne fleiskleurich en de eagen binne donkerbrún oant readbrún mei in smelle, ljochtblauwe eachring.

It wyfke is wat ljochter en it blau rint by har minder fier troch oer it boarst. Under en by de anaalstreek is it wyfke oranjebrún.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Angoleeske blaufinkjes komme yn Sintraal- en East-Afrika foar. Der binne ek populaasjes op 'e eilannen fan Sao Tomee en Prinsipe en op Sansibar, dêr't se mooglik troch minsken yntrodusearre binne.

Se hawwe in grutte foarkar foar iepen savannes mei stikelstrûken, benammen dêr't de Acacia tortilis (paraplustikelbeam) groeit. Hoewol't se yn drûch gebiet libje, moat der altiten wetten yn 'e buert wêze. Se wurde ek oan rânen fan boerelân, grutte tunen en by doarpen of yn iepen Mopane-bosken sjoen, mar se mije ticht bosk.

Ûndersoarten fan it Angoleeske blaufinkje:

Undersoarte Fersprieding
U. a. angolensis (nominaatfoarm) Sao Tomee, it súdwesten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, it noarden fan Angoala en it noardwesten fan Sambia.
U. a. cyanopleurus It suden fan Angoala, it súdwesten fan Sambia, it noardwesten fan Simbabwe en it noarden fan Botswana.
U. a. niassensis Fan it easten fan Tanzania oant it midden en easten fan Sambia, Malawy, Mozambyk, it suden fan Simbabwe en it easten fan Súd-Afrika.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: