Angers
| Angers | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Lannen fan de Loire | |
| Departemint | Maine-et-Loire | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 159.022 (2022)[1] | |
| Oerflak | 42,71 km² | |
| Befolkingsticht. | 3 723 ynw./km² | |
| Stêdekloft | 250.031 ynw. (2022) | |
| Hichte | 12-64 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 49000, 49100 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Koördinaten | 47°28' N 0°33' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.angers.fr | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
Angers is in stêd yn 'e regio Lannen fan de Loire yn it departemint Maine-et-Loire, Frankryk. De stêd leit yn it westen fan it lân op likernôch 300 súdwestlik fan 'e Frânske haadstêd. De stêd is de haadstêd fan it departemint en it gebiet om Angers hinne stiet bekend as de histoaryske krite Anjou.
Angers is in yndustrystêd en leit yn in gruttere stêdekloft mei likernôch 250.000 ynwenners. Ynwenners wurde Angevins neamd. De stêd datearret út 'e Gallyske tiid en waard oan 'e iggen fan 'e Maine boud. Angers is foar in grut part oanlein mei brede en rjochte strjitten en parken. Frânsen fine faak dat it Frânsk dat yn Angers praat wurdt it meast suver is. De stêd stiet ek bekend as blommestêd fanwegen syn blommemerken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al sûnt it Neolitikum wurdt it plak bewenne. Yn 'e lêste iuwen foar it begjin fan 'e jiertelling wenne dêr in Keltyske stamme mei de namme Andecavi, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e La-Tène-kultuer. De stêd, lykas de krite Anjou, hat syn namme oan dat folk te tankjen. Harren fersterkingen leinen op in heuvel boppe de Maine.
Gallo-Romeinske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under it bewâld fan keizer Augustus waard de haadstêd fan 'e Andecavi Juliomagus neamd. Argeologyske opgravings hawwe de oerbliuwsels fan in foarum, in amfiteäter, termen en in timpel foar Mithras oan it ljocht brocht. De stêd besloech 70 hektare en hie in befolking fan trije oant fiiftûzen ynwenners. Oan 'e ein fan 'e 3e iuw luts de stêd him werom efter muorren op it plak fan 'e eardere Gallyske fersterking. De 1.200 meter lange muorre wie oant tolve meter heech, beskerme troch tuorren, en omfieme in oerflak fan njoggen hektare.

Yn 'e twadde helte fan 'e 4e iuw wûn it kristendom terrein yn 'e stêd. Biskop Martinus fan Tours stifte in tsjerke op it plak fan 'e hjoeddeiske katedraal. Op 'e 4e-iuwske Peutingerkaart wurdt it plak Iulomago neamd. Om 500 hinne waard de namme fan 'e stêd feroare yn civitas Andecavorum of Andecavis. Dat waard letter Andegavis (861–882), Angieus (1127), Angeus (1205), Angiers (12e iuw) en lang om let Angers.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 9e iuw waard Angers ferskate kearen plondere troch Wytsings. It greefskip, letter it hartochdom Anjou, ûntwikkele him doe mei Angers as haadstêd en residinsje. Oant 1205 wie dat ûnderdiel fan it Angevynske Ryk fan Plantagenet, dêr't doe ek Ingelân ûnder foel. De stêd wie al in kultureel en wittenskiplik sintrum yn 'e lette midsiuwen. Sûnt 1337 wie der in universiteit dêr't teology, rjocht en medisinen studearre wurde koe. Yn 1530 reizge de Ingelske kening Hindrik VIII nei Angers om de universiteit te rieplachtsjen oer de beëiniging fan syn houlik mei Anna Boleyn.
Letter krige de Frânske kroan jimmeroan mear ynfloed. Yn 1474 naam Loadewyk XI fan Frankryk hast sûnder striid de stêd yn in ferrassingsmanoeuvre oer fan René I fan Anjou. Sûnt 1480 wie de kening fan Frankryk ek hartoch fan Anjou.
Iermoderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Al yn 1523 bekearden guon fan 'e ynwenners fan Angers har ta it protestantisme. Yn 1560 fûn yn Angers in opskuor mei in byldestoarm plak, bekend as Journée des mouchoirs (Dei fan 'e bûsdoeken), om't de protestanten, dy't de stêd oernamen, harren hoeden fersierden mei wite bûsdoeken. Katolike troepen dy't fan earne oars oproppen waarden, soargen al gau foar it werstel fan 'e oarder. De lêste klap foar de protestanten yn Angers wie de Bartoloméusnacht fan 1572, dat ek yn Angers ta in bloedbad late. De 17e en iere 18e iuw wiene tiden fan delgong en in minne tiid foar de stêd. Angers waard geregeldwei pleage troch oerstreamingen, hongersneden en pestepidemyën. Ek ferlear de stêd in soad fan har eardere privileezjes as gefolch fan in opstân yn 1649 dy't ferbân hie mei La Fronde. It wie earst yn 'e lette 19e iuw dat de sitewaasje dúdlik ferbettere, foar in part troch de ûntwikkeling en modernisaasje fan túnbou, wynbou en beamkwekerijen yn it gebiet.
Moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it útbrekken fan 'e Frânske Revolúsje waard ek Angers meisleept en de stêd waard in revolúsjonêr bestjoerssintrum foar West-Frankryk. Yn 'e tiid fan 'e Terreur (1793-1794) waarden in soad tsjinstanners fan 'e Revolúsje oppakt. Prysters, royalisten en fertochte kontrarevolúsjonêren waarden opsletten yn it kastiel of eksekutearre. Mei it útbrekken fan 'e opstân yn'e Vendée tsjin it revolúsjonêre bewâld (1793) bleau Angers yn hannen fan 'e revolúsjonêren en de stêd rekke grôtfol mei finzenen út de Vendée.
Yn 1829 stifte Maria Euphrasia Pelletier in dochterkleaster fan Us Leaffrou fan Leafde yn Angers. Hja stifte yn 1835 stifte in folslein nije Kongregaasje fan Us Leaffrou fan Leafde fan de Goede Hoeder. De oarder krige yn 'e 20e iuw yn in soad lannen in minne namme fanwegen de twangarbeid dy't oplein waard oan jonge famkes. It memmekleaster fan dizze oer de hiele wrâld fersprate oarder sit noch jimmeroan yn Angers.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wie de stêd foar in skoft de residinsje fan it troch Nazy-Dútslân besette Poalen, om't it ferballe regear fan dat lân dêr oant de Dútske oanfal op Frankryk fêstige wie. Yn juny 1940 moast it Poalske regear op 'e nij flechtsje en no nei Londen, dêr't it ferballe regear oant 1990 bleau. Yn 1942 waard Angers it haadkertier fan 'e Frânske ôfdieling fan 'e Gestapo en in sintrum foar de deportaasjes fan joaden nei Auschwitz. Yn maaie 1944 rekke de stêd swier skansearre troch in allieard bombardemint, wêrby't 422 minsken omkamen. De befrijing fan Angers folge op 10 augustus 1944.
Nei 1950 begûn in rappe ekonomyske ûntwikkeling en stedsútwreiding. Kultureel toerisme waard ek befoardere troch de oprjochting fan musea en de restauraasje fan histoaryske gebouwen. Yn 2005 waard de ekonomyske ûntwikkeling ynstitúsjonalisearre as in nasjonaal sintrum foar túnbou, beamteelt, plantefokkerij, wynbou, en soksoarte dingen troch de oprjochting fan 'e pôle de compétitivité op agrarysk mêd mei de namme Végépolys.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oerflak fan Angers wie op 1 jannewaris 2023 42,71 fjouwerkante kilometer; de befolkingstichtens wie 3.723,3 ynwenners de km².
De Maine wurdt benoarden it stedssintrum yn 'e gemeente foarme troch de gearrin fan 'e rivieren de Sarthe en de Mayenne. It oerstreamingsgefaarlike Île Saint-Aubin leit tusken de twa earms fan 'e rivier. Yn it ferline feroarsake de Maine oerstreamingen yn 'e legere dielen fan Angers. Yn 1910 feroarsake de rivier swiere oerstreamingen yn 'e maitiid en hjerst. In pear kilometer súdlik fan Angers mûnet de Maine út yn 'e Loire.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Angers hat in ryk erfgoed en de stêd krige yn 1986 it de klassifikaasje Ville d'art et d'histoire. It neamen wurdich binne ûnder oaren:

- It 13e-iuwske kastiel fan Angers. It stiet oan 'e igge fan 'e rivier de Maine. Yn it kastiel wurdt it Apokalyps-tapyt út de ein fan 'e 14e iuw bewarre. De muorren ha 17 tuorren en fierder is der in Frânske en in midsiuwske tún, de grêften en de Angevynske goatyske Sint-Lauduskapel (Saint-Laud).
- De goatyske Mauritsiuskatedraal (12e-13e iuw) behearsket it stedsbyld. Opmerklik binne de brânskildere ramen fan it 13e-iuwske koer en it kostbere meubilêr, wêrûnder in moarmeren byld fan Sint-Sesilia fan Pierre-Jean David (1788–1856).

- Yn 'e restaurearre kleastertsjerke fan 'e abdij fan Toussaint (13e iuw), is sûnt 1984 in museum mei wurk fan Pierre-Jean David ûnderbrocht. De yn 1815 ynstoarte goatyske ferwulften waarden oan 'e ein fan 'e 20e iuw troch in glêzen dak ferfongen.
- Fan 'e abdij fan Saint-Aubin is allinnich de 12e-iuwske toer oerbleaun.
- It Hôtel du Croissant (15e iuw)
- It Logis Barrault hotel is it âldste stedspaleis yn Angers (1486-1493) en no it Musée des Beaux-arts.
- It Hôtel de Pincé (Logis de Pincé) is in renêssânsestedspaleis (1525-1535) en tagelyk it Turpin-de-Crissé Museum mei Grykske, Etruskyske, Egyptyske, Sineeske en Japanske keunst.

- Der binne ferskillende fakwurkhûzen lykas it 'Maison d'Adam', it moaiste fakwurkhûs yn 'e stêd (1491).
- It Place du Ralliement is it sintrale plein mei as meast opfallend gebou de monumintale gevel fan it teäter.
- Oare tsjerken:
- Sinte-Marten (Saint-Martin) is ien fan 'e bêste bewarre Karolingyske monuminten fan Frankryk. Yn 'e restaurearre tsjerke is it museum Témoin de l'histoire et du rayonnement de l'Anjou, dat wijd is oan 'e skiednis fan 'e tsjerke
- De Sint-Sergiustsjerke (Saint-Serge) is in goatysk monumint.
- De Sint-Samsontsjerke (Saint-Samson) datearret fan 1006.
- La Doutre is in âlde wyk op 'e rjochter igge fan 'e Maine mei as toeristyske attraksjes:
- it skildereftige Place de la Laiterie;
- ferskillende fakwurkhûzen wêrûnder it 'Maison de l'apothicaire Simon Poisson' (1582);
- de 12e-iuwske Trije-ienheidstsjerke (Eglise de la Trinité) mei de 16e-iuwske klokketoer;
- de abdijtsjerke fan 'e Abdij du Ronceray (1060-1119);
- it âlde pakhûs Saint-Jean;
- it Angevynsk-goatyske hospitaal Saint-Jean, ien fan 'e âldste noch besteande Frânske hospitalen (1175). Yn it hospitaal is it 'Musée Jean-Lurçat et de la Tapisserie contemporaine' ûnderbrocht. Yn 'e sikeseal is it ûnbidich grutte tapyt 'Le Chant du monde' (1957) fan Jean Lurçat te sjen, it moderne antwurd op it tapyt fan 'e Apocalyps yn it kastiel Angers.
- De toer fan 'e Haute-Chaîne ('tour des Anglais') makke eartiids diel út fan 'e midsiuwske ferdigeningswurken.
- Le Quai is in hjoeddeisk kultuersintrum út 2007 mei û.o. Le Nouveau Théâtre d'Angers. It panoramyske terras fan it teäter sjocht út op 'e Maine en op it kastiel.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1793 | 1856 | 1901 | 1926 | 1962 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2008 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 33.900 | 50.726 | 82.398 | 86.260 | 115.273 | 137.591 | 136.038 | 141.404 | 151.279 | 148.405 |
| Jier | 2016 | 2021 | ||||||||
| Ynwenners | 151.229 | 157.175 |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
